Natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Woadan (oerlis | bydragen)
Aliter (oerlis | bydragen)
L Natoerreligyen feroare ta Natoerreligys
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 30 des 2005 om 03.58

De natoerreligyen binne de âldste godstsjinsten fan ’e wrâld; se hawwe gjin stifter, gjin profeten en gjin fêste lear. Se geane werom op it religieuze yn ’e minske sels, syn ferlet om betsjutting te jaan oan it bestean yn it algemien en syn eigen libben yn it bysûnder troch middel fan godstsjinst. Op dy manear steane de natoerreligyen oan ’e widze fan alle foarmen fan godstsjinst.

De sinne wurdt faak brûkt as in symboal foar de natoerreligyen.

Natoerreligyen yn it Deistich Libben

Ek hjoed de dei noch wurde natoerreligyen beliden en wol troch in ûnbetinklik grut part fan de wrâldbefolking. Ornaris binne it de folks- of stamreligyen fan lytsskalige mienskippen dy’t oant koartby net in protte kontakt mei de bûtenwrâld hienen. By sokke saneamde natoerfolken is de belibbing fan ’e godstsjinst folle wêzentliker as yn ’e Westerske wrâld; sterker noch, men makket der faak gjin ûnderskie tusken religy en de rest fan it libben.

By de folken fan de Pueblo-kultuer (Tiwa, Tewa, Towa, Keresan, Hopi en Zuñi), út ’e Amerikaanske steaten Nij-Meksiko en Arizona, bygelyks, behearsket religy elts aspekt fan it libben, ynklusyf de wikselwurking mei it lân, oare folken en boppenatoerlike wêzens, de keunst, ambacht, ekonomy, sosjale struktuer en famyljebannen. Religy is nau ferweve mei al it oare en yntegrearret it ta ien alomfetsjend wrâldbyld. Fanút it prinsipe dat de minske yn harmony libje moat mei de natoer, hawwe de Pueblo-folken rike kulturele tradysjes ûntwikkele, dy’t ta útdrukking komme yn gedichten, leginden, lieten, dûnsen, byldhouwurken en oare byldzjende keunsten.


Natoerreligyen en de Boppenatoerlike Wrâld

Behalven dat natoerreligyen gjin ûnderskie meitsje tusken godstsjinst, natoer en kultuer, sjogge se ek gjin wêzentlik ferskil tusken dizze wrâld en it hjirneimels, yn elts gefal net lykas de histoaryske godstsjinsten.

It moderne hindoeïsme, bygelyks, beskôget de wrâld fan ’e libbenen as eat dat mar amper wurklikheid is. De Boedda neamde dizze wrâld in baarnend hûs, dat de minsken ûntflechtsje moatte. It joadske Alde Testamint fynt net yn ’e skepen wrâld, mar yn God allinne hillichheid en rjochtfeardichheid. De rasjonalistyske Grykske wiisgear Plato neamde it lichem in grêf. Yn in apokryf kristlik geskrift seit Jezus Kristus dat de wrâld in brêge is dy’t oerstutsen wurde moat, mar dêr’t men gjin hûs op bouwe moat. En de tsiende-ieuske islamityske teolooch Abū Bakr al-Bākillāni neamde de hiele waarnimbere kosmos neat; allinne Allah wie echt en útslutend Hy koe de minsken rêde fan it neat.

Yn natoerreligyen komme sokke skerpe tsjinstellings tusken de wrâlden fan ’e libbenen en de deaden net foar. Sy kenne mar ien kosmos, dêr’t himel, hel en ierde net eksplisyt yn faninoar skaat binne en soms yninoar oerrinne, en dêr’t ek de deaden tahâlde, sij it ornaris op in oar, faak wat ûndúdlik plak en yn in steat fan skimich heal-bestean.


Nammen fan Natoerreligyen

It net foarkommen fan in ûnderskie tusken godstsjinst en de rest fan it libben is ien fan ’e redens dat natoerreligyen fan oarsprong gjin namme hawwe; ornaris krije se dy pas as se yn kontakt komme mei oare godstsjinsten en in beneaming needsaaklik wurdt om se dêrfan ûnderskiede te kinnen. Sa wurdt de godstsjinst fan de Mentawaiers, op de Yndonezyske Mentawai-eilannen, westlik fan Sumatra, tsjintwurdich sibulungan neamd, dy fan de Sabûnezen, op it súdlike Yndonezyske eilân Sabu jingitui, dy fan de Toraja fan sintraal Sulawesi Alulh Todolo en de ynheemske religy fan Belaû modekngei.

De betsjutting fan sokke nammen is ornaris tige ienfâldich. Sa betsjut marapu, de namme foar de ynheemske godstjinst fan it súdlike Yndonezyske eilân Sumba letterlik “geasten” en Agama Jawa, sa’t de noch sterk libjende natoerreligy op it offisjeel islamityske East-Java wol neamd wurdt, “Javaanske godstsjinst”. De natoerreligyen fan ’e Dayak-folken fan Borneo wurde kaharingan neamd, dat yn it Ngaju “libben” betsjut. En vodun, de tsjintwurdich offisjele namme foar de godstsjinst fan ’e Ewé en de Fon fan súdlik Benyn, betsjut letterlik “it ferburgene” of “geheim” (dêr is de namme fan ’e bekende Afro-Amerikaanske synkretistyske religy op Haïty, voodoo of vodou, fan ôflaat).


Konflikten mei oare Godstsjinsten

De reäksje op ’e ynfloeden fan oare godstsjinsten kin noch folle fierder gean as allinne in namme oan in natoerreligy te jaan. Sa hawwe de Adi, Mishmi, Apatani, Tangsa en guon lytsere folken, út ’e Yndiaaske Himalaya-steat Arunachal Pradesh, harren natoergodstsjinsten byinoar brocht ûnder de namme Donyi Polo, om in fûst meitsje te kinnen tsjin it opkringende kristendom. Donyi is Adi foar “sinne” en Polo foar “moanne”; de sinnegoadinne en de moannegod binne nammentlik de heechste godheden fan ’e oangeande natoerfolken. De stêd Pasighat is it sintrum fan dizze nije, âlde godstsjinst, dy’t troch it oernimmen fan ’e metoaden fan ’e organisearre religyen, lykas rituëlen op sette tiden (sneontemoarns) yn in dêrfoar bedoeld gebou (in saneamde dere) en it op skrift stellen fan syn myten, lieten en learstellings, besiket te oerlibjen yn ’e moderne wrâld.

Dat oerlibjen wurdt hjoed de dei, no’t der ek foar natoerfolken frijwol gjin manear mear is om har fan ’e rest fan de wrâld ôf te sûnderjen, hieltyd dreger. Al ieuwenlang hawwe prekers fan ’e wrâldgodstsjinsten kristendom, islaam en boeddisme besocht om de oanhingers fan natoerreligyen fan it harren alâlde leauwe ôf te bringen, faak mei twang en soms sels mei geweld. It bewiist dan ek de krêft fan ’e ynheemske godstsjinsten, dat der oan it begjin fan ’e ienentweintichste ieu noch safolle minsken op ’e wrâld binne, dy’t net oan dy druk tajûn hawwe. Sterker noch, middenmank de Westerske wrâld fine tsjintwurdich hieltyd mear Yndianen yn Noard-Amearika, Samen yn Skandinaavje en Aboriginals yn Austraalje it paad werom nei it leauwe fan harren foarâlden.


Fersprieding en Oanhing

Natoerreligyen hawwe nei it kristendom en de islaam de grutste fersprieding (hoewol net oanhing) fan alle godstsjinsten. Der binne nei gedachten tusken de 1.500 en 2.500 ûnderskate natoerreligyen, dy’t mei-inoar yn ’e hiele wrâld sa’n 325 miljoen oanhingers hawwe; yn persintaazjes omset is dat likernôch 5,4% fan ’e wrâldbefolking. De grutste natoerreligy is sûnder mis dy fan ’e Yoruba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn, dy’t tusken de 15 en 20 miljoen oanhingers hat.


Sjoch ek

Boarnen

  • Bendure, G., en Friary, N., Micronesia, Hawthorn, 1995.
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Collins, R., ûnder redaksje fan, Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • -, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Couliao, I.P., Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • Finlay, H., e.o., Australia, Hawthorn, 1998.
  • -, Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Kielich, W., Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Mayhew, B., e.o., Indian Himalaya, Hawthorn, 2000.
  • Rachowiecki, R., Southwest USA - Arizona, New Mexico, Utah, Hawthorn, 1995.
  • Smith, H., De religies van de wereld, Utert, 1999.
  • Thomas, B., e.o., India, Hawthorn, 1997.
  • Turner, P., e.o., Indonesia, Hawthorn, 1997.