Fryske Wâlden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 27: Rigel 27:
* [http://www.noardlikefryskewalden.nl Webstee fan de Noardlike Fryske Wâlden]
* [http://www.noardlikefryskewalden.nl Webstee fan de Noardlike Fryske Wâlden]


[[Kategory:Diel fan Fryslân]]
[[Kategory:De Wâlden| ]]


[[nl:Friese Wouden]]
[[nds-nl:Friese Woolden]]
[[nds-nl:Friese Woolden]]
[[nl:Friese Wouden]]

De ferzje fan 30 jul 2010 om 01.46

Houtwâl yn de Wâlden

De Fryske Wâlden (meast koartwei De Wâlden neamd) is in streek yn it easten fan Fryslân mei in eigen karakter dat net foarme is troch see of troch lânwinst op de see. Ta De Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten Kollumerlân, Dantumadiel, it grutste part fan Tytsjerksteradiel (súdlik fan de Wâldwei), Achtkarspelen, Opsterlân, Smellingerlân en it noardlik part fan Eaststellingwerf rekkene. Ek in grut part fan de Grinslanner gemeente Gruttegast heart lânskiplik, etnografysk, kultureel en taalkundich ta de Fryske Wâlden.

De Wâlden binne it gebiet fan ien fan de grutte Fryske dialekten: it Wâldfrysk. Ek fierders binne der kulturele ferskillen mei de oare parten fan Fryslân.

Skiednis

De earste delsettings yn de noardlike wâlden stamje fan foar 1200, de omkriten wienen tinbefolke. Yn de Midsieuwen waard ûnder lieding fan de kleasters begûn mei it stekken fan turf foar brânstof wêrby't allinnich de lege feangebieten ôfgroeven waarden. Troch de kleasters waard ek in soad woeste grûn yn kultuer brocht.

Nei de skieding mei Spanje kamen de Hollânske steden ta bloei en nei 1580 naam de fraach nei turf hiel bot ta, dêr't in protte jild mei fertsjinne waard. Fral de aadlike famyljes hawwe hjirby in wichtige rol spile.

De heidefjilden wienen skrale sângrûnen. Mei de komst fan keunstdong om-ende-by 1900 waarden dizze ynienen wol ynteressant. Yn inkele desinnia waard it meastepart fan de heidefjilden yn kultuer brocht.

Lânskip

It gebiet leit meast heger as it noarden en westen fan de provinsje, en bestiet út sân- en feangrûn. De Fryske wâlden lizze oan de noardwestside fan it Drintsk Plato en troch beken en rivierkes binne brede beekdalen ûntstien, fan inoar skieden troch sânrêgen. De streek hat har namme te tankjen oan de protte bosken en houtwâlen, mar tsjintwurdich wol dat net sizze dat "wâld" in boskgebiet is, it is mear in gebiet mei leech hout. De houtwâlen om de greiden en ekers soargje foar it karateristike lytsskalige kûlisselânskip. Fierders falle de lytse pleatskes op. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden;

Befolking

De befolking fan De Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnder Westfalen, Saksen, joaden en sigeuners. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan.

Kultureel en taalkundich

De Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter. De taal dy't hjir sprutsen wurdt, it Wâldfrysk wykt op ferskate punten ôf fan it Frysk fan de Klaaistreek en de Súdwesthoeke.

Bewenners fan de Wâlden wurde wol 'wâldpiken', 'wâldsjers' of 'heidepiken' neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hawwe by guon noch de namme dat se koart foar de kop binne en gau mei it knyft klear steane. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk "Myn Herder is myn redder". Dêrmei net referearjend oan Usleavenhear mar oan in bûsmes fan it merk Herder dat sa'n bytsje ta harren standertútrissing skynde te hearren.

Yn guon dingen binne ek westliker parten fan Sânwâlden besibbe mei de Wâlden, en wurde dêr ek ta rekkene.

Keppeling om utens