Godfryd de Wytsing: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Bot - derby: fr:Godfred
L Bot - derby: it:Godfrid di Frisia
Rigel 21: Rigel 21:
[[en:Godfrid, Duke of Frisia]]
[[en:Godfrid, Duke of Frisia]]
[[fr:Godfred]]
[[fr:Godfred]]
[[it:Godfrid di Frisia]]
[[nl:Godfried de Noorman]]
[[nl:Godfried de Noorman]]

De ferzje fan 15 mrt 2010 om 18.34

Deenske sealju, skildere healwei de 12e ieu

Gudröd Haraldsson better bekend as Godfried de Wytsing, wie in Deenske Wytsing dy't it tusken 880 en 885 foar it sizzen hie yn in grut part fan Nederlân dat yn dy tiid noch Fryslân hiet.

Ofkomst

Godfried waard om-ende-by 820 berne yn Denemarken as soan fan Harald Halvdansson (Harald Klak), in Deenske haadling en Sigrid Helgesdotter. Hy wie ek in neef fan de Deenske Wytsingenlieder Rorik dy't in grut part fan it eardere Fryske ryk fan de Frankyske kening yn lien krigen hat.

Greve fan Fryslân

Godfried kaam nei Fryslân ta en tsjinne ûnder syn omke. Hy liet him bekeare ta it Kristlike leauwen en boaske yn 869 mei Gisela, de dochter fan Lotarius II. Yn 880 kaam Rorik te ferstjerren en waard opfolge troch Godfried. Dizze foel mei syn Wytsingenleger Flaanderen yn en oermastere Gint. Fan derút sette hy ferskate plondertochten op tou en waarden in grut oantal delsettingen ynnommen, lykas: Maastricht, Liol, Stavelot, Prüm, Keulen and Koblenz. Om in ein te meitsjen oan dizze kriichstochten hie de Frankyske kening Karel de Dikket in moeting mei him en joech him hiel Fryslân yn lien.

Dea

Yn 885 hie hy oerlis mei in soan fan Lotharius II yn Spijk om Lotharingen yn hannen te krijen. Hy waard lykwols fermoarde troch in groep Frykse eallju, dêr't de Fryske greve Gerolf diel fan útmakke. Hjirmei kaam in ein oan de Wytsingen yn Fryslân.

Boarnen

  • Encyclopedia: Grote Winkler Prins
  • Algemene Geschiedenis der Nederlanden (AGN)