LAB: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de keppeling nei de Fryske Autobusmaatskippij oanpast.
Rigel 1: Rigel 1:
De [[Fennoatskip ûnder firma|V.o.f.]] '''Ljouwerter Auto Bedriuw (LAB)''' yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] wie in bedriuw dat fan [[1920]] - [[1970]] [[iepenbier ferfier]] mei [[autobus]]sen fersoarge yn it westlik diel fan [[Fryslân]].
De [[Fennoatskip ûnder firma|F.o.f.]] '''Ljouwerter Auto Bedriuw (LAB)''' yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] wie in bedriuw dat fan [[1920]] - [[1970]] [[iepenbier ferfier]] mei [[autobus]]sen fersoarge yn it westlik diel fan [[Fryslân]].

== Skiednis ==
== Skiednis ==
Oprjochter wie Frans Kimp, dy 't fan 1920 ôf mei ien bus groepsferfier fersoarge en yn linetsjinsten starte fan Ljouwert nei [[Holwert]] (yn oansluting op de [[fearboat]] nei [[It Amelân]]) en [[Snits (stêd)|Snits]]. Der kamen twa kompanjons by, sadat de firma yn 1927 ''Kimp, De Waard & Boontje'' hjitten gie, mar al gau waard de namme ''Ljouwerter Auto Bedriuw'') brûkt. Oprjochter Kimp ferliet it bedriuw yn 1929.

Troch oername fan in oantal oare busûndernimmings (as lêste de fa. ''Boonstra'' út [[Wommels]] yn 1941) en in lineruil mei de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|NTM]] yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke [[Harns (stêd)|Harns]] / Ljouwert / Snits / [[Makkum]], nei it westen begrinze troch de [[Iselmar]]. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de [[Noard-East-Fryske Autobusûndernimming|NOF]] yn [[Dokkum]].
Troch oername fan in tal oare busûndernimmings (as lêste de fa. ''Boonstra'' út [[Wommels]] yn 1941) en in lineruil mei de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|NTM]] yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke [[Harns (stêd)|Harns]] / Ljouwert / Snits / [[Makkum]], nei it westen begrinze troch de [[Iselmar]]. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de [[Noard-East-Fryske Autobusûndernimming|NOF]] yn [[Dokkum]].

Troch LAB-gebiet ried nei de iepening fan de [[Ofslútdyk]] ek de busline fan [[Nederlânske Spoarwegen|NS]]-[[dochterûndernimming]] [[Algemiene Transport Undernimming|ATO]] fan Ljouwert oer Harns nei [[Alkmaar]] mei in sydtûke fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] oer Snits. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden dizze linen, ûndanks protest fan de LAB, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en [[Nederlandsche Auto Car Onderneming|NACO]], dy't dêrmei twa haadferbiningen binnen it oan de LAB tawiisde ferfiersgebiet hienen.

Rigel 10: Rigel 10:
Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LAB en fersoarge dit bedriuw fanút festigingen yn Ljouwert en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] de linetsjinsten mei ûngefear 35 autobussen en 65 personielsleden. Dêrneist wie de LAB ek aktyf as [[touringcar]]bedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders NTM, NOF, [[Autobedriuw "De Súdwesthoeke"|ZWH]] en [[Ljouwerter Autobus Undernimming|LABO]] - oansluten by de reisorganisaasje ''Cebuto''.

Op 1 jannewaris 1971 gie de LAB op yn de [[Friese Autobus Maatschappij|FRAM]] troch in konstruksje dêr't de LAB earst by oergie nei de LABO, dy't sels wer oernomd wie troch NS-dochter NOF. It personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek 34 LAB-bussen - fan de merken [[Mercedes-Benz]], [[DAF (fabrikant)|DAF]] en [[British Leyland|Leyland]] en foar it meastepart mei [[karrossery]]en fan de Fryske busbouwers [[Hainje]] en [[Smit De Jouwer]] - waarden troch de FRAM oernomd.
Op 1 jannewaris 1971 gie de LAB op yn de [[Fryske Autobusmaatskippij|FRAM]] troch in konstruksje dêr't de LAB earst by oergie nei de LABO, dy't sels wer oernomd wie troch NS-dochter NOF. It personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek 34 LAB-bussen - fan de merken [[Mercedes-Benz]], [[DAF (fabrikant)|DAF]] en [[British Leyland|Leyland]] en foar it meastepart mei [[karrossery]]en fan de Fryske busbouwers [[Hainje]] en [[Smit De Jouwer]] - waarden troch de FRAM oernomd.

Hjoed-de-dei (2007) wurde alle eardere LAB-linen eksploitearre troch [[Connexxion]], dat de [[oanbesteding]] wûn fan de foarrige [[konsesje (fergunning)|konsesjehâlder]] [[Arriva]].
Hjoed-de-dei (2007) wurde alle eardere LAB-linen eksploitearre troch [[Connexxion]], dat de [[oanbesteding]] wûn fan de foarrige [[konsesje (fergunning)|konsesjehâlder]] [[Arriva]].

De ferzje fan 26 mrt 2010 om 15.29

De F.o.f. Ljouwerter Auto Bedriuw (LAB) yn Ljouwert wie in bedriuw dat fan 1920 - 1970 iepenbier ferfier mei autobussen fersoarge yn it westlik diel fan Fryslân.

Skiednis

Oprjochter wie Frans Kimp, dy 't fan 1920 ôf mei ien bus groepsferfier fersoarge en yn linetsjinsten starte fan Ljouwert nei Holwert (yn oansluting op de fearboat nei It Amelân) en Snits. Der kamen twa kompanjons by, sadat de firma yn 1927 Kimp, De Waard & Boontje hjitten gie, mar al gau waard de namme Ljouwerter Auto Bedriuw) brûkt. Oprjochter Kimp ferliet it bedriuw yn 1929.

Troch oername fan in tal oare busûndernimmings (as lêste de fa. Boonstra út Wommels yn 1941) en in lineruil mei de NTM yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke Harns / Ljouwert / Snits / Makkum, nei it westen begrinze troch de Iselmar. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de NOF yn Dokkum.

Troch LAB-gebiet ried nei de iepening fan de Ofslútdyk ek de busline fan NS-dochterûndernimming ATO fan Ljouwert oer Harns nei Alkmaar mei in sydtûke fan It Hearrenfean oer Snits. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden dizze linen, ûndanks protest fan de LAB, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en NACO, dy't dêrmei twa haadferbiningen binnen it oan de LAB tawiisde ferfiersgebiet hienen.

Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LAB en fersoarge dit bedriuw fanút festigingen yn Ljouwert en Boalsert de linetsjinsten mei ûngefear 35 autobussen en 65 personielsleden. Dêrneist wie de LAB ek aktyf as touringcarbedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders NTM, NOF, ZWH en LABO - oansluten by de reisorganisaasje Cebuto.

Op 1 jannewaris 1971 gie de LAB op yn de FRAM troch in konstruksje dêr't de LAB earst by oergie nei de LABO, dy't sels wer oernomd wie troch NS-dochter NOF. It personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek 34 LAB-bussen - fan de merken Mercedes-Benz, DAF en Leyland en foar it meastepart mei karrosseryen fan de Fryske busbouwers Hainje en Smit De Jouwer - waarden troch de FRAM oernomd.

Hjoed-de-dei (2007) wurde alle eardere LAB-linen eksploitearre troch Connexxion, dat de oanbesteding wûn fan de foarrige konsesjehâlder Arriva.

Museumbus

Yn de kolleksje fan it Noardlik Bus Museum yn Winschoten stiet de eardere LAB-bus 17, in DAF B1300 mei karrossery Smit De Jouwer, boud yn 1968.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Velstra Tzn. - Met de LAB op stap. Historie van het Leeuwarder Autobedrijf 1920-1970. Utjouwerij. Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2007. ISBN 978 90 330 0647 0