Maly Trostenets: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
wurkleas
ferw.
Rigel 8: Rigel 8:


Fan it kamp is allinnich in rige poulieren oer (part fan de freding, troch finzenen set) en der is in monumint foar de slachtoffers.
Fan it kamp is allinnich in rige poulieren oer (part fan de freding, troch finzenen set) en der is in monumint foar de slachtoffers.

== Sjoch ek ==
* [[List fan Nazikonsintraasjekampen]]


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 30 mrt 2010 om 09.55

Maly Trostenets en oare ferneatigingskampen yn Reichskommissariat Ostland. It kamp is oanjûn mei in swart-wite skedel.

Maly Trostenets (Wyt-Russysk: Малы́ Трасьцяне́ц) is een doarp krekt bûten Minsk yn Wyt-Ruslân. Yn de Twadde Wrâldkriich wie hjir in betreklik ûnekend nazikonsintraasjekamp.

Skiednis

It waard yn de simmer fan 1941 boud as konsintraasjekamp foar Russyske kriichsfinzenen (omdat yn juny fan dat jier Dútslân Ruslân oanfallen hie ûnder de koadenamme Operaasje Barbarossa) op it plak fan dêr't al in kolchoz wie bemanne fan 500 oant 1000 joadske en net-joadske finzenen. Op 10 maaie 1942 waard it in ferneatigingskamp, opset om de joaden út it getto fan Minsk útroegje te kinnen. It grutste part fan de joaden kaam fan Minsk, mar ek út Eastenryk, Dútslân en Tsjechoslowakije en Poalen kamen transporten oan. De measte joaden waarden fuortendaliks deadien mei in nekskot oan de râne fan it massagrêf dêr't se bedobbe wurde soene. Ut en troch binne ek gasweinen brûkt.

Doe't it Reade Leger yn 1944 hieltyd fierder oprukte, bombardearre de SS it kamp om it bewiismateriaal fan de massamoard te ferneatigjen. Der binne gjin oerlibbenen fan Maly Trostenets bekend. Yn it earstoan waard it tal slachtoffers rûsd oprûsde 200.000 tot 500.000, mar no hat men it oer minimaal 40.000 en maksimaal 65.000 deaden (Yad Vashem[1]). Op it plak sels wiene neffens de Russen lykwols dochs tekenen dat dêr sa'n 206,000 fermoarde binne.

Fan it kamp is allinnich in rige poulieren oer (part fan de freding, troch finzenen set) en der is in monumint foar de slachtoffers.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia de:, en: en nl:.
  1. Maly Trascianiec - Yad Vashem Accessed May 7, 2007