Middelsee: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
-kat
Rigel 14: Rigel 14:


[[Kategory:Middelsee| ]]
[[Kategory:Middelsee| ]]
[[Kategory:Ferdwûn Frysk wetter]]


[[en:Middelzee]]
[[en:Middelzee]]

De ferzje fan 29 jul 2010 om 14.16

De Middelsee

De Middelsee , ek wol Bordine neamd, wie yn de Midsieuwen de mûning fan de Boarn, dêr't it tij it frij hie. De Middelsee foarme de ôfskieding tusken Westergoa en Eastergoa, en rikte hast sa súdlik as Snits, dat begûn is op de himdyk fan de Middelsee.

Yn de rin fan 'e tiid is de Middelsee hieltiid fierder tichtslike; de gebieten dy't sa ûnstienen, waarden de Nije lannen neamd. Sa is der it doarp Nijlân, mar der binne ek ferskate doarpen dêr't it part dat ea Middelsee west hat noch "it Nijlân" hjit. Dat it giet om nij lân is noch te sjen oan it lytse tal doarpen yn it gebiet fan de eardere Middelsee, de fruchtbere seeklaai is foar fierwei it grutste part as weidlân yn gebrûk naam.

De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de Swette. As feart rint dy tsjinwurdich fan Snits nei Ljouwert, mar de oarspronklike skieding rûn troch oant it begjin fan it Bilt oan ta.

Tsjin de 15e ieu wie de Middelsee net oars mear as in grutte trachterfoarm yn de Fryske noardkust. Fan de 16e ieu ôf, is út it ynpolderjen fan dy trachter it Bilt woeksen, dat no hiel de mûning fan de Middelsee follet.

Histoaryske nammen foar de Middelsee:
Bordaa, Borndiep, Boerdiep, Bordena as Bordine.

De namme Middelsee wurdt sûnt 1 desimber 2005 ek brûkt foar it Middelseeferbân.