Loadewyk II fan Beieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
mearkekening
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 des 2005 om 22.54

Lodewijk II

Loadewyk Frederik Willem (Ludwig Friedrich Wilhelm) (25 augustus 184513 juny 1886), út it Hús Wittelsbach en bynamme de Mearkekening, wie fan 1864 oant 1886 kening van Beieren.

Hy is berne yn Nymphenburg by München as soan fan kening Maximiliaan II en prinses Marie fan Prussen.

As 18-jierige waard hy kening doe't syn heit ferstoarn.

De nije kening wie altiten al wat minskeskou en ûnlykwichtich west, mar neidat hy langer oan de macht wie, luts Loadewyk him hieltiten mear werom yn de Alpen, wer hy in tal hiel djoere mearkekastielen boue liet.
It meast ferneamde kastiel, Neue Burg Hohenschwangau (better bekind as Neuschwanstein), waard pas nei syn dea foltôge en is no in tige populêre toeristyske attraksje.

Lodewyk wie fersein oan syn nicht Sophie, de suster fan keizerin Elisabeth fanb Eastenryk ("Sisi"), mar neidat hy troudatum al in pear kear útsteld hie, blies hy it houwelik yn oktober 1867 úteinlik ôf.
Reden hjirfoar wie syn homoseksuele aard.

Hoewol hy in goed swimmer wie ferdronk Loadewyk yn 1886 under mysterieuze omstannichheden yn de Starnberger See ten súden fan München. By it mar waard in lytse kapel boud en elts jier wurdt op de dei fan syn ferstjerren in seremoanje hâlden ta syn neitinken.

Syn bekindste kastielen:

Slot Linderhof
Slot Herrenchiemsee
Slot Neuschwanstein