Breslau: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bi:Wroclaw
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Rigel 58: Rigel 58:
[[lv:Vroclava]]
[[lv:Vroclava]]
[[mk:Вроцлав]]
[[mk:Вроцлав]]
[[mr:व्रोत्सवाफ]]
[[ms:Wrocław]]
[[ms:Wrocław]]
[[na:Wrocław]]
[[na:Wrocław]]

De ferzje fan 24 jan 2010 om 13.26

Wroclaw

Wrocław (Dútsk: Breslau) is in stêd in it súdwesten fan it hjoeddeiske Poalen. Wrocław is de belangrykste histoaryske stêd fan Sileezje en leit oan de rivier de Oder. Wrocław hat sa'n 638.401 ynwenners (2003), wêrmei it de fjirde stêd fan Poalen is.

De stêd is yn de histoarje better bekend as Breslau wylst it lykas Sileezje oan't 1945 yn Dútslân lei.

Breslau is de haadstêd fan de Woiwodschaft Nedersileesje en is stêdsdistrikt en regearingsstee fan de provinsje mei de selde namme. De stêd fungearet as residinsje fan in roomske aartsbisskop en in evangelyske diosesaanske bisskop. Der binne ferskate skoallen foar fuortset ûnderwiis en ûndersyksintrums en ek teaters en museums. It is derom dan ek it kulturiele en wittenskippelik sintrum fan it folsleine gebiet fan Sileesje. Breslau leit oan de Oder yn in wichtig lân- en mynbougebiet en is ek op it gebiet fan masinebou en metaalyndustry fan betsjutting.

Wapen fan Breslau

Breslau is de haadstêd fan de histoaryske regio Sileesje, en wie fan 1919 oant 1945 de haadstêd fan de nijfoarme Pruisyske Provinsje Nedersileesje en derfoar residinsjestêd en haadstêd fan de provinsje Sileesje, en ek yn de Nasjonaal-Sosjalystyske tiid boppedat de haadstêd fan de ryksgau Neder- en Middensileesje. Nei't Breslau yn 1945 by Poalen foege waard en yn plak fan de ferdreaune Dútske bewenners Poalske kolonisten en ûnder twang ferdreaunen, foar in part út Lemberg en oare stêdden fan it foarmalige East-Poalen, kamen, is it Woiwodschaftshaadstêd - ynearsten fan de ek Woiwodschaft mei deselde namme, en sûnt 1999 fan it Woiwodschaft Neder-Sileesje.

Al yn 1840 kaam it ynwennertal boppe de 100.000 ynwenners, sa dat Breslau doe al in grutte stêd wie; Yn de 20ste ieu wie it in hiele tiid op twa nei grutste stêd fan Dútslân nei Berlyn en Hamboarch.


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.