Meidogger:Theun: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
No edit summary
Theun (oerlis | bydragen)
wetter
Rigel 6: Rigel 6:
Fierder besykje ik wol is wat ynformaasje oan de jiertallen en de kalinder ta te heakjen, en skriuw ik wol eins in side oer in plak of wetter by ús yn de omkriten.
Fierder besykje ik wol is wat ynformaasje oan de jiertallen en de kalinder ta te heakjen, en skriuw ik wol eins in side oer in plak of wetter by ús yn de omkriten.


==Wetter yn Fryslân==
[[Ofbyld:Fryslan_wetter.svg|right|300px]]
Dit ôfbyld fan it Wetter yn Fryslan haw ik makke mei Inkscape (troch in inscande bitmap te brûken fan in aardich detaillearde atlas fan skaal 1:100.000). It ynfollen fan de ferskate wetters giet wol maklik en fluch. Bin allinich net seker oft ik noch belangrike wetters fergetten bin. En ik tink dat de kleur fan de wetters, it blau noch wat donkerder moat sadat it wetter wer it om giet der dúdliker útspringt.<br>
Dizze kaart like my ek wol aardich om bygelyks de alvestederoute oan te jaan, foar op de Alvestedeside.





De ferzje fan 19 des 2005 om 23.41

Taalbehearsking
fy It Frysk is de memmetaal fan dizze meidogger.
nl-3 Deze gebruiker spreekt uitstekend Nederlands.
Sykje op Taalbehearsking

Ik bin sunt jannewaris 2005 actyf op dizze Fryske Wikipedy. It is wol aardich om foar dysels wat run te sjen en der in frysk stikje fan te meitsjen. Ek om myn frysk skriuwen wat by te slypjen en de Fryske wiki te fergrutsjen. At jo sjogge wer't it ta liede kin, de ynformaasje dy't op de gruttere wiki's te finen is is eins net foar te stellen, seker net at jo betinke dat it noch mar in pear jier los is. By de Fryske fersje sil it wol net sa hurd rinne, mar dit begjint er ek al wat op te lykjen.

Myn ynteresses lizze op it mêd fan natoer, geografy en skiednis (eins fyn ik alles wol nijsgjirrich). Ik bin it meast dwaande mei siden fan fûgelsoarten ensf. Meastentiids sjoch ik rûn op de Commons om te sjen at der noch geskikte ôfbylden steanne fan fûgels der't ik wol in ferhaaltsje by betinke kin. Mei behulp fan fûgelboeken, de oare wikis (foaral ingelsk en dútske), en net te ferjitten it web (m.b.f. google) is altiten wol in protte ynformaasje te finen, en jo komme ek hiel wat nijsgjirigge saken tsjin.
Fierder besykje ik wol is wat ynformaasje oan de jiertallen en de kalinder ta te heakjen, en skriuw ik wol eins in side oer in plak of wetter by ús yn de omkriten.

Wetter yn Fryslân

Dit ôfbyld fan it Wetter yn Fryslan haw ik makke mei Inkscape (troch in inscande bitmap te brûken fan in aardich detaillearde atlas fan skaal 1:100.000). It ynfollen fan de ferskate wetters giet wol maklik en fluch. Bin allinich net seker oft ik noch belangrike wetters fergetten bin. En ik tink dat de kleur fan de wetters, it blau noch wat donkerder moat sadat it wetter wer it om giet der dúdliker útspringt.
Dizze kaart like my ek wol aardich om bygelyks de alvestederoute oan te jaan, foar op de Alvestedeside.


myn part fan it putsje