Raard: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Opbou
Theun (oerlis | bydragen)
Rigel 26: Rigel 26:
== Keppeling om útens ==
== Keppeling om útens ==
* [http://www.aldefrysketsjerken.nl/raard.htm De tsjerke fan Raard].
* [http://www.aldefrysketsjerken.nl/raard.htm De tsjerke fan Raard].


[[Kategory:Dongeradiel]]

De ferzje fan 4 des 2005 om 13.05

Raard is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel.

Oarsprong

Raard is in âld doarp. Der wurdt tocht dat hjir al inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe. De sa'n 240 Raarders fan hjoed de dei binne dus de opfolgers fan in rige slachten foar harren.

De terp is ek hjir foar in part ôfgroeven. Oan de noardkant, by de sa om 1870 hinne oanleine Van Kleffenswei nei Lichtaard, is dat hiel dúdlik te sjen. Der kaam sa sels romte foar in iisbaan.

Namme

Mei de namme Raard kin je ferskate kanten út: It kin 'reade terp' betsjutte; oaren tinke oan it âlde Fryske wurd 'hrriäd' dat yn it Nijfrysk reid betsjut. We komme dan op: 'reidterp'. In mooglikheid is Runwerd. Wy moatte hjirby tinke oan 'beskutting tsjin it rinnende wetter'. It soe ek noch kinne dat de namme ôflaad is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dit soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen is yn Raard.

De tsjerke

De tsjerke wie tawijd oan Jehannes de Doper. De toer is yn 1807 boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13de ieu boud wêze. It koar is it âldste part. De tsjerke is ek yn Raard oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. It is no it museum OerKa wurden. De keunstneres Irene Verbeek brûkt it foar it eksposearjen fan har wurk.

It doarpswapen en -flagge

Yn it doarpswapen komt it symboal fan de patroanhillige foar. De letter W en it klaverblêd binne oernommen út it wapen fan de famylje van Kleffens. De streek troch it wapen en de flagge tsjut oan dat Raard tsjin de grins fan de gemeente oan leit.

De famylje van Kleffens

Oan de dyk nei Lichtaard lizze twa monumintale pleatsen, de Noard en de Súd Kleffens. De Van Kleffens hawwe lang hear en master yn Raard west. Sawol yn 't doarp as de gritenij spilen se mei. Letter hawwe se ek in rol yn Dokkum hân. Under de Dokkumer boargemasters en wethâlders wie faak in van Kleffens. Eelco Nicolaas van Kleffens waard minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Gerbrandy.

Keppeling om útens