Raerd: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 44: Rigel 44:
{{Koördinaten|53_5_53_N_5_45_33_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 6' NB, 5° 46' EL}}
{{Koördinaten|53_5_53_N_5_45_33_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 6' NB, 5° 46' EL}}


[[Kategory:Boarnsterhim]]
[[Kategory:Raerd| ]]
[[Kategory:Raerd| ]]



De ferzje fan 19 apr 2010 om 20.33

lizzing fan Raerd
himrik fan Raerd

Raerd (offisjeel Frysk, Nederlânsk: Rauwerd) is in doarp yn Boarnsterhim, mei 602 ynwenners (1 jannewaris 2003). Raerd lei oarspronklik oan de rivier De Boarn en oan de Middelsee. It wie it haadplak fan de eardere gemeente Raerderhim. Raerd is net itselde plak as Raard (Dongeradiel). Ta it gebiet fan Raerd heart ek it buorskip Flânsum.

Raerd is in terpdoarp deun by de wei fan Ljouwert nei Snits. By die wei hat eartiids ek in state west, Jongema State, dêr't no allinnich de poarte noch fan oerein stiet. Op dit stee is no in park mei beammen op in terrein mei stinzeplanten. Dit park wurdt beheard troch It Fryske Gea. Utsûndere de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk. De ynwenners hawwe de bynamme "Raerder Roeken", troch it grut tal roekenêsten dat op it terrein fan de eardere state, yn'e folksmûle de "Raerder Bosk" neamd, te finen is.

Ferskaat

  • It doarp is ien fan de einpunten fan de Slachtemaraton, in kulturele maraton oer de âlde Slachtedyk troch it Fryske lânskip tusken Raerd en Easterbierrum.
  • Raerd leit ek oan de westrûte fan it Jabikspaad.
  • It doarp is ek de thúshaven fan it IFKS-skûtsje de Raerder Roek.
  • De herfoarme tsjerke is fan 1814. Hjirby stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan yn de gemeente omkomde fersetstriders. It monumint waard ûnthuld op 4 maaie 1957. Hjirop steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder Chris Tinkelenberg. In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke yn desimber 2009 wie de ûntdekking fan njoggen grêfstiennen ûnder de flier. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Yn stikken binne se weromfûn. De grêfstiennen sille restaureard wurde en komme wer, lykas hûndert jier lyn, op de flier te lizzen.

Mienskip

Yn 2000 is it Doarpshûs Raard oprjochte, mei arsjitekt Rein Hofstra waard it eardere kafee ferboud. De feriening foar Doarpsbelang hat hjir har gearkomsten. "Praet van Raerd" is de doarpskrante. Stifting Festiviteiten Kommisje Raerd, ek wol merkekommisje neamd, regelt de festiviteiten yn it fjirde wykein fan augustus. Foar de jongerein wurdt der yn de wintermoannen wat organisearre yn sportkantine "Jongemakrite". Oan de Seelânwei stiet basisskoalle It Raerderhiem.

Ferienings

  • Nije Moed - toaniel
  • De Tûke Roeken - karnaval
  • Dokumintenkommisje
  • Euphonia - koar
  • Stifting Farrend Erfgoed
  • OSO - gymnastyk
  • iisklub Raerderhim
  • tennisferiening
  • Kuorbalferiening Wês Wis
  • Miss Stoot - biljerten

Befolking

Strjitten

Aldfeartswei, Buorren, De Blink, De Dille, De Pôle, Flânsum, Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, Poppenwiersterdyk, Seelânswei, Skoalstrjitte, Slotsdyk, Smitshoeke, Snitserdyk, Sylsterhoeke.

Keppeling om utens