Dantumadiel: ferskil tusken ferzjes
[[]] |
|||
Rigel 64: | Rigel 64: | ||
== Sjoch ek == |
== Sjoch ek == |
||
* [[Fryske doarpen]] |
|||
* [[Fryske gemeenten]] |
* [[Fryske gemeenten]] |
||
* [[List fan boargemasters fan Dantumadiel]] |
|||
== Keppeling om utens == |
== Keppeling om utens == |
De ferzje fan 29 mrt 2010 om 08.57
Gemeente Dantumadiel
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | A. Aalbers | ||||||
Haadplak | Damwâld | ||||||
Oerflak - wetter |
87,49 km² - 1,64 km² | ||||||
Ynwenners | 19.762 | ||||||
Ferkearsieren | N356 | ||||||
Netnûmer | 0511 | ||||||
Postkoades | 9104-9114 9269-9271 | ||||||
Offisjeel webstee | www.dantumadeel.nl |
Dantumadiel (offisjeel Frysk, Nederlânsk: Dantumadeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, net fier súdlik fan Dokkum, mei 19.762 ynwenners (1 jannewaris 2004), en in gebiet fan 87,49 km2, wêrfan 1,64 km2 wetter.
Haadplak fan de gemeente is Damwâld, en de oare plakken yn de gemeente binne: Broeksterwâld, Driezum, De Falom, Feanwâlden, Rinsumageast, Readtsjerk, Sibrandahûs, Wâlterswâld en De Westereen. De gemeente brûkt Fryske plaknammen.
Skiednis
Datumadiel, Donthmadeil, wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan Wininge, en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de Noardlike Njoggen. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta Eastbroeksterlân en Kollumerlân. Yn 1389 waard ek Driezum in gebiet apart, mar yn 1404 waard it wer by Dantumadiel foege.
Dokkum hat yn de 20e ieu ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene de plakken Burdaard en Jannum oer nei de gemeente Ferwerderadiel.
Haadplak
Op 10 desimber 1999 is yn Damwâld it nije gemeentehús iepene wertroch Damwâld as grutste plak ek wer it haadplak fan de gemeente is. Yn it begjin fan de gemeenteskiednis wie Rinsumageast lange tiid it wichtichste plak fan de gemeente. De gritenijbestjoerders kamen gear yn 'It Rjochthús'. Yn 1881 waard op de krúshoeke yn Moarrewâld in nij gemeentehús boud. Oant en mei 1970 is it gemeentehús hjir bleaun. Dêrnei is it ferhuze nei Rinsma State yn Driezum. Omreden dat Rinsma State te lyts waard en men it gemeentehús ek leaver wer op in sintraal plak hawwe woe is efter it âld gemeentehús yn Moarrewâld, no part fan Damwâld, in nij gebou delsetten.
Untwikkeling ynwennertal
- 2004 - 19.762
- 2003 - 19.687
- 1974 - 17.127
- 1969 - 15.918
- 1964 - 15.508
- 1959 - 15.158
- 1958 - 15.161
- 1954 - 15.295
- 1939 - 14.226
- 1900 - grut 10.000
- 1848 - 7.000 (sirka)
- 1796 - 3.965
- 1714 - 2.794
Bekende Nederlanners út Dantumadiel
- Sipke Jan Bousema (1976), televyzjepresintator
- Tineke Huizinga (1960), politika, steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat
- Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer
- Theun de Vries (1907-2005), skriuwer
- Syb van der Ploeg (1966), musikus en komponist
- Tsead Bruinja (1974), dichter
- Ype Poortinga (1910-1985), skriuwer
- Theo Pijper (1980), gersbaanracer
- Worp fan Thabor (14??-1538), skriuwer
- Klaas van der Woude (1954), komponist/dirigint
- Syds Scheltes Tjaerda (14??-1546), edelman/grytman
- Arie Aalberts (1952), boargemaster
- Fokke Sierksma (1917-1977), teoloog
- Maurits Pico Diederik van Sytzama (1789-1848) politikus en bestjoerder
- Jannes van der Wal (1956-1996), dammer
- Meindert Koolstra (1917-1944), geheim agint