Pepiniden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: it:Pipinidi
Rigel 76: Rigel 76:
[[fr:Pépinides]]
[[fr:Pépinides]]
[[hu:Pipinidák]]
[[hu:Pipinidák]]
[[no:Pipinidene]]
[[it:Pipinidi]]
[[nl:Pepiniden]]
[[nl:Pepiniden]]
[[no:Pipinidene]]
[[pt:Pipinidas]]
[[pt:Pipinidas]]
[[ru:Пипиниды]]
[[ru:Пипиниды]]

De ferzje fan 10 mrt 2010 om 19.00

De Pippyniden wienen in dynasty fan Frankyske eallju út Austraasje, dêr't in protte fan Pippyn neamd waarden.

De term ‘Pippyniden’ giet werom op de foarâlden fan de Karolingyske dynasty, dat wol sizze de ôfstammelings fan de froulike line fan Pippyn I of Pippyn fan Lannen en fan de manlike line fan Pippyn II, mei de bynamme Pippyn fan Herstal.

De lêste, in rike lanealman, fersloech yn 687 Bercharius, de hofmeier fan Neustrje te Tertry. Hy waard dêrnei hofmeier fan Austraasje, en dêrop ek hofmeier fan it Frankyske ryk ûnder de Merovingyske keningen Teuderik III, Klovis IV, Gildebert III en lang om let Dagobert III.

Te begjinnen mei Karel Martel dy't as ûnwettig bern earst net erkend waard as ien fan de Pippyniden, waarden de ôfstammelings fan de Pippyniden Karolingen neamd, as neisieten fan Karel Martel en foarâlden fan har grutte neisiet, Karel de Grutte.

It wichtige gebiet dêr't de Pippyniden hearsken, waard it plak dêr't ek de Karolingen it leafst tahâlden: de omkriten fan Luik (benammen Herstal en Jupille), Aken en Keulen.

Stambeam

Pippyn fan Lannen (585-† 639), hofmeier fan Austraasje (615-639).
 Troud mei Ida fan Nijvel
 ¦
 +-Grimoald I (616-† v.662), hofmeier fan Austraasje (643-likernôch 662). Fermoarde te Parys.
 ¦ Trout mei: ?
 ¦ ¦
 ¦ +-Fulfetrudis (?-† 669), abdis fan Nijvel. 
 ¦ +-Gildebert de Adoptearre (?-† 662), kening fan Austraasje (656-662).
 ¦   adoptearre troch de  Austrasyske kening Sigebert III.
 |
 +-Begga (620-† 693). 
 ¦ Trout yn 635 mei Ansegisel, sjoch nei ûnderen 
 ¦
 +-Gertrudis fan Nijvel (626-† 659), abdis te Nijvel. 
Arnulf fan Metz (582-† 640), biskop fan Metz. Muonts te Saint-Mont.
 Trout mei: Dode
 ¦
 +-Klodulf (?-† 697), biskop fan Metz (656). 
 +-Ansegisel (?-† 679), hofmeier fan Austraasje(629-639). 
   Trout mei: Begga (635)
   ¦
   +-Pippyn fan Herstal (635-† 714), hofmeier van Austraasje (680), 
     hofmeier fan Neusterje (687), hofmeier fan Boergonje (687), kening fan de Franken. 
     1) troud mei: Plektrudis
     2) konkubine: Alpaïda fan Bruyères
     ¦
     +-Fan 1: Drogo fan Sjampanje (670-† 708), greve fan de Sjampanje.
     ¦ troud mei: Anstrudis
     ¦ ¦
     ¦ +-Pippyn (?-?). 
     ¦ +-Godfried (?-?). 
     ¦ +-Hugo fan Rouen (?-† 730), abt fan de abdij fan Fontenelle, aartsbiskop fan Rouen. 
     ¦ +-Arnulf fan Sjampanje (690-† 721), greef fan de Sjampanje.
     ¦
     +-Fan 1: Grimoald II (?-† 714), hofmeier fan Boergonje, hofmeier fan Neustrje (700). 
     ¦ trout mei: Teodelinda
     ¦ ¦
     ¦ +-Teodoaldus (?-?). 
     ¦ +-Arnold (?-?).
     +-Fan 2: Gildebrand (?-† 695), greve fan de Franken, greve fan Boergonje. 
     ¦ troud mei: ?
     ¦ ¦
     ¦ +-Nibelung (725-?).
     ¦
     +-Fan 2: Karel Martel (685-† 741), hofmeier van Austraasje (719), 
              hofmeier fan Neusterje (719), hofmeier van Boergonje (719).
              (begjin fan de Karolingen)

Sjoch ek

Keppeling om utens