Ids Wiersma: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld der by
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 34: Rigel 34:
* It [[Museum Smellingerlân]] te [[Drachten]] hat in stikmannich skilderijen fan Ids Wiersma yn de fêste útstalling.
* It [[Museum Smellingerlân]] te [[Drachten]] hat in stikmannich skilderijen fan Ids Wiersma yn de fêste útstalling.


[[Kategory:Frysk skilder|Wiersma, Ids]]
{{DEFAULTSORT:Wiersma, Ids}}
[[Kategory:Nederlânsk keunstskilder|Wiersma, Ids]]
[[Kategory:Frysk keunstskilder]]

De ferzje fan 25 mai 2010 om 11.38

Byldsje fan Ids Wiersma troch Gosse Dam
Fiskersboatsje troch Ids Wiersma
Frysk Skipfeart Museum

Ids Wiersma (21 juny 1878, Brantgum - 24 augustus 1965, Dokkum) wie skilder.

Jonge jierren

Ids Wiersma waard op 21 juny 1878 te Brantgum berne as soan fan Doeke Goaslings Wiersma en Eeke Idses Koopmans. Nei de lânboukrisis brieken foar Ids syn heit, dy't by de boer arbeide, swiere tiden oan. Ids rûn oer de side. Boerefeint wurde siet der dus net yn.

Al hiel lyts dy bliken lyts dat Ids hiel moai tekenje koe. De boppemaster Dijkstra fûn dat Ids bêst skilder wurde koe. Syn âlden doarsten sa'n aventoer net oan en sa waard Ids yn 'e lear dien by de doarpsferver. It blykte dat Ids foar útblonk yn it fine wurk.

Yn 1895 gie Ids as ferversfeint nei Winaam. Dêr stie doe ds. W. Koeze. Syn frou skildere en doe't se Ids syn wurk seagen, stjoerden se dat op nei de doe ferneamde skilders Jozef Israëls en Mesdag. Dizzen seagen dat der wat yn dy ferversfeint siet.

Yn 1898 waard Ids Wiersma ynskreaun by de Tekenakademy yn De Haach. Letter soe er dêr learaar wurde.

Libben as skilder

Yn 1891 krige er syn earste grutte opdracht foar muorreskilderings yn it nije gebou fan de Ryksmunt yn Utert.

Yn 1918 yllustrearre Ids Wiersma de nije útjefte fan de Rimen en teltsjes fan de Bruorren Halbertsma.

Hy sette him te wenjen yn Drachten. De Suvelbank joech him de opdracht om it Fryske boerelibben om 1900 hinne fêst te lizzen yn oaljeferve-skilderijen.

Nei 1929 is er dêr fierder mei gien. Yn tekenings hat er it boerelibben hast dokumintêr fêstlein.

Ids Wiersma wurdt wol de ferteller mei de pinne neamd. Hy is beynfloede troch de Haachske Skoalle en de skilderkeunst yn de 17de ieu.

Ids Wiersma ferstoar op 24 augustus 1965 te Dokkum. Hy wenne op dat stuit yn it ferpleechhûs Nij Toutenburg yn Noardburgum.

Neitins

Yn 1978 kaam ûnder redaksje fan J.J. Kalma en oaren it boek Ids Wiersma, tekenje foar Fryslân út. Hjiryn stiet in oersjoch fan syn wurk.

Yn Brantgum waard in stjitte nei Ids Wiersma neamd en der kaam in stânbyldsje fan Gosse Dam. Yn itselde plak is men dwaande om in fêst betinkingsplak foar Ids Wiersma yn te rjochtsjen en syn neilitten wurk in goed plak jaan.

Sjen