Henry Kissinger: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
oanset
 
No edit summary
Rigel 10: Rigel 10:
Op 22 septimber 1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, hokker funksje hy oant 1977 útoefene soe.
Op 22 septimber 1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, hokker funksje hy oant 1977 útoefene soe.


[Kategory:Feriene Steaten]]
[[Kategory:Feriene Steaten]]


[[ar:هنري كسنجر]]
[[ar:هنري كسنجر]]
Rigel 28: Rigel 28:
[[fi:Henry Kissinger]]
[[fi:Henry Kissinger]]
[[fr:Henry Kissinger]]
[[fr:Henry Kissinger]]
[[fy:Henry Kissinger]]
[[gl:Henry Alfred Kissinger]]
[[gl:Henry Alfred Kissinger]]
[[he:הנרי קיסינג'ר]]
[[he:הנרי קיסינג'ר]]

De ferzje fan 5 mrt 2010 om 22.19

Henry Kissinger yn 1976

Henry Alfred Kissinger (Fürth (Dútslân), 27 maaie 1923) is in Amerikaansk diplomaat en politikus fan joadske komôf. Hy jildt tsjintwurdich as in wichtich arsjitekt fan de Amerikaanske polityk fan ûntspanning mei de Sowjet-Uny en Sina.

Hy waard berne as Heinz Alfred Kissinger. Yn 1938, op de flecht troch Adolf Hitlers ferfolging fan de Joaden, ferfarre syn famylje fanút Dútslân nei New York. Op 19 juny 1943 waard Kissinger Amerikaansk steatsboarger. As soldaat yn it Amerikaanske leger kaam Kissinger oan de ein fan de kriich werom nei Dútslân. Hy waard dêr militêr besjoerder.

Letter gong er wurken as heechlearaar ynternasjonale betrekkingen oan de universiteit fan Harvard, dêr't hy ek inkele boeken publisearre oer ôfskrikken mei nukleêre wapens. Neffens him wie tusken lytsskalich geweld en de ynset fan atoomwapens foar de Feriene Steaten gjin leauwenswurdich militêr optrede mooglik. Dat brocht him yn de polityk, ynearsten as Demokraat, letter as Republikein.

Henry Kissinger waard yn 1968 spesjaal adviseur fan presidint Nixon op it mêd fan de nasjonale feiligens. Hy ûntfong tegearre mei Le Duc Tho de Nobelpriis foar de Frede foar syn ynset by it ôfsluten fan fredesbestân yn de Fietnamkriich.

Op 22 septimber 1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, hokker funksje hy oant 1977 útoefene soe.