F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 12: Rigel 12:
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske [[De Kameleon|Kameleonfilm]]. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út likegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.

De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwen fan de feriening en it behear fan har finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas [[fuotbal]], [[keatsen]] of [[klaverjassen]].
De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed trochrinnen fan de feriening en it behear fan syn finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas [[fuotbal]], [[keatsen]] of [[klaverjassen]].

It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch trije soasjûnen yn 'e wike. Leden en oare yntresearre minsken kinne del komme foar in drankje en praatsje oan de bar, om te spikerslaan en om gesellich wat te dûnsjen! Fierder wurd der fjouwer kear yn’t jier in kamp organisearre, is der regelmjittig in sprekker op de Pizel om te praten oer aktuele en ynteressante ûnderwerpen en wurde der temafeesten en sportive aktiviteiten op tou setten.
It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch trije soasjûnen yn 'e wike. Leden en oare yntresearre minsken kinne del komme foar in drankje en praatsje oan de bar, om te spikerslaan en om gesellich wat te dûnsjen! Fierders wurdt der fjouwer kear yn’t jier in kamp organisearre, is der geregeld in sprekker op de Pizel om te praten oer aktuele en ynteressante ûnderwerpen en wurde der temafeesten en sportive aktiviteiten op tou setten.

==Federaasje==
==Federaasje==

De ferzje fan 20 mrt 2010 om 19.50

Wapen FFJ Bernlef

F.F.J. Bernlef, de Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef, is in studinteferiening yn Grins.

Skiednis

Bernlef is oprjochte yn 1925 nei in oprop fan Ruerd Heech yn de Der Clercke Cronike, de foargonger fan de notiidske UniversiteitsKrant. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard Bernlef.

Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroarings meimakke. In konstante wie foaral de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande woene en de minsken dy't it leaver wat geselliger meiïnoar hawwe woene. Yn 1956 krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, De Harpe, it earste nûmer hie noch in oare namme De Klok.

Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn 1971 is Bernlef yn it pân De Pizel, Tuinstraat 22, oan de râne fan de binnenstêd fan Grins tein en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.

Hjoeddeisk

Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske Kameleonfilm. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út likegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.

De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed trochrinnen fan de feriening en it behear fan syn finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan De Harpe. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas fuotbal, keatsen of klaverjassen.

It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch trije soasjûnen yn 'e wike. Leden en oare yntresearre minsken kinne del komme foar in drankje en praatsje oan de bar, om te spikerslaan en om gesellich wat te dûnsjen! Fierders wurdt der fjouwer kear yn’t jier in kamp organisearre, is der geregeld in sprekker op de Pizel om te praten oer aktuele en ynteressante ûnderwerpen en wurde der temafeesten en sportive aktiviteiten op tou setten.

Federaasje

Bernlef is lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings dy't op syn beurt wer oansletten is by de Ried fan de Fryske Beweging. De wichtichste aktviteit fan de Federaasje is de jierlikse organisaasje fan it Krystkongres yn Frjentsjer.

Keppeling om utens