Pertinaks: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
fw
Rigel 7: Rigel 7:
Op âldjiersjûn [[31 desimber]] [[192]] waard de hate keizer [[Kommodus]] troch in komplot fan senatoaren en mei help fan famylje fan Kommodus om it libben brocht. Deselde jûn noch waard bekend makke dat Pertinaks as nije keizer beneamd wie.

It korrupte rezjym fan Kommodus koe lykwols net sa gau ûngedien makke wurde. Pertinaks, dy't him mei de bêste bedoelings oan it wurk sette om de korrupsje fuort te bannen en it regear te reorganisearjen, makke de fout dat er te hurd de feroarings trochsette woe. Troch de ekonomyske maatregels dy't er naam, rûn syn populariteit hurd tebek by de noch hieltyd machtige korrupte elite, fral by de op jild beluste pretorjaanske garde.
It korrupte rezjym fan Kommodus koe lykwols net sa gau ûngedien makke wurde. Pertinaks, dy't him mei de bêste bedoelings oan it wurk sette om de korrupsje fuort te bannen en it regear te reorganisearjen, makke de fout dat er te hurd de feroarings trochsette woe. Troch de ekonomyske maatregels dy't er naam, rûn syn populariteit hurd tebek by de noch hieltyd machtige korrupte elite, fral by de op jild beluste praetoriaanske garde.

Al binnen inkele dagen, op [[3 jannewaris]], besochten guons in nije kûp te pligen; in twadde mislearre kûp folge begjin maart. It grutste gefaar kaam lykwols fan de [[pretorjaanske garde]], dy't net tefreden wienen oer de wize wêrop de troanopfolging gien wie. Op [[28 maart]] [[193]] bestoarme in kloft oproer meitsjende soldaten it paleis en fermoarde de 66 jier âlde keizer.
Al binnen inkele dagen, op [[3 jannewaris]], besochten guons in nije kûp te pligen; in twadde mislearre kûp folge begjin maart. It grutste gefaar kaam lykwols fan de [[praetoriaanske garde]], dy't net tefreden wienen oer de wize wêrop de troanopfolging gien wie. Op [[28 maart]] [[193]] bestoarme in kloft oproer meitsjende soldaten it paleis en fermoarde de 66 jier âlde keizer.

Troch dizze moard op Pertinaks waard in boargerkriich losmakke dy't sawat fjouwer jierren duorje soe en dêr't trije aspirant-keizers de dea yn fine soenen. (wêrûnder syn rjochtstreekse opfolger [[Didius Julianus]]), en dêr't lang om let [[Septimius Severus]] yn triomfearje soe.

De ferzje fan 12 mrt 2010 om 23.23

Búste fan Pertinaks, Fatikaan Museum

Pertinaks, folút yn it Latyn Publius Helvius Pertinax (1 augustus 126 - 28 maart 193) wie 86 dagen lang keizer fan Rome, fan 31 desimber 192 - 28 maart 193. Hy wie in yntegere keizer, dy't slachtoffer waard fan in djip woartele, fan syn foargonger erve korrupsje. Hy is ek it foarbyld fan ien dy't op eigen krêft fan in beskieden posysje opgong makke ta it heechste amt yn it Romeinske Ryk.

Skiednis

Pertinaks waard berne yn Ligurje, Itaalje op 1 augustus 126 as soan fan in befrijde slaaf dy't súksesfol houthanneler wurden wie. As jongfeint sette syn wurkpaad útein as skoalmaster, mar tsjinne letter yn it leger. Hy makke snel opgong tidens de eastlike krigen fan de jierren 160-170. Dêrnei waard hy troch Markus Aurelius beneamd as senator, konsul yn 175, en gûverneur fan ferskate wichtige provinsjes, wêrûnder Syrje. Yn 192 wied er op 'e nij konsul fan Rome en tagelyk prefekt.

Op âldjiersjûn 31 desimber 192 waard de hate keizer Kommodus troch in komplot fan senatoaren en mei help fan famylje fan Kommodus om it libben brocht. Deselde jûn noch waard bekend makke dat Pertinaks as nije keizer beneamd wie.

It korrupte rezjym fan Kommodus koe lykwols net sa gau ûngedien makke wurde. Pertinaks, dy't him mei de bêste bedoelings oan it wurk sette om de korrupsje fuort te bannen en it regear te reorganisearjen, makke de fout dat er te hurd de feroarings trochsette woe. Troch de ekonomyske maatregels dy't er naam, rûn syn populariteit hurd tebek by de noch hieltyd machtige korrupte elite, fral by de op jild beluste praetoriaanske garde.

Al binnen inkele dagen, op 3 jannewaris, besochten guons in nije kûp te pligen; in twadde mislearre kûp folge begjin maart. It grutste gefaar kaam lykwols fan de praetoriaanske garde, dy't net tefreden wienen oer de wize wêrop de troanopfolging gien wie. Op 28 maart 193 bestoarme in kloft oproer meitsjende soldaten it paleis en fermoarde de 66 jier âlde keizer.

Troch dizze moard op Pertinaks waard in boargerkriich losmakke dy't sawat fjouwer jierren duorje soe en dêr't trije aspirant-keizers de dea yn fine soenen. (wêrûnder syn rjochtstreekse opfolger Didius Julianus), en dêr't lang om let Septimius Severus yn triomfearje soe.

Antike boarnen

Keppeling om utens