Muorrekeatsen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L Bot: afbeelding 068.JPG vervangen door Ofbyld-068.JPG
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:068.JPG|right|thumb|300px|Muorrekeatsers út Ingelân en Baskelân op it Iepen Italjaansk 1-Wall Kampioenskip 2007]]'''Muorrekeatsen''' is in foarm fan [[keatsen]] wêrby't in bal mei de hân of de fûst, sûnder earst de grûn te reitsjen, tsjin in muorre slein wurde moat. Doel is om de bal sa te slaan dat de tsjinstander de bal dêrnei net jildich retoernearje kin. Muorrekeatsen wurdt sawol binnen- as bûtendoar spile.
[[Ofbyld:Ofbyld-068.JPG|right|thumb|300px|Muorrekeatsers út Ingelân en Baskelân op it Iepen Italjaansk 1-Wall Kampioenskip 2007]]'''Muorrekeatsen''' is in foarm fan [[keatsen]] wêrby't in bal mei de hân of de fûst, sûnder earst de grûn te reitsjen, tsjin in muorre slein wurde moat. Doel is om de bal sa te slaan dat de tsjinstander de bal dêrnei net jildich retoernearje kin. Muorrekeatsen wurdt sawol binnen- as bûtendoar spile.
Der binne yn it muorrekeatsen ferskate farianten. De meast-spile dêrfan, binne de farianten dy't ûntliend binne oan it tradisjonele Ierske "one-wall handball". Yn [[Frankryk]], mar benammen ek yn [[Spanje]] en [[Itaalje]] besteane in tal farianten dy't in mjuks binne fan it muorrekeatsen en it plein- en fjildkeatsen. By de farianten dy't tsjintwurdich yn [[Amearika]] spile wurde, wêrby't ôfhinklik fan de akkommodaasje ien, trije of fjouwer muorren brûkt wurde, binne de banen lytser (40x20 foet) as earder it gefal wie (60x30 foet). Ek yn Ierlân binne de lytsere banen om finansjele redenen mear en mear yn swang rekke. By it muorrekeatsen wurde tsjintwurdich rubberen ballen brûkt.
Der binne yn it muorrekeatsen ferskate farianten. De meast-spile dêrfan, binne de farianten dy't ûntliend binne oan it tradisjonele Ierske "one-wall handball". Yn [[Frankryk]], mar benammen ek yn [[Spanje]] en [[Itaalje]] besteane in tal farianten dy't in mjuks binne fan it muorrekeatsen en it plein- en fjildkeatsen. By de farianten dy't tsjintwurdich yn [[Amearika]] spile wurde, wêrby't ôfhinklik fan de akkommodaasje ien, trije of fjouwer muorren brûkt wurde, binne de banen lytser (40x20 foet) as earder it gefal wie (60x30 foet). Ek yn Ierlân binne de lytsere banen om finansjele redenen mear en mear yn swang rekke. By it muorrekeatsen wurde tsjintwurdich rubberen ballen brûkt.



De ferzje fan 27 feb 2010 om 13.26

Muorrekeatsers út Ingelân en Baskelân op it Iepen Italjaansk 1-Wall Kampioenskip 2007

Muorrekeatsen is in foarm fan keatsen wêrby't in bal mei de hân of de fûst, sûnder earst de grûn te reitsjen, tsjin in muorre slein wurde moat. Doel is om de bal sa te slaan dat de tsjinstander de bal dêrnei net jildich retoernearje kin. Muorrekeatsen wurdt sawol binnen- as bûtendoar spile.

Der binne yn it muorrekeatsen ferskate farianten. De meast-spile dêrfan, binne de farianten dy't ûntliend binne oan it tradisjonele Ierske "one-wall handball". Yn Frankryk, mar benammen ek yn Spanje en Itaalje besteane in tal farianten dy't in mjuks binne fan it muorrekeatsen en it plein- en fjildkeatsen. By de farianten dy't tsjintwurdich yn Amearika spile wurde, wêrby't ôfhinklik fan de akkommodaasje ien, trije of fjouwer muorren brûkt wurde, binne de banen lytser (40x20 foet) as earder it gefal wie (60x30 foet). Ek yn Ierlân binne de lytsere banen om finansjele redenen mear en mear yn swang rekke. By it muorrekeatsen wurde tsjintwurdich rubberen ballen brûkt.

Muorrekeatsen mei ien muorre

Muorrekeatsbaan

Akkommodaasje

De frontmuorre is 6,10 meter breed en 4,785 meter heech. It spylfjild is lykas de muorre 6,10 meter breed, en is 10,35 meter lang. Der wurdt spile op in hurde ûndergrûn. Behalve de sydlinen en de efterline wurdt, parallel oan de muorre, op 4,785 fan de muorre in line oanbrocht, dy't de koarte line neamd wurdt. Healwei de efterline en de koarte line wurdt de opslachmarkearing oanbrocht yn de foarm fan in ûnderbrutsen line. De romte tusken de koarte line en de opslach-markearing wurdt de opslachsône neamd. De romte tusken de koarte line en de efterline is de perksône.

Spulregels

Muorrekeatsen wurdt gewoanwei ien-tsjin-ien of twa-tsjin-twa spile. It is de bedoeling de bal mei de hân of fûst fanút de opslachsône fia de muorre yn de perksône te bringen. De tsjinpartij moat dan besykje de bal fóar de twadde stuit op 'e nij tsjin de muorre te slaan, wêrnei't de bal wer yn it spylfjild stuitsje moat. En sa fierder. As ien fan beide partijen der net yn slagget in jildige bal te slaan, dan is de relly troch de tsjinstanner wûn.

De opslach

Oars as by it Frysk spul, is it ferplichte de opslach yn stilstand yn it opslachfak te begjinnen. De bal wurdt mei de hân of fûst opslein neidat de opslagger de bal ien kear yn de opslachsône stuitsje litten hat. Neidat de bal slein is moat er fia de muorre werom komme yn de perksône (spylfjild éfter de koarte line). De opslagger mei pas oer de koarte line komme, as de bal fan de muorre werom komt en de koarte line foarby is. As de opslagger it punt ferliest giet de opslach oer nei de tsjinpartij.

De opslach by it dûbeljen

De opslach ferrint gelyk as by ien-tsjin-ien mei in pear oanfollingen. Foar de wedstriid moat in dûbel-partoer oanjaan wa't de earste opslach fersoarget. Fan dat partoer begjint de earste opslagger de hiele wedstriid as earste yn in opslachbeurt op te slaan. As de earste opslagger in relly ferliest, dan nimt de twadde de opslach oer. As dy ek in relly ferliest, dan giet de opslach nei de tsjinpartij. Yn de earste opslachbeurt yn in set komt allinne de earste opslagger oan bar.

De posysje fan de maat fan de opslagger

As der opslein wurdt by it dûbeljen, dan moat de maat fan de opslagger him bûten it spylfjild opstelle mei ien foet links en ien foet rjochts fan de opslachmarkearing. Hy mei it fjild pas ynkomme as de opsleine bal, fan de muorre weromkommend, him foarby is.

De earste retoerslach

De ûntfangende party moat him efter de opslachmarkearing opstelle en mei dy net passearje foardat in opsleine bal fan de muorre weromkommend, de koarte line foarby is. De ûntfanger mei de bal yn'e flecht of nei ien stuit werom slaan.

De telling

Der wurdt, lykas earder by follybal, telt neffens it opslach-punt-systeem. Der moatte twa earsten wûn wurde om in wedstriid te winnen. In earst rint oant 21 punten. As dat nedich is wurdt der in beskiedend tredde earst spile oant 11 punten.

De tos

By ien-tsjin-ien: De spiler dy't de tos wint, begjint as earste mei de opslach yn it earste earst. De oare spiler begjint yn it twadde earst mei de opslach. As der in tredde, beslissend earst nedich is, dan begjint dy spiler mei de opslach, dy't yn de earste twa earsten de measte punten makke hat. As beide spilers yn de earste beide earsten likefolle punten makke hawwe, dan wurdt der opnij tost om út te meitsjen wa't as earste opslaan mei.

By it dûbeljen mei it partoer dat de tos wint yn de earste set beslisse as se begjinne wolle mei opslaan of earst ûntfange wolle. Yn de twadde set beslist it partoer dat de earste set ferlern hat of se begjinne wolle mei opslaan of dat oan de tsjinpartij oerlitte. As der in tredde set nedich is, dan is de kar oan it partoer dat yn de earste beide earsten de measte punten helle hat. Hawwe beide partoeren likefolle punten helle, dan komt der in nije tos om út te meitsjen hokker partoer de kar hat.

Wichtige wedstriden en bekende spilers

De iepen kampioenskippen fan de USHA (United States Handball Association) is it jierlikse hichtepunt op de wedstriidaginda. De wedstriid wurdt yn ferskate klassen hâlden:

  • De ien, trije en fjouwer muorre farianten;
  • Foar manlju, froulju en jongerein;
  • Ien-tsjin-ien en dûbeljen.

Sûnt 1980 waard dit barren hast 25 jier yn de klassike ienmuorre fariant by it ien-tsjin-ien oerhearske troch Joe Durso. Hy wûn mar leafst 9 kear, wie 4 kear ferliezend finalist en helle boppedat nochris 5 kear de heale finale. By it dûbeljen wûn hy tegearre mei Albert Apuzzi 6 kear de haadpriis en ien kear mei Yuber (Pee Wee) Castro. Durso is noch altyd aktyf.

Muorrekeatsen yn Jeropa

Fan âlds waard de ien-muorre-fariant in soad spile yn Ierlân. Fanwege it kâlde en wiete klimaat waarden dêr mear en mear keatsbanen oerdekt en foarsjoen fan syd- en eftermuorren wêrtroch de saneamde handball alley's ûnstien binne. Yn Ierlân wurde sûnt 1997 wer Nasjonale Kampioenskippen yn de ien-muorre fariant organisearre troch it Iersk keatsbûn. Ek guon oare keatsbûnen yn Jeropa sjogge yn it ien-muorrekeatsen in foarm dy't gaadlik is om bûten it reguliere keatsseisoen te spyljen en him goed lient foar ynternasjonale kompetysje. Sa wie der yn 2004 in earste moeting tusken jonge keatsers út Nederlân, Belgje, Frankryk en Itaalje dêr't it spultsje spile waard en spylje de Ieren en de Basken sûnt 2004 jierliks yn in sportyf treffen ek de ien-muorre fariant.

De Italianen hawwe yn 2005 foar it earst in Nasjonaal kampioenskip organisearre. Yn 2006 waard dit evenemint útwreide mei in Iepen Italiaansk kampioenskip, dêr't ek teams út Ierlân en Frankryk meidielnamen. Oan de twadde ferzje fan de iepen Italiaanske kampioenskippen namen yn 2007 21 teams út 9 lannen diel. Yn 2008 krigen de iepen Italiaanske kampioenskippen in ferfolch ûnder de namme One Wall Federation Cup. Oan de earste ferzje fan dizze cup diene op 29 en 30 novimber 10 lannen mei yn it hearetoernoai en 6 yn it frouljustoernoai. Lykas de beide ferzjes fan it Iepen Italiaansk kampioenskip waard it toernoai hâlden yn Nizza Monferrato.

Yn de maaitiid fan 2006 hawwe de Basken foar it earst Baskyske kampioenskippen hâlden. Lykas de 2e ferzje yn oktober 2007, gie de winst nei Egoitz Amantegi.

Jonge muorrekeatserkes yn aksje op de banen fan Bloemketerp yn Frjentsjer

Yn Londen rint sûnt 2005 in skoalleprojekt, opsetten troch fertsjintwurdigers fan de Eton Fives en Rugby Fives organisaasjes, wêrby it spul yntrodusearre is by in lytse tûzen learlingen fan iepenbiere skoallen. Yn july 2007 waarden yn Londen de earste Britske kampioenskippen foar manlju en froulju hâlden.

Yn Noard Frankryk keatse beoefeners fan it Jeu de Paume winterdeis op in 7-tal ien-muorre banen yn Hautmont, Hasnon, Le Quesnoy, Maubeuge, en Solre-le-Château. De Frânske muorrekeatsers wûnen yn septimber 2007 yn it Flaamske Buizingen it Europeesk kampioenskip fan de CJIB.

Yn Fryslân, dêr't de KNKB it muorrekeatsen as twadde fariant omearme hat, binne ein 2005 yn de sporthal fan Tsjummearum in twatal ien-muorre banen oanlein en yn oktober 2006 fjouwer yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. Fierder binne der op it fronton op Bloemketerp yn Frjentsjer in twatal banen markeard. Oare plakken mei muorrekeatsfasiliteiten binne Jirnsum (1 en 4 minibanen), Kimswert (1) en Easterein (3). De KNKB biedt har leden yn it winterskoft in folslein programma oan mei trainingen, toernoaien en in wyklikse kompetysje. Op 10 july 2008 is yn Jirnsum de earste muorrekeatsferiening oprjochte: MKF De Wide Stege.

Muorrekeatsen yn Sintraal Amearika

De oarspronklike bewenners fan Meksiko en de lannen súdlik dêrfan spilen al ieuen foardat Europeanen dêr foet oan lân setten, in muorrekeatsfoarm, 'Rebote a Mano con Pelota Dura' dy't wat materiaal en fjildôfmjittings oangiet in soad oerienkomsten fertoant mei it Ierske spul. Omdat se dêr folle earder as yn Europa beskikten oer rubber, koe it spul him dêr earder ûntwikkelje. Rebote a Mano is in foarm fan ien-muorrekeatsen, dy't spile wurdt op in gravel-eftige ûndergrûn. De frijwat hurde bal wurdt mei gewoane wurkwanten oan tsjin de muorre slein. It spul wurdt regulearre troch de Federación Mexicana de Juegos y Deportes Autóctonos y Tradicionales, A.C. dy't jierliks in Meksikaansk kampioenskip organisearret. Fierder is it in demonstraasjesport, dy't meast yn kombinaasje mei oare traditionele sporten en spullen ten bêste jûn wurdt. Yn Meksiko is muorrekeatsen, lykas yn de Feriene Steaten ek in bekende foarm fan tiidkoarting in finzenissen. De romme oanwêzigens fan hege muorren sil dêr sûnder twifel mei fan dwaan hawwe.

Sjoch ek:

Oersjoch siden oer it keatsen

Ekterne ferwizings