Haadling: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 7: Rigel 7:


==Midsieuwen==
==Midsieuwen==
Yn de [[Midsieuwen]], doe't by de measte folken de funksje fan haadling oernommen waard troch eallju, bleau by de Friezen de funksje fan haadling bestean. Sy wienen foaral persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Doe it greeflik gesach yn [[Fryslân]] ophâlde en in nij tiidrek fan [[Fryske frijheid]] begûn, krige dizze haadlingen in protte macht. Yn doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlik en juridysk foech. As teken fan harren macht, mar ek as ferdigening yn de [[Skieringers en Fetkeapers|partijstriid]], bouden sy [[stins|stinzen]], fersterke stiennen huzen.
Yn de [[Midsieuwen]], doe't by de measte folken de funksje fan haadling oernommen waard troch [[eallju]], bleau by de Friezen de funksje fan haadling bestean. Sy wienen foaral persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Doe it greeflik gesach yn [[Fryslân]] ophâlde en in nij tiidrek fan [[Fryske frijheid]] begûn, krige dizze haadlingen in protte macht. Yn doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlik en juridysk foech. As teken fan harren macht, mar ek as ferdigening yn de [[Skieringers en Fetkeapers|partijstriid]], bouden sy [[stins|stinzen]], fersterke stiennen huzen.


== Nederlannen ==
== Nederlannen ==

De ferzje fan 25 mrt 2010 om 09.45

In Haadling (meartal: Haadlingen), wienen oarspronklik de keazen lieders by de Germaanske folken, lykas de Friezen. It wie gjin aadlike titel mar betsjutte wichtich persoan. Mei de tiid waarden sy persoanen of ynfloedrike famyljes dy't in soad lân hienen en bestjoerlike en juridyske foech útoefenen.

Untstean

By de iere Germanen hie in haadling it allinne foar it sizzen yn syn doarp of gebiet. Hy spriek rjocht by skelen en rôp by swierrichheden de befolking by inoar. By guon stammen hie in haadling ek in sakrale funksje. In skoftlang wie hy de wichtichste persoan, faaks oant syn dea ta of as der in nije haadling keazen waard. Mei de tiid lykwols, waarden haadlingen hieltyd faker keazen út de groep fan eallju, de elite fan de befolking. Sûnt it Grutte Folkeferfarren kaam der ek mear ôfstân tusken de gewoane minsken en de eallju.

Soms waard yn tiden fan oarloch in haadling as oarlochslieder beneamd. By de Germanen hiet sa'n oarlochslieder hartoch.

Midsieuwen

Yn de Midsieuwen, doe't by de measte folken de funksje fan haadling oernommen waard troch eallju, bleau by de Friezen de funksje fan haadling bestean. Sy wienen foaral persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Doe it greeflik gesach yn Fryslân ophâlde en in nij tiidrek fan Fryske frijheid begûn, krige dizze haadlingen in protte macht. Yn doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlik en juridysk foech. As teken fan harren macht, mar ek as ferdigening yn de partijstriid, bouden sy stinzen, fersterke stiennen huzen.

Nederlannen

Der kaam in ein oan de selsstannich macht fan de haadlingen oan 'e ein fan de 15e ieu en it begjin fan de 16e ieu. De Saksyske Hartoggen, en nei harren de Boergondyske Keizers hawwe mei privileezjes de measte haadlingen oan it lânsbewâld bûn. Yn guon gefallen krige in haadling in aadlike titel, de oare privilegearde haadlingen neamden har hearskip of jonker. Troch de 16e en 17e ieu hienen dizze hearskippen noch in grutte ynfloed op it bestjoer fan Fryslân, mei't hja faak de, hast erflike, funksje fan grytman hienen. Earst yn de Bataafske Republyk kaam der in ein oan dizze bestjoerlike macht.