Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Deelen oanpast
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 11: Rigel 11:
[http://www.sjoerddevries.com/ De thússide fan Sjoerd de Vries]
[http://www.sjoerddevries.com/ De thússide fan Sjoerd de Vries]


{{DEFAULTSORT:Vries, Sjoerd de}}
[[kategory:Skilder]]
[[kategory:Skilder]]

De ferzje fan 12 apr 2010 om 19.42

Byldzjend keunstner Sjoerd de Vries is op 9 novimber 1941 berne yn Aldehaske dêr't er ek syn jongesjierren trochbrocht hat. Hy gie in blauwe moandei nei keunstakademy Minerva yn Grins mar wie dêr min yn te passen. Hy ferhuze nei Ljouwert, dêr't er noch altyd wennet. Yn syn jeugd wie de Vries in betûft hurdrinner en reedrider.

Syn 'hannelsmerk' is de mingde technyk dy't er foar syn wurk brûkt: Ald karton mei bonkelym tusken de lagen dat er ynsneit, bewurket mei in strykizer, beskildert, op 'e nij mei it mes bewurket ensfh.

Syn atelier yn de Muntflat op It Hearrenfean neamt er ek wol syn laboratorium. De Deelen, neffens de Vries 'de ûnderkant fan de Himalaya' is ien fan syn favoarite ûnderwerpen. Fierder is er bekend fan syn (sels-)portretten. Syn wurk is ûnder oaren te sjen yn Museum Belvédère op It Oranjewâld.

Yn 1971 ûntstie der reboelje oer in portret dat de Vries fan mr. A.A.M. van der Meulen, âld-boargemaster fan de Gemeente Ljouwert, makke hie. Van der Meulen fûn dat it skilderij net goed like, syn earen soene te grut ôfbylde wêze. Fia de rjochter twong er in eksposysjeferbod foar it portret ôf oan't 10 jier nei syn ferstjerren. Op freed 24 oktober 2003 rûn dat ultimatum ôf en waard it portret tentoansteld yn it Frysk Museum.

Ferwizing

De thússide fan Sjoerd de Vries