Meidogger oerlis:Streuper: ferskil tusken ferzjes

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 38: Rigel 38:


Middei Streuper, ik sjoch niiskrekt datsto by guons artikel dêr't "te boppen" ynstiet "te boppe" fan makkest. Stavering is net myn sterkste punt, mar is it net sa dat nei "te .." it wurd altiten op in "n" einige moat. Neffens my hawwe ik sa leard. Groetnis --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 26 jun 2010, 16.06 (CEST)
Middei Streuper, ik sjoch niiskrekt datsto by guons artikel dêr't "te boppen" ynstiet "te boppe" fan makkest. Stavering is net myn sterkste punt, mar is it net sa dat nei "te .." it wurd altiten op in "n" einige moat. Neffens my hawwe ik sa leard. Groetnis --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 26 jun 2010, 16.06 (CEST)
:Dei Geoffrey]], Meastal is it boppe, mar "fan boppen" en "nei boppen" kin ek en it is "boppenatuerlik" en "eat te boppe gean". Wat is wiisheid? --[[Meidogger:Streuper|Streuper]] 26 jun 2010, 16.16 (CEST)
:Dei Geoffrey, Meastal is it boppe, mar "fan boppen" en "nei boppen" kin ek en it is "boppenatuerlik" en "eat te boppe gean". Wat is wiisheid? --[[Meidogger:Streuper|Streuper]] 26 jun 2010, 16.16 (CEST)

De ferzje fan 26 jun 2010 om 15.19

Wolkom op de Fryske Wikipedy. Der is in oersjoch fan siden foar meidoggers op Wikipedy:Mienskip, mar at jo wat freegje wolle kinne jo ek altyd op de Wikipedy:Oerlisside telâne. Mysha

Foto's oer Hoarnstersweach

Dei Streuper, jo hawwe sa stadichoan in pracht fan in ynformative side oer Hoarnstersweach makke. Wienen der mar mear sokke siden oer de oare ferskate doarpen. No wol it each fansels ek wat: Soenen jo net in tal foto's taheakje kinne? Dan sjocht it der noch moaier út. As jo sels net sa'n kykjemakker binne, dan soe in oaren-ien dat ek foar jo dwaan dwaan kinne. It soe ien út Hoarnstersweach wêze kinne, mar soks hoecht net. Sa'n fotomakker soe in digitale foto ek mei de e-mail nei my tastjoere kinne, as jo tsjin it uploaden opsjogge. Dan sil ik it der wol foar jo opsette. De measte minsken fine it faaks prachtich moai as harren eigenmakke foto op de Wikipedy te sjen is. Wat tinkt jo hjirfan? Groetnis, --Swarte Kees 10 jan 2010, 22.49 (CET)[beäntwurdzje]

Ik bin lessendeis alris op 'e sneup west op de webstee http://www.jubbega-hoornsterzwaag.nl/. Misskien dat dy ús oan wat foto's helpe kinne.--J'88 10 jan 2010, 23.15 (CET)[beäntwurdzje]
Dei Steuper. Ek yn it Frysk Fotoargyf by Tresoar fine jo moaie foto's fan Hoarnstersweach. As dy fan foar de oarloch binne meie wy dy brûke. Dan wol komôf en makker neame. Sjoch oerlisside: [1] Drewes 1 mrt 2010, 14.10 (CET)[beäntwurdzje]
Dei Drewes. De molkfabryk is yn Jobbegea. Ik ha de foto dêr del setten. Streuper 6 mrt 2010, 9:41 (CET)
Dei Streuper. Ik hie it molkefabryk wer by Hoarnstersweach delset om't der by de anonime wiziging net in grûn neamd waard. It is no wer goed, mar mei ik freegje yn sa'n gefal al efkes it wêrom yn de gearfetting te skriuwen? Mysha


Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer

Hallo, Ik woe allinnich mar sizze dat mei DEFAULTSORT, tocht ik ek oanjûn wurde kin hoe de side yn de kategoryen sortearre wurde moat. Dan hoecht dat net by eltse kategory op e' nij útskreaun te wurden. Mysha

Dei Mysha. Tige tank, men leart salang't men libbet Streuper 26 mrt 2010, 15:34 (CET)

Molketaper

It wie moai at jo oanjaan koenen dat [2] in frije boarne is, as it ferhaal oars mei eigen wurden opskriuwe koenen. Ik wit net at it oer mear as ien side giet, mar at it der mear binne dan jildt dêrfoar fansels itselde. Aliter 8 apr 2010, 23.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Poalen

Hallo Sneuper, Wat wie dat mei Poalen? Der stie neat by de gearfettings, dat no bin ik benijd wat der wie. (-: Mysha

it is werom set mei de hân, Streuper 23 april 2010, 15:34 (CET)
Ja, ik wit dat it werom setten is, mar ik frege my ôf wêrom it earst fuorthelle wie. At it twiveleftich wie at it der by paste, dan kin ik dêr wat fan leare. Mysha

Plaknammen

De Streuper, Ik kin my goed yntinke dat jo mei it oersetten fan plaknammen yn’e mage sitte, haw ik ek lest fan. Ik haw it der eartiids wol ris oer hân mei oare meidoggers, mar net eltsien is it mei my iens at ik siz: begjin der net oan at jo net wis fan de saak binne, al wie it mar om’t jo faak net witte wat oarsprong en betsjutting fan in plaknamme is. (Oars leit it yn gefal fan plaknammen as Dimter, Grins en Roan, dy’t tradysjoneel fêstlizze.) Dat ‘Ossen’ yn Ossenzijl slacht dat wol op dy bisten, oksen? En Paasloo, hat ‘paas’ hjir te krijen mei peaske? Freegje ik my of.

It is no dan ek sa dat it yn Wikipedy optilt fan de staveringsynkonsekwinsjes. Edinboarch, Sint-Petersburch, Oldenburg/burch/boarch, ensafuorth.. Wol Nij-Seelân en Nij-Jersey, mar net Nij-York. Okkerdeis sette immen ‘waard’ yn Seelânske plaknammen oer mei ‘weard(e)’, ja soks dêr kin men op wachtsje. Oare Wikipedy’s begjinne der meast net oan: wolris lezen fan Neu York, Nouveau Yorke of Kowfort (Coevorden)? Mar ja, wa bin ik, yn elts gefal gjin saakkundige. Ik tink dat Aliter dat wol is op dit mêd. Joe soene it him ris foarlizze kinne. Drewes 26 jun 2010, 16.00 (CEST)[beäntwurdzje]

boppe - boppen

Middei Streuper, ik sjoch niiskrekt datsto by guons artikel dêr't "te boppen" ynstiet "te boppe" fan makkest. Stavering is net myn sterkste punt, mar is it net sa dat nei "te .." it wurd altiten op in "n" einige moat. Neffens my hawwe ik sa leard. Groetnis --Geoffrey 26 jun 2010, 16.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Geoffrey, Meastal is it boppe, mar "fan boppen" en "nei boppen" kin ek en it is "boppenatuerlik" en "eat te boppe gean". Wat is wiisheid? --Streuper 26 jun 2010, 16.16 (CEST)[beäntwurdzje]