Hagedoarnen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fa:زالزالک
LNo edit summary
Rigel 33: Rigel 33:
{{Commonscat|Crataegus}}
{{Commonscat|Crataegus}}


[[Kategory:Plant]]
[[Kategory:Plantesoart]]


[[ar:زعرور]]
[[ar:زعرور]]

De ferzje fan 3 apr 2010 om 20.52

ienstilige hagedoarn

Hagedoarn (Crataegus) is in geslacht fan strûken dy't fan natuere yn Europa, Noard-Amearika, Aazje en Noard-Afrika foarkomme. Guon soarten komme ek as beam foar. De hagedoarn waard troch de toarnen op de tûken in soad brûkt yn hagen. It hout is hurd en fyn fan struktuer.

Fan it geslacht hagedoarn (Crataegus), ek hagebeam, hagebeibeam, hagedoarnen beamke, hagetoarn of smoarbeibeam neamd, komme yn de Benelúks twa soarten ynhiemsk foar. Dit binne de Ienstilige hagedoarn (Crataegus monogyna syn. C. oxycantha) en de Twastilige hagedoarn (Crataegus laevigata). Der komt lykwols ek in soartshybride fan de Ienstilige en Twastilige hagedoarn, Crataegus ×macrocarpa, yn it wyld foar.

It geslacht omfet hûnderten soarten, wêrfan trije yn Nederlân foarkomme, sawol yn it wyld as oanplante as sierbeam. Dêrneist wurdt de hybride Crataegus ×lavallei / C. lavallei as sierbeam oanplante. Dêrneist wurdt de út Sina kommende Crataegus persimilis as sierbeam yn Nederlân oanplante.

Eigenskippen

De ienstilige hagedoarn kin in beam fan wol 10 meter heech wurde, wylst de twastilige hagedoarn in strûk is dy't oant 4,5 meter heech wurdt. Se bloeie yn maaie/juny mei sterk rûkende blommen. Op de tûken sitte toarnen. Hagedoarnwinter of swarte hagekjeld is in oare namme foar iishilligen: 11-14 maaie.

As sierbeam wurdt fan de twastilige hagedoarn it ras 'Paul's Scarlet' oanplante. Dizze hat folde, rôzereade blommen en foarmet gjin fruchten. Troch de folde blommen is dizze hagedoarn minder gefoelich foar baktearjefjoer (Erwinia amylovora). De beam wurdt oant 6 meter heech. De beam wurdt troch okulearjen fermeardere op de ûnderstamme fan de oare soarten.

Medisinaal

Hagedoarn wurdt al sûnt de 16e ieu brûkt om de bloedsomrin te stimulearjen. Dizze wurking komt û.m. troch de ynhâldsstof rutine: dizze stof is wittenskiplik bekend om syn fermogen om blauwe plakken te foarkommen. Boppedat helpt hagedoarntee om de golesterol te ferleegjen.

Ekologyske wearde

De hagedoarn is troch syn toarnen aardich goed beskerme tsjin de fraat fan grutte weiders. It is in plant dy't benammen foarkomt oan boskrânen en yn klaaibermen.

Fermeardering

De plant fermeardert him troch sied en troch stekken.

Galerij

Referinsjes