Terherne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 82: Rigel 82:
{{Koördinaten|53_2_25_N_5_46_51_E_type:city_scale:29000_region:NL|53° 2' NB, 5° 47' EL}}
{{Koördinaten|53_2_25_N_5_46_51_E_type:city_scale:29000_region:NL|53° 2' NB, 5° 47' EL}}


[[Kategory:Boarnsterhim]]
[[Kategory:Terherne| ]]
[[Kategory:Terherne| ]]



De ferzje fan 19 apr 2010 om 19.35

lizzing fan Terherne
de himrik fan Terherne

Terherne (offisjeel Frysk, Nederlânsk: Terhorne) is in doarp yn de gemeente Boarnsterhim oan de noardeastkant fan de Snitser Mar. It doarp hat likernôch 800 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 foel Terherne diel ûnder de eardere gemeente Utingeradiel. Yn 1989 is de namme Terhorne feroare yn de offisjele namme Terherne.

De bynamme fan de ynwenner fan Terherne is “poask”. Dizze fisk komt in soad foar yn de wetters om Terherne. De “Poask” symbolisearet ek de earmoede ûnder de bewenners.

De grutste ynkomstenboarne fan Terherne is it toerisme. Yn en by it doarp binne jachthavens, hotels, en campings dy't benammen rjochte binne op de wettersport. By Terherne leit ek de Terhernster Slûs.

Sûnt 1988 wurdt troch wettersportferiening Onder Ons de jierlikse Brio sylmaraton hâlden. Alle type skippen kinne hjiroan meidwaan. Der wurdt syld mei in ynternasjonaal brûkte handikapformule. Wa't de 60 kilometer silen binnen de tiid útsyld wurdt ûntfongen yn de feesttinte.

Op it ta it Kameleondoarp hearrende eilân Grutsân stiet in Amerikaanse wynmotor. In lytsere wynmotor stiet wat tichterby it doarp op in oar eilân.

Skiednis

De namme Terherne betsjut ‘op e hoeke’. Terherne is ûntstien as in einpunt fan de lânferkaveling yn de 12e ieu. It doarp is oan alle kanten omringe troch wetter. It doarp Ter Herne lei froeger isolearre op in eilân. Yn 1857 wurde in grintwei oanlein. Dizze grintwei sleat oan op de wei tusken Akkrum en Aldskou. Pas yn 1908 is in wei oanlein nei Terkaple, dy’t wer fierder giet nei de De Jouwer.

Kameleondoarp

Terherne Kameleondoarp

Terherne hat as tema De Kameleon nei de berneboeken fan Hotze de Roos. Yn it Kameleondoarp binne in soad plakken en aktiviteiten rûnom it doarp fan de haadpersoanen Hylke en Sytse Klinkhammer út de boekerige.

Mienskip

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang dy't har gearkomsten hat yn doarpshûs De Buorkerij. Doarpsblêd is de "Brio". Wa't eartiids troch de brêge waard rôp : Brio! De Terhernster basisskoalle hjit It Kampke en De Poaskepleats is it pjutteboartersplak.

De Komelker is de pleatslike pream dy't hierd wurde kin troch selskippen. De pream is ta neitins oan de Terhernster boeren en komelkers, dy’t hjir eartiids alle dagen gebrûk fan meitsje moasten.

Sjerp de Vries is in Terhernster dy't it preamsilen yn Fryslân mei opsetten hat. Hy is ek de ûntwerper fan de UFO, is sylboat dy't wol wat wei hat fan in polyester BM'er.

Ferienings

  • It Terhernster toaniel
  • Voorwaarts - gymnastyk
  • follybalferiening Terherne
  • Fuotbalferiening Terherne
  • Ravelli - sealfuotbal
  • Onder Ons - wettersport
  • De Skotsploech
  • Sloeproeien

Befolking

In bekende Terhernster wie master Roel Bergsma. Hy wie de motor fan it doarp nei de Twadde Wrâldkriich. Hy skriuwde foar it doarp en foar oare doarpen en ferienings in soad revu's.

Strjitten

  • Bongel - soarte boei oan in hynstepoat om it bewegen te behinderjen at se wat wyld wienen
  • Buorren - de haadstrjitte fan Terherne
  • Bytling - it helster foar fee mei ynbegrip fan it izeren mûlestik
  • De Achte - stik lân fan acht pûnsmiet
  • Foarnewykje - nei it sleatsje dat der earder rûn
  • Grevinnewei - in sânrêch dy't troch de Snitser Mar rint.
  • Grintdyk - De Terhernsterdyk dy't fan Terherne nei Akkrum rint. Ek de dyk fan Terherne nei Terkaple hiet eartiids sa.
  • Harspit - dikke izeren pinne dy't yn de grûn slein wurdt mei breed boppestik om de seine op te harjen.
  • Jelle-paad - Nei Jelle Kont dy't faak oer dit paad oan de noardkant fan Terherne rûn nei syn stik lân
  • Jongebuorren - nei de streeknamme Jongebuoren
  • Koailân - oan de Koaisleat dy't nei de einekoai rûn dy't by de Koaipleats wie.
  • Kupersleantsje - it stik lân wie eigendom fan de fermanje.
  • Leie - line om it hynder te lieden
  • Louwer Om 'e Tún - nei de tún fan Louwer-om
  • Seel - halstou of hânsel fan in amer
  • Siggepôle - plak mei in soad sigge, hurdgers
  • Slûs - nei de Terhernster slûs
  • Strikel - strykstôk om de seine te skerpjen
  • Stripe - lang en smel stik lân
  • Syl - oar wurd foar slûs
  • Terhernsterdyk - dyk nei Akkrum, eartiids de Grintdyk
  • Tichtset - fertikaal fiskersnet fan de iene wâl nei de oare wâl
  • Tuolle - melkstuoltsje op ien poat
  • Utbuorren - earder in trijetal pleatsen oan de westkant fan Terherne, rjochting de Terkaplester Puollen

Sjoch ek

Keppeling om utens