Benediktus XVI: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: br:Benead XVI
Rigel 28: Rigel 28:
[[be-x-old:Бэнэдыкт XVI]]
[[be-x-old:Бэнэдыкт XVI]]
[[bg:Бенедикт XVI]]
[[bg:Бенедикт XVI]]
[[br:Benead XVI]]
[[bs:Papa Benedikt XVI]]
[[bs:Papa Benedikt XVI]]
[[ca:Benet XVI]]
[[ca:Benet XVI]]

De ferzje fan 1 mai 2010 om 14.16

Paus Benediktus XVI

Paus Benediktus XVI (Joseph Ratzinger) wie oant syn ferkiezing ta paus, de prefekt fan de kongregaasje foar de leauwenslear (de eardere ynkwisysje), presidint fan de pauslike bibelkommisje en presidint fan de ynternasjonale teologenkommisje en deken fan it kolleezje fan kardinalen. Hy is berne op 16 april 1927 yn Markt lam Inn yn Dútslân. Hy waard preester op 29 juny 1951.

Syn heit wie plysje en stamme út in tradisjonele famylje fan lânbouwers. Joseph Ratzinger brocht syn jonge jierren troch yn Trainstein. Hy waard ferplichte om yn'e Twadde Wrâldkriich yn it leger te gean. Hy moast by it loftôfwargeskut stean mar hy desertearre. Fan 1946 oant 1951, it jier wêryn't hy preester waard, studearre hy filosofy en teology oan de universiteit fan München en de hegeskoalle yn Freising. Yn 1953 promovearre hy yn de teology mei it proefskrift: It folk en it hús fan god neffens de lear fan Sint Augustinus, oer de tsjerke. Fjouwer jier letter waard hy dosint oan de universiteit. Hy dosearre dogmatyk en teology oan de hegeskoalle foar filosofy en teology yn Freising.

Yn 1962 is hy op 35-jierrige leeftyd by it Twadde Fatikaansk konsylje teologysk adviseur fan de aartsbiskop fan Keulen, kardinaal Joseph Frings. Dêrnei publisearre hy withoefolle teologyske wurken.

Yn maart 1977 is hy troch Paus Paulus VI beneamd as aartsbiskop fan München en Freising. Syn biskopswijing folge op 28 maaie 1977. Yn 1977 hat Paus Paulus VI him beneamd as kardinaal.

Op 25 novimber 1981 is hy beneamd troch Paus Johannes Paulus II ta prefekt fan de Kongregaasje fan de leauwenslear en foarsitter fan de pauslike bibelkommisje.

Op 19 april 2005 is hy as paus keazen en hat de namme Benediktus XVI oannommen.