Marylân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: arz:ماريلاند
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: rm:Maryland
Rigel 122: Rigel 122:
[[pt:Maryland]]
[[pt:Maryland]]
[[qu:Maryland suyu]]
[[qu:Maryland suyu]]
[[rm:Maryland]]
[[ro:Maryland (stat SUA)]]
[[ro:Maryland (stat SUA)]]
[[ru:Мэриленд]]
[[ru:Мэриленд]]

De ferzje fan 31 mrt 2010 om 01.11

State of Maryland
Vlag van Maryland Zegel van Maryland
Ofkoarting MD
Haadstêd Annapolis
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 32.160
Befolking 5.558.058
Oare ynformaasje
Tatreden 28 april 1788
Oantal countys 23

Marylân is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika en ferneamd nei de frou fan kening Karel I fan Ingelân. De haadstêd is Annapolis.

Skiednis

Marylân wie foarhinne in Britske koloanje, stifte troch George Calvert (Lord Baltimore), dy't op 25 maart 1634 de earste kolonisten nei it gebiet helle. It meastepart fan de ynwenners wie katolyk, wylst dat destiidsk by de measte oare kolonys net it gefal wie. De Maryland toleration act út 1649 wie ien fan de earste wetten dy't eksplisyt meardere (kristlike) leauwens tastie.

Marylân wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin de Britske kroan (sjoch Amerikaanske Revolúsje). Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch hâlde Marylân, dat tusken de Uny- en de Konfederaasjesteaten yn lei, har foar it grutste part ôfsidich. Wol fûn der op 17 septimber 1862 de bluodderige fjildslach by Antietam plak.

Geografy

De steat Marylân is 32.160 km² grut en leit yn de Eastern tiidsône. It gebiet grinzet yn noarden oan Pennsylvania, yn it westen en suden oan West Firginia en Firginia, en yn it easten oan Delaware.

It lân is nei it westen ta in stik heuveleftiger as yn it easten. It heechste punt leit op 1024 meter boppe seenivo. De súdgrins wurdt foarme troch de Potomak, dy't krekt as de Susquehanna útkomt yn de Chesapeake Bay. It gebiet by dizze baai is sompich.

Keppeling om utens