Ferskil tusken ferzjes fan "Geslachtsmienskip"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
oanfold en wikifisearre fan nl:
(oanfold en wikifisearre fan nl:)
[[Ofbyld:Missionary Sex Position.png|rechts|thumb|''[[Misjonarishâlding|missjnaris]]'']]
[[Ofbyld:Lotus-sex-position.svg|rechts|thumb|''Lotusposysje]]
 
'''Geslachtsferkear''', ''koïtus'', ''kopulaasje'' of ''neuke'' is it ynbringen fan de [[penis]] yn [[ereksje]] yn de [[fagina]]. Geslachtsferkear en [[masturbaasje]] binne de meast foarkommende [[seks]]uele aktiviteiten ûnder minsken. Yn de bistewrâld kenne ûndr oare [[apen]] en [[oaljefanten]] in soarte fan masturbaasje. By bisten wurdt kopulaasje pearjen neamd. Geslachtsferkear is de earste stap fan de fuortplanting. Lykas foar alle termen dy't mei de [[seksualiteit]] te krijen hawwe, binne ek foar ''geslachtsferkear in protte alternative wurden.
 
Geslachtsferkear wurdt ornaris foarôfgien troch in [[Foarspul (seksualiteit)|foarspul]] dat de partners seksueel prikelt en dêrtroch harren lichems tariedet: de penis wurdt stiif en produsearret [[foarfocht]] en de fagina wurdt [[Faginale ôfskieding|fochtich]]. Hjirnei kan de penis yn de fagina ynbrocht wurde. BY it geslachtsferkear wurdt de penis nei foaren en efteren beweechd, wêrtroch't de man hieltiten mear stimulearre wurdt en as it goed is ek de [[frou]], normaalwei oant beide 'klearkomeme' (in [[orgasme]] krijge): by de frou komt der ekstra focht frij en by de man spuitet it [[sperma]] út de penis ([[ejakulaasje]]).
 
It geslachtsferkear kin op ferskillende manieren barre. It meast wênstige is wierskynlik dat by heteroseksualiteit de man boppe-op de frou leit, de partners mei de gesichten nei inoar ta, sadat se inoar sjen kinne en tútsje kinne. Yn in fariant fan dizze posysje kinne de gesichten ek neist inoar holden wurde. De frou kin har skonken plat hâlde, of bûgd, of hielendal omheech nei har skouders ta. Dizze hâlding wurdt ek wol de misjonarishâlding neamd, dizze namme krige it wierskynlik omdat it de ienige troch de Roomsk-Katolike Tsjerke goedkarde posysje wie om geslachtferkear te hawwen. Foar sawol de man as de frou kinne ferskillende hâldingen fan de skonken fan de frou in oar gefoel ta gefolgen hawwe: it sterker bûgen fan de heupen hat ta gefolch dat de penis djipper yn de fagina binnenkringe kin. Oft dat noflik is, hinget ôf fan persoanlike foarkarren en de anatomy fan de partners.
 
Op de side lizzend. Ek hjirby kinne de skonken fan de frou ferskillende hâldingen oannimme.
De frou sit of leit boppe-op de man. Yn dizze posysje sil de frou de heupbewegingen meitsje moatte en is de man passiver.
*Met de gesichten fan elkoar ôf:
De frou sit boppe-op de man op har knibbels, hja makket in op-en-del geande beweging
"Op syn hûntsjes". De frou sit op har knibbels en skoarret op har hannen, bygelyks op de râne fan it bêd. De man stiet efter har. Dit is ek in hâlding dy't [[anale seks]] mooglik makket.
56.981

bewurkings

Navigaasjemenu