Oekraïne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot: afbeelding Ua-wapen.png vervangen door UkraineWapen.png
Rigel 3: Rigel 3:
namme = Oekraïne |
namme = Oekraïne |
flagge = Ua-flagge.png |
flagge = Ua-flagge.png |
wapen = Ua-wapen.png |
wapen = UkraineWapen.png |
lokaasje = LocationUkraine.svg |
lokaasje = LocationUkraine.svg |
motto = Воля, злагода, добро |
motto = Воля, злагода, добро |

De ferzje fan 27 feb 2010 om 14.54

Україна
Flagge fan Oekraïne Wapen fan Oekraïne
Flagge Wapen
Lokaasje fan Oekraïne
Offisjele taal Oekraïnysk
Haadstêd Kiev
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
603.700 km²
0­%
Ynwenners (2004) 47.732.079
Munt Hryvnia (UKH)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei -
Lânkoade UKR
Ynternet .ua
Tillefoan 380

Oekraïne is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Kiev en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Viktor Joesjtsjenko.

Geografy

Lizzing

Oekraïne wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Oekraïne is it twadgrutste lân fan Europa nei Ruslân. It lân hat in oerflak fan 603.7000 km² en in kustline by de Swarte See is 2.782 km lang.

De Binnen Westlike Karpaten

In part fan de Karpaten rint troch it westen fan Oekraïne. De heechste berch yn dat gebiet is de Hoverla (2.061 m). Yn it easten binne noch wat heuvels. It heechste punt op it skiereilân Krim is de berch Roman Kosch (1.545 m). It wetter fan de rivieren Dnjepr en Desna komt út it noarden wei en streamt fia Kiev nei de Swarte See. Troch it westen streame Dnjestr, Proet, Westlike Boech en Súdlike Boech. Yn it easten is de Siwerskyj Donez in sydrivier fan de rivier de Don dy't troch Ruslân streamt.

Oekraïne hat in tuskenbeiden klimaat. De Krim hat in Middellânske seeklimaat. Yn it noarden en westen falt mear rein as yn it easten en súdeasten. Yn de winter wurdt it op de Krim net sa kâld. Nei it noarden ta wurdt it winterdeis in stik kâlder. Yn de simmer is de temperatuer yn it hiele lân frij heech.

De fiif grutste stêden binne Kiev (de haadstêd), Kharkiv, Donetsk, Dnjepropetrovsk en Odesa, dy't allegear mear as 1.000.000 ynwenners ha.

Skiednis

Sûnt de âldheid hat it steppegebiet fan Oekraïne bewenne west troch hieltyd oare folken: de Skyten (7e ieu f.Kr. - 3e ieu f.Kr.), Goaten en Hunnen (4e ieu - 5e ieu), Slaven (6e ieu) en Mongoalen (13e ieu).

Yn de 8e ieu fearen Wytsingen oer de rivieren yn East-Europa en setten har nei wenjen yn Oekraïne. De Wytsingen fermongen har mei de oarspronklike Slavyske befolking. De Wytsingen kamen foar in grut part út Sweden. Der wienen twa groepen Wytsingen, de Wareger en de Rus. Dy twa groepen wienen beskiedend foar de stifting fan de earste Eastslavyske steat, it Kievske Ryk. Om 1200 hinne rekke de ienheid yn dat ryk wei. Om 1240 oerweldigen de Mongoalen it Oekraïnske part fan it eardere ryk. Yn de 13e en 14e ieu waard Litouwen hieltyd machtiger en ferovere Russyske lantsjes bewesten de Dnjepr. Yn 1362 wie Kiev oan bar. Yn 1569 raanden Litouwen en Poalen gear ta ien steat. Yn 1654 kaam in grut part fan de hjoeddeiske Oekraïne by Ruslân.

De 19e ieuske opposysjebeweging tsjin it tsarisme krige yn Oekraïne al gau in nasjonalistysk krakter en rûn yn maart 1917 yn Kiev út op de foarming fan in sintrale Rada (Ried) as fertsjintwurdiging fan de Oekraïnske politike streamingen. It útroppen fan de Oekraïne ta Folksrepublyk yn novimber 1917 liede ta in konflikt mei de sintrale bolsjevistyske regearing, dy't wegere hie de oerwegend linksdemokratyske Rada te erkennen. Yn jannewaris 1918 folge de proklamaasje fan Oekraïne as soevereine steat. Dêrop bruts yn [Kiëv]] in troch de bolsjevisten stipe opstân út. De Rada koe har hanthavenje troch frede te sluten mei de Sintralen en ferfolgens mei help fan Dútske troepen de oarder werstelle.

Nei de boargeroarloch en de Poalsk-Russyske Oarloch slute Oekraïne yn desimber 1922 it steatsferdrach ta konstituearring fan de Sowjet-Uny. Besikingen nei 1939 troch Oekraïnske nasjonalistyske aktivisten om de Dútske besetting yn de Twadde Wrâldkriich foar eigen doelen te brûken, rûnen fêst op de politike belangen en de rasistyske foaroardielen fan de Dútsers, dy't in grouwélich skrikbewâld fierden. Nei de Twadde Wrâldkriich bleaunen oant en mei it begjin fan de jierren '50 yn de westlike Oekraïne kloften partizanen aktyf.

Yn de twadde helte fan de 20e ieu ûntwikkele Oekraïne har ta ien fan de wichtichste en wolfarrende Sowjetrepubliken fan de Sowjet-Uny. Yn 1954, ûnder it bewâld fan Chroesjtsjov, waard it skiereilân de Krim oerhevele fan Rusland nei Oekraïne.

Nei de steatgreep yn Moskou ferkleare it Oekraïense parlemint har op 24 augustus 1991 ûnôfhinklik.

Demografy

Befolking

Neffens de Oekraïnske folkstelling fan 2001, meitsje etnyske Oekraïners 77.8% fan de befolking út. Oare befolkingsgroepen binne Russen (17.3%), Wyt-Russen(0.6%), Moldavjers (0.5%), Krim-Tartaren (0.5%), Bulgaren (0.4%), Hongaren (0.3%), Roemenen (0.3%), Poalen (0.3%), Joaden (0.2%), Armeenjers (0.2%), Griken (0.2%) en Tartaren(0.2%). De yndustrialisearre gebieten yn it easten en súdeasten binne it tichtbefolke en 67.2 persint fan de befolking wennet yn stedske gebieten.

Taal

It Oekraïnysk is de offisjele taal fan Oekraïne. Dizze taal is nau besibbe oan it Russysk. Fan de befolking hat 67% it Oekraïynsk as memmetaal en 24% it Russysk. De lêste neamde taal wurdt benammen sprutsen op de Krim en de eastlike oblasten Donetsk en Loehansk. Yn it westen sprekt in lytse minderheid ek Hongaarsk, Poalsk en Roemeensk. Op de Krim sprekt noch in minderheid it Krimtataarsk.

Doe't Oekraïne noch in part fan de Sowjet-Uny wie, waard kennis fan de eigen taal troch de Kommunisten net oanmoedige, de befolking moast Russysk praten. Nei de ûnôfhinklikens bloeide de taal wer op. Lykwols leit it brûken fan it Oekraïynsk noch hieltyd gefoelich by de etnyske minderheden yn it lân, benammen by de 15 miljoen Russen.

Religy

De grutte mearderheid fan de Oekraïners is kristlik. It kristendom is sûnt 988 de oerhearskende godstsjinst fan it lân. Dat jier besleat foarst Fladimir de Grutte him ta it kristendom te bekearen en lit him dopen. Goed trije fearn fan de befolking heart ta de Eastersk-Ortodokse Tsjerke, om-ende-by acht prosint by de Oekraïensk-katolike Tsjerke en fierders wenje yn it lân 300.000 Joaden en sa' 500.000 moslims.

Ekonomy

BYP per persoan is $7.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 9% lânbou, 32,2% yndustry en 58,8% tsjinsten.