F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
FFJ Bernlef is in studinteferiening foar Fryske jongerein in Grins. De offisjele namme is FFJ Bernlef, dit stiet foar Feriening Foar Fryske Jongerein, Bernlef. Bernlef is in studinteferiening mei in sterke Fryske identiteit, dy oansletten is by de “Contractus” en de Federaasje fan Fryske studinteferienings.
[[Ofbyld:bernlef_logo.png|thumb|right|300px|Wapen FFJ Bernlef]]
'''F.F.J. Bernlef''', de ''Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef'', is in studinteferiening yn [[Grins (stêd)|Grins]].


==Skiednis==
==Earste Jierren==
Begjin maart 1925 die Ruerd Heech in de doetiidske Universiteitskrante in oprop oan alle Fryske studinten yn Grins. It Grinzer studintekorps Vindicat Atque Polit hie doetiids al in dispút foar Fryske studinten, Frisia. Mar Heech tocht dat der belangstelling wie foar in net korporale Fryske studinteferiening. De earste gearkomste fûn plak op 20 maaie 1925. Der wienen 6 mannen en 1 frou by oanwêzich. De earste jierren fan de feriening wienen dreech, it ledetal waard net echt grut, lyk as de aktiviteiten fan de feriening. Midden jierren ’30 gie it stadich oan better, de feriening waard grutter en der waarden in soad literêre en skiedkundige aktiviteiten hâlden.
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].


==Twadde wrâld oarloch==
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroarings meimakke. In konstante wie foaral de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande woene en de minsken dy't it leaver wat geselliger meiïnoar hawwe woene. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', it earste nûmer hie noch in oare namme ''De Klok''.
Yn it foarste jier fan de twadde wrâld oarloch mochten de leden fan Bernlef harren aktiviteiten trochsette fan de besetter. Hjir kaam yn 1942 feroaring yn. Alle aktiviteiten fan de feriening waarden stop setten, mar Bernlef gie yn it geheim troch mei harren aktiviteiten. Troch dat alles geheim wie, binne út dizze tiid net in soad dokuminten bewarre bleaun.


==Nei de oarloch==
Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'', Tuinstraat 22, oan de râne fan de binnenstêd fan Grins tein en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
Yn de jierren ’60 wie de “medyske praatrûnte ” ien fan de grutste faktor foar it yn stân hâlden fan Bernlef. Hoe dizze rûnte ûntstien is, ( in rûnte is fergelykber mei in Dispút) is net bekend, wol is bekend dat de leden neat mei medyske saken te dwaan hienen. Sy organisearren politike, literêre, en skiedkundige jûnen, wêr’t foaral oandacht jûn waard oan de Fryske taal en kultuer. Yn dizze tiid hie Bernlef noch gjin eigen pân, sadat de gearkomsten by minsken thús as oars yn kroegen organisearre waarden.


It Bernlef fan de jierren ‘70 wie bysûnder aktyf polityk en maatskiplik dwaande. Bernleffers strieden foar de Fryske saak, wêrby in grut oantal fan de leden foar de Fryske autonomy wienen. Dit kinst werom sjen yn it grutte oantal leden wat ek lid wie fan de FOKA, de Fryske Organisaasje foar Kultuerele Autonomy. De FOKA organisearre in soad aksjes om minsken bewust te meitsjen fan de Fryske taal. Sa waarden yn begin jierren 70 telefoanboeken ferbaarnd foar it haadkantoar fan de PTT, omdat de doetiidse PTT de plaknammen net yn it Frysk yn it boek delsette woe.
==Hjoeddeisk==
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske [[De Kameleon|Kameleonfilm]]. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út likegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.


==Eigen Pân==
De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed trochrinnen fan de feriening en it behear fan syn finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas [[fuotbal]], [[keatsen]] of [[klaverjassen]].
Yn de gearkomsteferslaggen fan 1965 is al te finen dat der praat waard oer in eigen pân. Yn 1971 koe de feriening fan de gemiente in âld bananenpakhús keapje. Trochdat dit al in oantal jier net ûnderhalden wie, koe Bernlef it foar in moai pryske keapje.
Sûnt de oankeap yn 1971 binne der in trije tal grutte ferbouwing west, sadat it pân oan de notiidske easken foldocht. Sûnt 1982 is it pân ûnderbrocht yn de Stifting Eigen Honk Bernlef.


==Jierren 80/90==
It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch trije soasjûnen yn 'e wike. Leden en oare yntresearre minsken kinne del komme foar in drankje en praatsje oan de bar, om te spikerslaan en om gesellich wat te dûnsjen! Fierders wurdt der fjouwer kear yn’t jier in kamp organisearre, is der geregeld in sprekker op de Pizel om te praten oer aktuele en ynteressante ûnderwerpen en wurde der temafeesten en sportive aktiviteiten op tou setten.
Wylst de jierren ‘70 by Bernlef yn it teken stienen foar Fryske kultuerele autonomy, waard de sfear rêstiger yn de jierren ‘80. De feriening feroare stadich oan yn in geselligensferiening. Dit barde net sûnder in soad diskusje. De feriening wie dan ek yn de jierren ‘80 yn twa groepen ferdield; minsken dy’t nei Bernlef kamen foar de Fryske stried en minsken dy’t nei Bernlef kamen om in lekker pilske oan de bar te drinken. De lêste groep minsken waard grutter, dit kaam ûnder oare troch de ynfiering fan de KEI wike, it eigen pân en it feit dat in soad ôffalligen fan Frisia lid waarden by Bernlef.


==Federaasje==
==Kameleon film==
Ek al feroare Bernlef stadich yn in geselligensferiening, de Fryske identiteit is nea ferdwûn. Dit is werom te sjen troch in aksje, hâlden in 2003. Yn dat jier kaam de Hollânsktalige film “De Schippers van de Kameleon” regissearre troch Steven de Jong út. De leden fan Bernlef wienen fan betinken dat yn de film Frysk sprutsen wurde moast, omdat it ferhaal ommers ek yn Fryslân spilet. De leden besletten in parody te meitsjen, dit waard “De Kameleon Sjocht yn it Waar”. Yn de film spilen leden fan de feriening mar ek pommeranten sa as Piet Paulusma, Jaap Nienhuis, Ids Postma en Hans Wiegel. De film waard in grut sukses. Oeral yn Fryslân waard de film yn doarpshuzen en skoallen fertoand. Utjouwerij Kluitman wie echter fan betinken dat Bernlef mei it meitsjen fan de film ynbreuk makke hie op it auteursrjocht, en begûn in rjochtsaak tsjin FFJ Bernlef. De útspraak fan de rjochter kaam yn 2007: Bernlef moast oan de útjouwerij in skeafergoeding fan rom 10.000 euro betelje.
Bernlef is lid fan de [[Federaasje fan Fryske Studinteferienings]] dy't op syn beurt wer oansletten is by de [[Ried fan de Fryske Beweging]]. De wichtichste aktviteit fan de Federaasje is de jierlikse organisaasje fan it Krystkongres yn [[Frjentsjer]].

As reaksje op de útspraak hold Bernlef yn de simmer fan 2008 de Benefytsaksje Bernlef Yn Aksje (BYA). Trije dagen lang hat Bernlef in aksje hâlden yn Fryslân. De Alvestêdentocht waard ôflein op in Fytskafee, yn Frjentsjer waard in Fryske kenniskwis hâlden en in Dokkum koenen minsken stride om “de sterkste man” titel. De Benefytsaksje waard ôfsluten mei in benefytskonsert yn Snits. Oan dit konsert wurken ûnder oare Piter Wilkens, Jitiizer, Sebearre, Ernst Langhout en Putkapel mei. De aksje hat hast genôch jild oplevere om it jild fan de boete werom te betelje. It lêste part fan de boete is opbrocht troch in optreden fan it bekende Fryske tonielstik “Katarsis”, skreaun troch Gerrit Breteler, op de sosjéteit fan Bernlef.

==Tsjinwurdich==
FFJ Bernlef is in studinteferiening dy’t harren ûnderskied troch in iepen belied, wêr’t alle leden lykwurdich binne. FFJ Bernlef hat dan ek gjin ûntgriening as in ferplichte yntroduksjetiid, learst alle leden sa wol kennen! De Fryske identiteit is foar de studinteferiening noch hieltyd hiel wichtich. Sa wurdt de fiertaal fan de feriening noch altyd achte Fryske te wêzen.

17de lustrum
Yn 2010 bestie Bernlef 85 jier. Fanwege dit jubileum waarden troch it hiele jier ferskate aktiviteiten organisearre. Sa hat Bernlef by bearenburchdistillearderij Weduwe Joustra harren eigen drankje meitsjen litte, mei de namme Bernlef’s Lok. Yn maart waard der in lustrumkongres hâlden, wêr artysten as Piter Wilkens en Gerrit Breteler spielden. Piter Wilkens hat foar it lustrum ek in ferske foar Bernlef skreaun, “Bernlef Boppe!”. It lustrumjier waard ôfsluten me de Lustrumwike yn april, wêryn’t in dokumintêre te sjen wie oer de skiednis fan 85 jier Bernlef.


==Keppeling om utens==
*[http://www.bernlef.com Webstee fan de feriening].


[[Kategory:Fryske beweging]]
[[Kategory:Fryske beweging]]

De ferzje fan 7 mai 2010 om 21.48

FFJ Bernlef is in studinteferiening foar Fryske jongerein in Grins. De offisjele namme is FFJ Bernlef, dit stiet foar Feriening Foar Fryske Jongerein, Bernlef. Bernlef is in studinteferiening mei in sterke Fryske identiteit, dy oansletten is by de “Contractus” en de Federaasje fan Fryske studinteferienings.

Earste Jierren

Begjin maart 1925 die Ruerd Heech in de doetiidske Universiteitskrante in oprop oan alle Fryske studinten yn Grins. It Grinzer studintekorps Vindicat Atque Polit hie doetiids al in dispút foar Fryske studinten, Frisia. Mar Heech tocht dat der belangstelling wie foar in net korporale Fryske studinteferiening. De earste gearkomste fûn plak op 20 maaie 1925. Der wienen 6 mannen en 1 frou by oanwêzich. De earste jierren fan de feriening wienen dreech, it ledetal waard net echt grut, lyk as de aktiviteiten fan de feriening. Midden jierren ’30 gie it stadich oan better, de feriening waard grutter en der waarden in soad literêre en skiedkundige aktiviteiten hâlden.

Twadde wrâld oarloch

Yn it foarste jier fan de twadde wrâld oarloch mochten de leden fan Bernlef harren aktiviteiten trochsette fan de besetter. Hjir kaam yn 1942 feroaring yn. Alle aktiviteiten fan de feriening waarden stop setten, mar Bernlef gie yn it geheim troch mei harren aktiviteiten. Troch dat alles geheim wie, binne út dizze tiid net in soad dokuminten bewarre bleaun.

Nei de oarloch

Yn de jierren ’60 wie de “medyske praatrûnte ” ien fan de grutste faktor foar it yn stân hâlden fan Bernlef. Hoe dizze rûnte ûntstien is, ( in rûnte is fergelykber mei in Dispút) is net bekend, wol is bekend dat de leden neat mei medyske saken te dwaan hienen. Sy organisearren politike, literêre, en skiedkundige jûnen, wêr’t foaral oandacht jûn waard oan de Fryske taal en kultuer. Yn dizze tiid hie Bernlef noch gjin eigen pân, sadat de gearkomsten by minsken thús as oars yn kroegen organisearre waarden.

It Bernlef fan de jierren ‘70 wie bysûnder aktyf polityk en maatskiplik dwaande. Bernleffers strieden foar de Fryske saak, wêrby in grut oantal fan de leden foar de Fryske autonomy wienen. Dit kinst werom sjen yn it grutte oantal leden wat ek lid wie fan de FOKA, de Fryske Organisaasje foar Kultuerele Autonomy. De FOKA organisearre in soad aksjes om minsken bewust te meitsjen fan de Fryske taal. Sa waarden yn begin jierren 70 telefoanboeken ferbaarnd foar it haadkantoar fan de PTT, omdat de doetiidse PTT de plaknammen net yn it Frysk yn it boek delsette woe.

Eigen Pân

Yn de gearkomsteferslaggen fan 1965 is al te finen dat der praat waard oer in eigen pân. Yn 1971 koe de feriening fan de gemiente in âld bananenpakhús keapje. Trochdat dit al in oantal jier net ûnderhalden wie, koe Bernlef it foar in moai pryske keapje. Sûnt de oankeap yn 1971 binne der in trije tal grutte ferbouwing west, sadat it pân oan de notiidske easken foldocht. Sûnt 1982 is it pân ûnderbrocht yn de Stifting Eigen Honk Bernlef.

Jierren 80/90

Wylst de jierren ‘70 by Bernlef yn it teken stienen foar Fryske kultuerele autonomy, waard de sfear rêstiger yn de jierren ‘80. De feriening feroare stadich oan yn in geselligensferiening. Dit barde net sûnder in soad diskusje. De feriening wie dan ek yn de jierren ‘80 yn twa groepen ferdield; minsken dy’t nei Bernlef kamen foar de Fryske stried en minsken dy’t nei Bernlef kamen om in lekker pilske oan de bar te drinken. De lêste groep minsken waard grutter, dit kaam ûnder oare troch de ynfiering fan de KEI wike, it eigen pân en it feit dat in soad ôffalligen fan Frisia lid waarden by Bernlef.

Kameleon film

Ek al feroare Bernlef stadich yn in geselligensferiening, de Fryske identiteit is nea ferdwûn. Dit is werom te sjen troch in aksje, hâlden in 2003. Yn dat jier kaam de Hollânsktalige film “De Schippers van de Kameleon” regissearre troch Steven de Jong út. De leden fan Bernlef wienen fan betinken dat yn de film Frysk sprutsen wurde moast, omdat it ferhaal ommers ek yn Fryslân spilet. De leden besletten in parody te meitsjen, dit waard “De Kameleon Sjocht yn it Waar”. Yn de film spilen leden fan de feriening mar ek pommeranten sa as Piet Paulusma, Jaap Nienhuis, Ids Postma en Hans Wiegel. De film waard in grut sukses. Oeral yn Fryslân waard de film yn doarpshuzen en skoallen fertoand. Utjouwerij Kluitman wie echter fan betinken dat Bernlef mei it meitsjen fan de film ynbreuk makke hie op it auteursrjocht, en begûn in rjochtsaak tsjin FFJ Bernlef. De útspraak fan de rjochter kaam yn 2007: Bernlef moast oan de útjouwerij in skeafergoeding fan rom 10.000 euro betelje.

As reaksje op de útspraak hold Bernlef yn de simmer fan 2008 de Benefytsaksje Bernlef Yn Aksje (BYA). Trije dagen lang hat Bernlef in aksje hâlden yn Fryslân. De Alvestêdentocht waard ôflein op in Fytskafee, yn Frjentsjer waard in Fryske kenniskwis hâlden en in Dokkum koenen minsken stride om “de sterkste man” titel. De Benefytsaksje waard ôfsluten mei in benefytskonsert yn Snits. Oan dit konsert wurken ûnder oare Piter Wilkens, Jitiizer, Sebearre, Ernst Langhout en Putkapel mei. De aksje hat hast genôch jild oplevere om it jild fan de boete werom te betelje. It lêste part fan de boete is opbrocht troch in optreden fan it bekende Fryske tonielstik “Katarsis”, skreaun troch Gerrit Breteler, op de sosjéteit fan Bernlef.

Tsjinwurdich

FFJ Bernlef is in studinteferiening dy’t harren ûnderskied troch in iepen belied, wêr’t alle leden lykwurdich binne. FFJ Bernlef hat dan ek gjin ûntgriening as in ferplichte yntroduksjetiid, learst alle leden sa wol kennen! De Fryske identiteit is foar de studinteferiening noch hieltyd hiel wichtich. Sa wurdt de fiertaal fan de feriening noch altyd achte Fryske te wêzen.

17de lustrum Yn 2010 bestie Bernlef 85 jier. Fanwege dit jubileum waarden troch it hiele jier ferskate aktiviteiten organisearre. Sa hat Bernlef by bearenburchdistillearderij Weduwe Joustra harren eigen drankje meitsjen litte, mei de namme Bernlef’s Lok. Yn maart waard der in lustrumkongres hâlden, wêr artysten as Piter Wilkens en Gerrit Breteler spielden. Piter Wilkens hat foar it lustrum ek in ferske foar Bernlef skreaun, “Bernlef Boppe!”. It lustrumjier waard ôfsluten me de Lustrumwike yn april, wêryn’t in dokumintêre te sjen wie oer de skiednis fan 85 jier Bernlef.