Wintersport: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 42: Rigel 42:
* [[Iishokky]] en [[Slidehokky]]: Iishokky is jn teamsport dy't spile wurdt op it iis. It is de bedoeling om de puck yn de goal fan de tsjinstanner te krijen.
* [[Iishokky]] en [[Slidehokky]]: Iishokky is jn teamsport dy't spile wurdt op it iis. It is de bedoeling om de puck yn de goal fan de tsjinstanner te krijen.


* [[Iis-speedway]]: iisspeedway is in tûke fan de motorsport wêrby't mei motors op in iisbaan reesd wurdt.
* [[Iisspeedway]]: iisspeedway is in tûke fan de motorsport wêrby't mei motors op in iisbaan reesd wurdt.


* [[IIs sile]] IIs sile is in foarm fan silen op befearzen marren hjirby brûkt hja in boat wêr’t redens ûnder set binne, de boatjes kinne snelheden fan rom 100 km per oere behelle wurde.
* [[IIs sile]] IIs sile is in foarm fan silen op befearzen marren hjirby brûkt hja in boat wêr’t redens ûnder set binne, de boatjes kinne snelheden fan rom 100 km per oere behelle wurde.

De ferzje fan 6 apr 2010 om 12.56

‘’’Wintersport’’’ is een sammelnamme foar foarmen fan sport dy’t as wedstriidsport, rekreaasje sport as as fakânsjeferdivedaasje op it iis as yn de snie dien wurde.

Skiednis

De measte wintersporten binne ûntstien as alternatyf ferfier yn de wintermoannen as de diken en farwegen net mear begeanber wiene. Sa wurdt der al ieuwen reedriden en prikslyde om iisflakten makliker oerstekke te kinnen. Nei ferin fan tiid waarden dizze alternative foarmen fan ferfier ek foar rekreative doeleinen brûkt. Sa waarden de eerste koartebaanwedstriiden voor reedriders al rûn 1800 ferriden en waarden der ek wedstriden foar priksliders hâlden, faak sels letterlik foar spek en beane.

It skyen ûntstie foaral yn de alpenlannen en yn de Skandinavyske lannen. Hjirtroch is der dus ek in ferskil ûntstien tusken it alpineskyen en noards-skye. Al wurdt de skyûntwikkeling rûn 1860 yn de Noarske regio Telemark sjoen as de bertegrûn fan it skyen as sport.

De toeristyske wintersport ûntstie foaral yn de Alpen om de rike bûtenlanners te fermeitsjen, Sankt Moritz yn Switserlân wurdt sjoen as bertegrûn fan de wintertoerisme ein 19e ieuw. in hoteleigner wist een oantal Ingelske simmergasten te oertsjûgjen ek ris yn de winter te kommen. It wintersporttoerisme is al jierren fan grut belang foar de toeristyske sektor yn de alpenlannen en wurdt al lang net mear allinne dien troch de rike boargers.

Wintersport yn Fryslân

Yn Fryslân kinne jo ek oan wintersporten dwaan, sa is der yn Fryslân hast yn elk plak wol in natoeriisbaan te finen, Ek had Fryslân twa keunstiisbanen de 400-meter baan Thialf op It Hearrenfean en de 200-meter baan Yshal Ljouwert yn Ljouwert.

Wannear't der yn de wintermoannen in goeie froastperioade oanbrekt kin der ek op bûtenwetter riden en slydzge wurde. Op eigen gelegenheid mar der kin dan ek meidien wurde oan organiseare toertochten. De ôfstannen fan sa'n toertocht kin fariearje fan 10 oant 200 km. De tochten liede somtiden troch gebieten dy’t oars net as min tagonklik binne.

Terminology

Natoeriisbaan

In natoeriisbaan is in iisbaan mei natuerlyk beferzen iis. Dit hâldt al yn dat er allinnich op riden as slydzge wurde kin as it iis sterk genôch is nei in pear dagen fan froast.

Keunstiisbaan

In keunstiisbaan is in iisbaan mei keunstmjittich oanmakke iis. Dizze iisbaan kin sawol yn de bûtenloft lizze as oerdekt dan wol healoerdekt wêze. It grutte foardiel fan in keunstiisbaan is dat der gjin perioade fan froast nedig is om er op ride en slidzjen te kinnen, ek de iiskwaliteit kin beter regulearre wurde.

Skypyste

In skypiste ek wol in pyste neamd is in markearre soane op ‘e flanken fan in berg wer’t hja skye kinne. Meatstentiids hat hja de snie op sa’n pyste bewurke sadat der ridlik feilige, snielaach ûntstiet dêr't sûnder in soad risiko’s skyed wurde kin.

Oersjoch fan wintersporten

Sniesporten

  • Alpineskye: It alpineskye is in foarm fan it skyen dy’t yn de alpenlannen ûntstien is. Binnen It Alpineskyen binne der fiif foarmen te ûnderskieden: de slalom, de reuzeslalom , de Super G, de ôfdaling en de Alpine-kombinaasje
  • Belslydjeie: It belslydjeien is it mei in belslyde sa hurd mooglik in bepaalde ôfstân troch de snie ôflizze.
  • Langlaufe: By it langlaufen moat der in Trajekt ôflein wurde. Der binne twa stylen fan rinnen: ‘de klassike styl’, hjirby rint men ûntersteund troch twa skystokken. De ‘frije styl’ liket op de reedriidtechnyk; hja doche dyt mei, en somtiden sûnder stokken. In rûte foar langlaufers hjit in loipe. By de klassike styl binne dat der twa spoaren.
  • Skânsspringen: by it skânsspringen skye de dielnimmers skye fan in skâns ôf, en probearje dêrby sa fier mooglik te springen.

Iissporten

Koartebaanriden
  • Iishokky en Slidehokky: Iishokky is jn teamsport dy't spile wurdt op it iis. It is de bedoeling om de puck yn de goal fan de tsjinstanner te krijen.
  • Iisspeedway: iisspeedway is in tûke fan de motorsport wêrby't mei motors op in iisbaan reesd wurdt.
  • IIs sile IIs sile is in foarm fan silen op befearzen marren hjirby brûkt hja in boat wêr’t redens ûnder set binne, de boatjes kinne snelheden fan rom 100 km per oere behelle wurde.
  • Koartebaanriden : It Koartebaan riden is in foarm fan baanriden dêr’t de baan mar ien kear riden wurdt.
  • Keunstriden: It keunstriden is in sportyf barren wêrby't solisten, pearen en groepen reedriders rotaasjes, sprongen en oare bewegingen op it iis meitsje, dat meastal ûnder begelieding fan muzyk útfierd wurdt, dit wurdt de “kür” neamd.
  • Langebaan riden: It langebaan riden is in foarm fan baanriden dêr’t de baan yn omgongen ride wurdt. It langebaan riden wurdt dien op in iisbaan fan 400 meter. Binnen it langebaan riden binne der ferskate foarmen mei elts har eigen ôfstannen. De sprint bestiet út de 500 en 1000 meter. De middenôfstân de 1500 en de langere ôfstannen 3000, 5000 en 10.000 meter. De kombinaasje fan duizze ôfstannen wurdt it allround riden neamd hjirby wurdt fan alle ferriden ôfstannen in klassemint opsteld wêrby't alle ôfstannen likke swier meitelle. Dêrnêst is der noch de Ploechefterfolging.
  • Maratonriden: Maratonriden is in foarm fan groepstart reedriden, oer grutte ôfstân, riden yn omgongen op keunstiis, of yn omgongen of tochten op natueriis. De bekindste maraton wedstriid fan Fryslân is de Alvestêdetocht dit is in tocht dy’t net bestiet út rûntsjes fan in bepaalde ôfstân, mar is echt in rûntsje fan 200 km, de alvestêdetocht kin allinne ferriden wurde as it iis op de gehiele rûte sterk genôch is.
  • Prikslydzje: Prikslydzje is it slydzjen oer it iis, mei in prikslide. Dit bart trochgeans op in 400-meter baan en is derom goed te fergelykjen mei it koartebaanriden en it langebaanriden.
  • Pronkriden: By it pronkriden giet it erom om pearsgewiis in sa moai mooglike ridersslach sjen te litten.
  • Shorttrack: Shorttrack is in groepstart-foarm fan it reedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme “Koartebaan”, mar it is net deselde sport as it Koartebaan fan it baanriden.