Klaske Hiemstra: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
LNo edit summary |
|||
Rigel 18: | Rigel 18: | ||
== Keppeling om utens == |
== Keppeling om utens == |
||
* [http://www.itnijs.nl De kollums op it nijs] |
* [http://www.itnijs.nl De kollums op it nijs] |
||
* [http:// |
* [http://www.klaskehiemstra.nl Hiemside Klaske Hiemstra] |
||
[[Kategory:Fryske skriuwers]] |
[[Kategory:Fryske skriuwers]] |
De ferzje fan 28 feb 2010 om 12.42
Klaske Hiemstra (Vledder, 24 febrewaris 1954), is in Fryske skriuwster.
As bern fan Fryske âlden groeide se twatalich op. Fan har achtste jier ôf publisearre se (yn it Nederlânsk) op de berneside fan de Friese Koerier. By har stúdzje Nederlânsk keas se Frysk as byfak. Se begûn pas Frysk te praten yn 1997 doe't se frege waard om as skriuwster sit te nimmen yn it Skriuwersboun. Sûnt 31 desimber 2009 is Klaske Hiemstra fêste kollumniste by de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging, www.itnijs.nl.
Wurk
Romans
- Retoer Skylge (2004) in heal en heal autobiografysk roman oer it ferskynsel "bylden fan it ûnbewuste".
- It rinnen fan Silke (2006), in roman oer in studinte rjochten dy't yn grins wennet en dermei libje moat dat har mem komt te ferstjerren. Sy docht al it mooglike om út de tizeboel te kommen dy't har gefoel tjirget.
Mearkes
- De bok, it gouden aai en de sân ravens (1996), befettet it ferhaal "It lân fan altyd snein" dêr't Klaske Hiemstra de tredde priis mei wûn. It is in mearke, lykas: "Eilânreis", dat ferskynde yn 2007. Yn dit ferhaal giet in famke mei har geastlik handikapte suske op stap om de mem te sykjen. It is in symboalyske reis. As yn de measte mearkes rint it goed ôf.
Dichtwurk
- De skaadfrou, (2003).