Hegemer Mar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Kat
Wikiice (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 7: Rigel 7:
Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en [[De Moarre]] in gletsjerdal foarme yn de [[Ris-iistiid]]. It is dus net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar [[wettersport]].

[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]
[[Kategory:Wetter yn Wymbritseradiel]]
[[Kategory:Wetter yn Wymbritseradiel]]
[[Kategory:Mar]]
[[Kategory:Mar]]

De ferzje fan 19 apr 2010 om 09.28

De Hegemer Mar is in mar dat yn de gemeente Wymbritseradiel leit, súdwest fan Heech. De oerflakte is 650 ha, de djipte 1-3 m.

It Johan Frisokanaal komt oan de noardeast ein troch de Jeltesleat yn de mar, en rint troch in soal nei it súdwesten, dêr't tusken Langeherne en Leiepôle de mar oergiet yn de Fluezen. Oan de eastkant jouwe de Wâldseinster Rakken ferbining mei Wâldsein, en fia de Ie mei de Sleattemer Mar.

Njonken Heech leit oan de súdeastkant ek Yndyk oan de mar. Yn de mar, besúden Heech, leit it eilân de Rakkepôle.

Nei alle gedachten binne de Hegemer Mar, de Fluezen en De Moarre in gletsjerdal foarme yn de Ris-iistiid. It is dus net sa dat de lizzing yn de rjochting fan de súdwestewyn wiist op troch de weagen foarme marren. Dy rjochting betsjut al dat de Hegemer Mar by min waar mei weagen dy't fan de Fluezen weikomme gefaarlik wetter wêze kin. By goed waar is de mar lykwols in goed plak foar wettersport.