Russysk-Georgyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 61: Rigel 61:
[[da:Krigen i Sydossetien]]
[[da:Krigen i Sydossetien]]
[[de:Kaukasus-Konflikt 2008]]
[[de:Kaukasus-Konflikt 2008]]
[[el:Πόλεμος της Γεωργίας (2008)]]
[[el:Πόλεμος της Νότιας Οσετίας 2008]]
[[en:2008 South Ossetia war]]
[[en:2008 South Ossetia war]]
[[eo:Milito en Sud-Osetio (2008)]]
[[eo:Milito en Sud-Osetio (2008)]]

De ferzje fan 27 mai 2010 om 23.23

Kaart mei it ferrin fan de kriich

De 'Kriich yn Súd-Osseesje is in konflikt, wêrby Súd-Osseesje - mei stipe fan Ruslân - him besiket ûnôfhinklik te meitsjen fan Geörgje. De strideraasjes begûnen begjin augustus mei Súd-Ossetyske rebellen. Op 7 augustus teagen Geörgyske legers op it gebiet oan. Vladimir Poetin, dy't yn Peking by de Olympyske Simmerspullen wie, fûn de reaksje fan Geörgje tsjin de rebellen aggressyf en sei dat Ruslân twongen waard om yn 'e wapens. Om 10:00 lokale tiid foelen Su-24-fjochtfleanmasinen grûndoelen yn Geörgje oan yn 'e kriten fan de stêd Kareli. De Russen hâlde yn de augustusmoanne de noardlike helte fan it lân beset. De septimbermoanne is in kearpunt yn de krisis, de Russen lûke har stadich werom fan Geörgyske steatsgrûn mar bliuwe mei likernôch 7.600 man yn Abkaazje en Súd-Osseesje. Doe't op 9 oktober waarnimmers fan de JU teplak wienen yn Súd-Osseesje en Abkaazje, lutsen de Russen mear troepen werom. Ruslân hâldt lykwols 3.700 soldaten yn de beide gebieten en is fan doel om yn dy gebieten militêre basissen te iepenjen. [1]

Reaksjes

  • FSA - Op 10 augustus feroardielet presidint George W. Bush Ruslân's oanfal op de Westerske bûnsmaat.
  • rand rand rand rand - Op 9 augustus 2008 kamen Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen meiïnoar ta in ferklearring oangeande de Russyske aksjes yn Geörgje. Hja wolle tagelyk sjen litte dat it lidmaatskip fan de JU as NAFO fertuten docht.[2]
  • rand - Op 26 augustus 2008 ferklearret Ruslân de ûnôfhinkelikens fan Abkaazje en Súd-Osseesje te erkennen. De Jeropeeske Uny is it net iens mei it beslút. [4]
  • rand - Op 1 septimber wurdt der troch de Jeropeeske Uny in spesjale gearkomste belein oer it Russysk-Geörgysk konflikt. Nei dizze spesjale gearkomste komme der gjin sanksjes foar Ruslân fan de Jeropeeske Uny.
  • rand - Nikaragûa is op 5 septimber it earste lân nei Ruslân dat Abkaazje en Súd-Osseesje erkend.[5]
  • rand - Op 9 oktober arrivearren waarnimmers fan de JU yn it gebiet.
  • rand - De Russyske minister fan definsje beslút op 19 novimber om nije militêre basissen te iepenjen yn Abkaazje en Súd-Osseesje foar 3.700 Russyske militêren.

Eftergrûn

Geörgyske skerpskutter. De unifoarmen hawwe de Geörgjers fan de Amerikanen. [6]

Yn de foarste wike fan de rispmoanne leit de politike situaasje der sa hinne:

  • Yn Súd-Osseesje is ien-tredde fan de ynwenners Geörgysk. Twa-tredde part is etnysk Ossetysk, in Iraanske folksgroep.
  • De regio Súd-Osseesje woe him al yn 1992 ûnôfhinklik meitsje fan Geörgje, mar dat mislearre.
  • Ruslân is tsjin op it tatreedzjen fan Geörgje ta de NAFO en wol syn macht op de Kaukasus útwreidzje.
  • Geörgje is in trouwe bûnsmaat fan it westen, dat oppenearret him û.o. yn de Irakkriich dêr't Geörgje nei de Feriene Steaten en Grut-Brittanje de measte militêren leveret. Geörgje hat ambysje en wurdt lid fan de NAFO.

Ferliking legers Geörgje en Ruslân

GEORGJE

  • Militêren: 26.900
  • Tanks: 82
  • Pantserweinen: 139
  • Fjochtfleanmasinen: 7
  • Swiere artillery: 95

RUSLAN

  • Militêren: 641.000
  • Tanks: 6.717
  • Pantserweinen: 6.388
  • Fjochtfleanmasinen: 1.206
  • Swiere artillery: 7.550

Boarne Janes Sentinel Country Risk Assessments [7]

Ferwizing nei boarne

  1. Russia fully staffs bases in Abkhazia, S.Ossetia, RIA Novosti 19 novimber 2008. (in)
  2. Joint Declaration of Estonian, Latvian, Lithuanian and Polish Presidents on the situation in Georgia, 9 augustus 2008. (in)
  3. Russia Warns Baltics, Poland To Pay For Georgia Stance-Report, Nasdaq, 11 augustus 2008. (in)
  4. [1], RTL 4, 26 augustus 2008. (ned)
  5. The Earth Times, 3. September 2008, Nicaragua joins Russia in recognizing South Ossetia, Abkhazia
  6. American Troops Training, Equipping Georgian Military (in)
  7. Janes Sentinel Country Risk Assessments (in)

Keppeling om utens