Eise Eisinga: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 10: Rigel 10:


== Planetarium ==
== Planetarium ==
Doe't op [[8 maaie]] [[1774]] [[Merkurius]], [[Fenus]], [[Mars]], [[Jupiter]] en de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] tegearekamen, skreau de [[Ljouwerter Krante]] oer in boekje dat foarsei dat dy gearstand de ein fan de wrâld wêze soe. Dêr kaam panyk fan, dat Eisinga woe de lju fan Frjentsjer sjen litte krekt wat in gearstân fan planeten wie. Hy begûn de bou fan in planetarium yn syn hûs.
Doe't op [[8 maaie]] [[1774]] [[Merkurius]], [[Fenus]], [[Mars]], [[Jupiter]] en de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] gearkamen, skreau de [[Ljouwerter Krante]] oer in boekje dat foarsei dat dy gearstân de ein fan de wrâld wêze soe. Dêr kaam panyk fan, dat Eisinga woe de lju fan Frjentsjer sjen litte krekt wat in gearstân fan planeten wie. Hy begûn de bou fan in planetarium yn syn hûs.


Eisinga waard stipe troch heechlearaar en fysikus [[Jean Henri van Swinden|J. H. van Swinden]], in patriot.
Eisinga waard stipe troch heechlearaar en fysikus [[Jean Henri van Swinden|J. H. van Swinden]], in patriot.
Rigel 20: Rigel 20:


== Polityk ==
== Polityk ==
Eisinga wie [[patriotten|patriot]] en krige in konflikt mei de fan de prins oertsjûchde skutterij, dat hy moast yn [[1787]] flechtsje. Hy gie nei [[Dútslân]], mar doe't er hearde dat syn wiif stoarn wie en der beslach op syn hûs lei wie, fêstige er him as wolkjimmer yn [[Fiskflyt]]. Yn [[1791] waard er dochs nog oppakt en foar fiif jier út Fryslân ferballe. Hy wertroude mei Trijntje Eelkes Sickema út Fiskflyt en kaam earst nei de omkearing fan [[1795]] werom yn Frjentsjer. Hy waard lid fan it Frysk Provinsjaal Bestjoer yn de [[Bataafske Republyk]].
Eisinga wie [[patriotten|patriot]] en krige in konflikt mei de fan de prins oertsjûge skutterij, dat hy moast yn [[1787]] flechtsje. Hy gie nei [[Dútslân]], mar doe't er hearde dat syn wiif stoarn wie en der beslach op syn hûs lein wie, fêstige er him as wolkjimmer yn [[Fiskflyt]]. Yn [[1791] waard er dochs noch oppakt en foar fiif jier út Fryslân ferballe. Hy wertroude mei Trijntje Eelkes Sickema út Fiskflyt en kaam earst nei de omkearing fan [[1795]] werom yn Frjentsjer. Hy waard lid fan it Frysk Provinsjaal Bestjoer yn de [[Bataafske Republyk]].


== Neitins ==
== Neitins ==

De ferzje fan 20 mrt 2010 om 09.08

Eise Eisinga troch Willem Bartel van der Kooi, 1827.
Planetarium
Eisinga-monumint, Frjentsjer

Eise Eisinga (* 21 febrewaris 1744, Dronryp - † 27 augustus 1828, Frjentsjer) wie in wolkjimmer, amateur astronoom en skepper fan it planetarium yn Frjentsjer. Njonken dat hat er noch ferskate funksjes yn Frjentsjer hân.

Eisinga krige ûnderwiis fan syn heit, dy't in soad niget hie oan wiskunde en stjerrekunde, en wie der by doe't Wytse Foppes Dongjuma in wichtige astronomyske waarnimming die.

Planetarium

Doe't op 8 maaie 1774 Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de Moanne gearkamen, skreau de Ljouwerter Krante oer in boekje dat foarsei dat dy gearstân de ein fan de wrâld wêze soe. Dêr kaam panyk fan, dat Eisinga woe de lju fan Frjentsjer sjen litte krekt wat in gearstân fan planeten wie. Hy begûn de bou fan in planetarium yn syn hûs.

Eisinga waard stipe troch heechlearaar en fysikus J. H. van Swinden, in patriot.

It planetarium waard sa grut dat Eisinga it yn syn hûs ynboude. Yn 1781 wie er ree mei de bou. Sûnt dy tiid jout it planetarium de stân fan de planeten oan. It hûs waard yn 1826, foar syn dea, kocht troch it ryk, en is no it Eise Eisinga Planetarium. It planetarium rint hieltiid noch.

De skriuwer Piter Terpstra hat in roman oer it libben fan Eise Eisinga skreaun mei de titel Wolken en stjerren en Willem Bartels van der Kooi hat syn portret skildere


Polityk

Eisinga wie patriot en krige in konflikt mei de fan de prins oertsjûge skutterij, dat hy moast yn 1787 flechtsje. Hy gie nei Dútslân, mar doe't er hearde dat syn wiif stoarn wie en der beslach op syn hûs lein wie, fêstige er him as wolkjimmer yn Fiskflyt. Yn [[1791] waard er dochs noch oppakt en foar fiif jier út Fryslân ferballe. Hy wertroude mei Trijntje Eelkes Sickema út Fiskflyt en kaam earst nei de omkearing fan 1795 werom yn Frjentsjer. Hy waard lid fan it Frysk Provinsjaal Bestjoer yn de Bataafske Republyk.

Neitins

Eise Eisinga is as ien fan de 50 tema's opnomd yn de kanon fan Nederlân fan de kommisje-Van Oostrom. Teffens is er opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis en yn Frjentsjer stiet in monumint ta syn neitins.

Boarne

Keppeling om utens