Free jazz: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bs:Free jazz
L Bot - derby: ru:Фри-джаз
Rigel 35: Rigel 35:
[[pl:Free jazz]]
[[pl:Free jazz]]
[[pt:Free jazz]]
[[pt:Free jazz]]
[[ru:Фри-джаз]]
[[sv:Frijazz]]
[[sv:Frijazz]]
[[uk:Фрі-джаз]]
[[uk:Фрі-джаз]]

De ferzje fan 22 mrt 2010 om 12.25

Jazzmusici Reggie Workman, Pharoah Sanders en Idris Muhammad spylje Free jazz by in optreden yn 1978.

Free jazz is in avant-gardistyske muzykstyl yn de jazz dy't syn oarsprong fynt yn de fyftiger en sechstiger jierren. Jazzmuzisy dy't mei dy styl assosjearre wurde binne ûnder oare de saksofoanisten Ornette Coleman en Albert Ayler en de pianist Cecil Taylor. Skaaimerk fan dizze styl is it bewust ôfwiken fan de (yn dy tiid) gongbere konfinsjes yn de jazz-ymprovisaasje lykas fêste akkoardopfolgings, tonale harmony, of lykbliuwend tempo en in fêst metrum.

Skaaimerken

Free jazz is mooglik wol ien fan de minst tagonklike (en dêrtroch minder populêre) stilen yn de jazz. De muzyk komt hurd en agressyf oer en der wurde in soad dissonanten brûkt, en gruttere ferskillen yn toanhichte en ek it brûken fan hiel hege registers (altissimo) is wenst. In free jazz útfiering makket meast net of amper gebrûk fan foarôf komponearre meldijen of akkoardopfolgings, ymprovisaasjes besteane gauris út koarte frazes dy't troch meispilers imitearre wurde.

De free jazz bands besteane gauris út in relatyf lyts tal spilers, yn earste ynstânsje waard de pianist meast fuort litten omdat dy tradisjoneel sjoen it spyljen fan de akkoardopfolgings as taak hie, en it wiene krekt dy't akkoardopfolgings en fêste harmoyen dêr't se ôf woene.

Keppelings om utens