Telefyzje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: lmo:Television; tekstwiziging
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: diq:Têlevizyon
Rigel 44: Rigel 44:
[[da:Tv]]
[[da:Tv]]
[[de:Fernsehen]]
[[de:Fernsehen]]
[[diq:Televizyon]]
[[diq:Têlevizyon]]
[[el:Τηλεόραση]]
[[el:Τηλεόραση]]
[[eml:Televisiån]]
[[eml:Televisiån]]

De ferzje fan 8 mai 2010 om 01.58

Televyzjetastel

Televyzje (ek wol: Tillevyzje) is in massamedium wêrby bylden en lûd trochjûn wurde nei televyzjetastellen. De tastellen wurde meastal koartwei ek TV neamd. Mei televyzje wurde ornaris ek de TV-stjoerders en de byhearrende technyk fan it televyzje meitsjen oantsjut.

Technyk

In televyzjekamera set bylden en lûd om yn elektroanyske sinjalen, dy't troch it ûntfangende televyzjetastel omset wurde yn byld en lûd. De ûntfanger krijt de sinjalen fia antenne ('ierdske sinjalen' of satellyt) of kabel. Hoe't lûd en byld trochjûn wurde, is ôfhinklik fan de TV-standert. By de oerdrachtstandert wurdt meast in ûnderskie makke wurde tusken analoge en digitale televyzje.

Hjoed de dei binne der ferskate manieren om televyzje te ûntfangen:

  • Analooch oer de eter
  • Digitaal oer de eter: DVB-T/Digitenne
  • Analooch oer de kabel
  • Digitaal oer de kabel: Digital Video Broadcast (DVB-Cable)
  • Digitaal oer de satellyt (skûtelantenne): Digital Video Broadcast (DVB-Satellite)
  • Digitaal oer in breedbânynternetferbining (ADSL, kabelynternet)
  • Digitaal en analooch mei glêsfezel

Skiednis

Yn de tritiger jierren fan de 20e ieu kaam it medium televyzje fan 'e grûn. Yn 1929 wienen der yn Dútslân al eksperiminten mei de oerdracht fan televyzje. Yn 1936 wienen de Olympyske Spullen fan Berlyn live op televyzjes yn Berlyn en Leipzig te sjen.

Yn de fjirtiger jierren waard televyzje yn de Feriene Steaten en Grut-Brittanje ûnder tafersjoch fan it regear stadichoan in massamedium. Yn de Feriene Steaten waard jild ynbard troch advertinsjes, yn Grut-Brittanje moasten televyzjebesitters in bydrage betelje.

Yn de jierren fyftich waard yn de Feriene Steaten eksperimintearre mei kleuretelevyzje. De kleuretelevyzje sette pas goed troch yn de lette sechtiger jierren. Yn 1967 waard de kleuretelevyzje ynfierd yn Europa.