Offenwier: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
+ offisjele namme
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Snits Offenwier.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Offenwier]]
[[Ofbyld:Map NL Snits Offenwier.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Offenwier]]
'''Offenwier''' (''offisjeel Nederlânsk: Offingawier'') is it lytste doarp yn de gemeente [[Snits (gemeente)|Snits]], east fan de stêd. It is ien fan de doarpen fan de [[Snitser Fiifgea]] en is diel fan [[De Legean]]. It doarp hat 162 ynwenners (2006). Dochs is it frij grut kwa oerflakte. Dit komt omdat de doarpsgrûn oan de [[Snitser Mar]] ta rint. Dêr is ek it Paviljoen Snitser Mar, in wichtich toeristysk sintrum yn de gemeente.
'''Offenwier''' (''offisjeel Nederlânsk: Offingawier'') is it lytste doarp yn de gemeente [[Snits (gemeente)|Snits]], east fan de stêd. It is ien fan de doarpen fan de [[Snitser Fiifgea]] en is diel fan [[De Lege Geaen]]. It doarp hat 162 ynwenners (2006). Dochs is it frij grut kwa oerflakte. Dit komt omdat de doarpsgrûn oan de [[Snitser Mar]] ta rint. Dêr is ek it Paviljoen Snitser Mar, in wichtich toeristysk sintrum yn de gemeente.


It doarp komt al yn 1328 foar as ''Offinghewere''. De plaknamme soe "opsmiten hichte fan Offe" betsjutte.
It doarp komt al yn 1328 foar as ''Offinghewere''. De plaknamme soe "opsmiten hichte fan Offe" betsjutte.

De ferzje fan 23 jan 2010 om 23.42

de himrik fan Offenwier

Offenwier (offisjeel Nederlânsk: Offingawier) is it lytste doarp yn de gemeente Snits, east fan de stêd. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea en is diel fan De Lege Geaen. It doarp hat 162 ynwenners (2006). Dochs is it frij grut kwa oerflakte. Dit komt omdat de doarpsgrûn oan de Snitser Mar ta rint. Dêr is ek it Paviljoen Snitser Mar, in wichtich toeristysk sintrum yn de gemeente.

It doarp komt al yn 1328 foar as Offinghewere. De plaknamme soe "opsmiten hichte fan Offe" betsjutte.

It tsjerkje fan Offenwier is in gemeentlik monumint en is it âldste gebou fan de gemeente Snits. De hjoeddeiske muorre is fan 1850, mar binnen dy muorre stiet noch it Niklaastsjerkje fan 1335.

Ferskaat

  • De doarpskrante hjit Wier Nijs.
  • Oan de Houkesleat leit it Snitser Aldtsjerkhôf, wêr't fûneminten en deakisten fûn binne

Befolking

Strjitten

  • De Potten - De Potten binne in diel fan de Snitser Mar
  • Fiifgeawei - rint troch it âlde 'Snitser Fiifgea', in gearfoeging fan fiif goaën om Snits.
  • Grienedyk - mei seegers begroeide âlde seedyk. Ta beskerming fan Raarderhim.
  • Kolmarslân - it Starteilân yn de Snitser Mar hjit offisjeel Kolmarslân
  • Koaiwei - nei de eardere einekoai
  • Midsbuorren - krige yn 1992 de namme om oan te jaan dat it in ferbining foarmet tusken de twa âlde Offenwierster buorskippen Tsjerkebuorren en Brêgebuorren.
  • Paviljoenwei - rint nei it paviljoen oan de Snitser Mar

Sjoch ek

Keppeling om utens