Nijskoat: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Kat |
|||
Rigel 55: | Rigel 55: | ||
{{Koördinaten|52_56_0_N_5_55_30_E_type:city_zoom:15_region:NL|52° 56' NB, 5° 56' EL}} |
{{Koördinaten|52_56_0_N_5_55_30_E_type:city_zoom:15_region:NL|52° 56' NB, 5° 56' EL}} |
||
[[Kategory:It Hearrenfean]] |
|||
[[Kategory:Aldskoat]] |
[[Kategory:Aldskoat]] |
||
[[Kategory:Skoatterlân]] |
[[Kategory:Skoatterlân]] |
De ferzje fan 20 apr 2010 om 14.12
Nijskoat | |
---|---|
gemeente | It Hearrenfean |
Gritenij | Skoatterlân |
Stimmen | 21 |
Ynwenners (2010) | 142 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 55' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8452 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Nijskoat (Nieuweschoot) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean yn it suden fan Fryslân.
It doarp leit by de suderein fan it flek It Hearrenfean, besuden De Heide. It doarp is ûntstien op in sânrich, dat de namme komt fan "skoat" yn de betsjutting fan "heech lân". It "Nij" is dan ta ûnderskied mei Aldskoat.
Lâns Nijskoat, oan de westside, rint de Engelenfeart. Oan de noardside wurdt it begrinze troch wenwyk De Heide en rekreaasjegebiet De Heide yn It Hearrenfean.
Op sportgebiet begûn hjir VV Nijskoat. Dizze fuotbalclub spilet sûnt de jierren 70 yn It Hearrenfean.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Berne yn Nijskoat
- Yep Kramer (15 novimber 1957), hurdrider
- Reitze Jonkman ( 1957 ), frisist en taalsosjolooch
Befolking
2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
149 | 153 | 147 | 145 | 153 | 133 | 144 | 142 |
Strjitten
- Tsjerkepaad - ieuwenâld fuotpaad troch lannen en oer hiemen dat de ferbining foarme tusken Aldskoat en Rotstergaast. It hat as feekearing ferskate klaphikjes. By de oanlis foar it bedriuwenterrein is in stik fan it paad ferwdwûn. It waard ek wol Skoalpaad neamd.
- Nijskoaterheide - buorskip fan Nijskoat oan de westkant fan de Rotstergaastwei.
- Rotstergaastwei - yn it ferlingde fan de Heremawei fan it spoar yn westlike rjochting fan Rotstergaast nei Rottum. De wei stiet al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, mar is sûnder mis âlder.