Ferwerderadiel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: it:Ferwerderadeel; tekstwiziging
L LocatieFerwerderadiel
Rigel 3: Rigel 3:
flagge = Flag of Ferwerderadiel.svg |
flagge = Flag of Ferwerderadiel.svg |
wapen = Coat of arms of Ferwerderadiel.jpg |
wapen = Coat of arms of Ferwerderadiel.jpg |
lokaasje = LokaasjeFerwerderadiel |
lokaasje = LocatieFerwerderadiel |
provinsje = [[Fryslân]] |
provinsje = [[Fryslân]] |
boargemaster = W. van den Berg |
boargemaster = W. van den Berg |

De ferzje fan 27 feb 2010 om 14.35

Gemeente Ferwerderadiel
Flagge fan de gemeente Ferwerderadiel        Wapen fan de gemeente Ferwerderadiel
(Flagge fan Ferwerderadiel) (Wapen fan Ferwerderadiel)
Lokaasje fan de gemeente Ferwerderadiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster W. van den Berg
Haadplak Ferwert
Oerflak
- wetter
133,18 km²
-  35,51 km²
Ynwenners 8.865
Ferkearsieren N357
Netnûmer 0518, 0519, 058
Postkoades 9073, 9074, 9107, 9111, 9112, 9171 - 9178
Offisjeel webstee www.ferwerderadiel.nl

Ferwerderadiel (offisjeel Frysk, Nederlânsk: Ferwerderadeel) is in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 8.865 ynwenners (1 jannewaris 2008). De gemeente hat in gebiet fan 133,18 km2, wêrfan 35,51 km2 wetter, en 10,1 km kust.

Geografy

Lizzing

Ferwerderadiel grinzet oan de noardkant oan it Waad, yn it easten oan Dongeradiel, yn it súdeasten oer de Ie oan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, yn it súdwesten oan Ljouwerteradiel en yn it westen oan it Bilt.

Plakken

Haadplak fan de gemeente is Ferwert, en de oare plakken yn de gemeente binne: Burdaard, Blije, Ginnum, Hallum, Hegebeintum, Jannum, Jislum, Lichtaard, Marrum, Reitsum en Wânswert.

Fierder leit ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn dizze gemeente. Oare buorskippen yn de gemeente binne: Farebuorren, Hallumerhoek, De Ryp en Fiifhuzen.

De gemeente is op 1 jannewaris 1999 oergongen op in Fryske gemeentenamme en Fryske plaknammen. Dêrby waarden yn de Gemeentlike Basis Administraasje de Nederlânske troch de Fryske toponimen ferfongen.

Skiednis

It gebiet hat fan de 6e ieu f. Kr. oant de 12e ieu nei Kr. in gebiet fan terpbewenning wêst. In de 12e ieu begûn de oanlis fan dyken, wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.

Ferwerderadiel wie yn die tiid part fan Eastergoa, en nei't dat split waard in part fan de Noardlike njoggen. Fan 1242 ôf wurdt der skreaun fan grytmannen, mar pas yn de 15e ieu wurde de dielen selstannich, wurdt Ferwerderadiel in gritenij.

Oant dy tiid wie ek it Amelân part fan Ferwerderadiel, mar yn 1405 waard it eilân selstannich. Der bleaunen al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de 19e ieu yn Ferwerderadiel noch in fear nei it eilân.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 kamen Jannum en it súdlike part fan Burdaard by Ferwerderadiel, wylst de súdwestlike útherne, dêr't in part fan Alde Leie yn lei, nei Ljouwerteradiel gong.

Untwikkeling ynwennertal

Sjoch ek

Keppeling om utens