Soennisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: yo:Sunni
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: az:Sünni
Rigel 26: Rigel 26:
[[ace:Ahlussunah Wal-jama'ah]]
[[ace:Ahlussunah Wal-jama'ah]]
[[ar:أهل السنة والجماعة]]
[[ar:أهل السنة والجماعة]]
[[az:Əhli Sünnə]]
[[az:Sünni]]
[[bg:Сунити]]
[[bg:Сунити]]
[[bn:সুন্নি (ইসলাম)]]
[[bn:সুন্নি (ইসলাম)]]

De ferzje fan 14 mai 2010 om 02.29

Lannen mei in moslimbefolking fan minimaal 10% (grien is soennitysk, read is sjiitysk)

It soennisme (سونى) is de grutste haadstreaming fan de islam. De op ien nei grutste streaming is het sjiïsme. It soennisme is ferdield yn ferskate madhahib dy't neist inoar bestean sûnder opfallende ûnderlinge konflikten.

It wurd soenna is Arabysk foar 'tradysje'. Soennityske moslims folge de tradysje dy't basearre is op it libben fan de lêste profeet fan de islam, Mohammed. Dêrby hat de Hadit, in samling fan de preken en hannelingen fan Mohammed, neist de Koaran, it hillige boek fan de moslims, in protte gesach ûnder de soenniten. Ek de ynstimming fan de sahaba (de earste moslims) 'idjma-as-Sahaba' neamd oer bepaalde spesifike saken, en de 'qiyaas' (analogy) mei dizze en oare foarfallen binne boarnen binnen de soennityske streaming fan de islam.

Goed 90% fan alle moslims, ek dy't yn it westen libje, is soennitysk.[1]

It soennisme is krekt as it sjiïsme ûntstien troch de opfolgingsstriid dy't fuort útbruts nei de dea fan Mohammed yn 632. Neffens de soenniten hie Mohammed tidens syn libben gien opfolger oanwiisd, en hied er ek net oanjûn op hokker wize in opfolger bepaald wurde moast. Nei syn dea gong de striid tusken de oanhingers fan Mohammed syn neef en skoansoan Aly en dy fan de kalifen. De soenniten binne folgelingen fan de lêsten. De earste kalyf wie Mohammed syn skoanheit Abû Bakr.

Na de earste fjouwer keazen kalifen wie it grutte skisma binnen de islam in foldongen feit en kaam it kalifaat yn hannen fan opienfolgjend soennityske dynastyën, de Omajjaden en de Abbasiden. Harren ynfloed yn de wrâld strekte him fia de feroveringskrigen binnen inkele generaasjes út fan Spanje (de Pyreneeën) oant de Punjab yn eastlik Ynje.

De Soennityske teology wykt op guon punten ôf fan dat fan de sjiïten: ûnder mear oer de 'al Mady' dêr't de soenniten noch wol leauwen dat de Mady komme sil. Fierders is de posysje fan de imam foar de soenniten net folle mear as foargonger fan it gebed op freed yn de moskee.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. How many Shia are there in the world