Boargemaster: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L robot Erbij: id, eo, es, sk
L robot Erbij: sv
Rigel 23: Rigel 23:
[[ja:首長]]
[[ja:首長]]
[[lt:Meras]]
[[lt:Meras]]
[[nb:Ordfører]]
[[nl:Burgemeester]]
[[nl:Burgemeester]]
[[nn:Ordførar]]
[[nn:Ordførar]]
[[no:Ordfører]]
[[pl:Burmistrz]]
[[pl:Burmistrz]]
[[pt:Prefeito]]
[[pt:Prefeito]]
[[sk:Starosta]]
[[sk:Starosta]]
[[sl:Župan]]
[[sl:Župan]]
[[sv:Borgmästare]]
[[zh:市长]]
[[zh:市长]]

De ferzje fan 29 aug 2005 om 00.29

De boargemaster is in bestjoerlike funksjonaris fan de gemeente. Hy hat de lieding fan it deistich bestjoer fan de gemeente. In protte lannen hawwe in soartgelikense gemeentefunksjonaris, mar de krekte funksje en foech binne yn elts lân wer oars.

Beneaming

Yn Nederlân wurdt de boargemaster beneamd troch it regear, foar in perioade fan 6 jier. Yn guon oare lannen wurdt de boargemaster keazen troch de befolking. Yn 2002 is útsteld de grûnwet te feroarje om dit ek yn Nederlân mooglik te meitsjen, mar dit is úteinlik yop 22 maart 2005 troch de Earste Keamer blokkearre.

Funksjes

Tegearre mei de wethâlders foarmet de boargemaster it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, dat it deistich bestjoer fan de gemeente om hannen hat. Fierder is er foarsitter, mar gjin lid, fan de gemeenterie, dy't de gemeente bestjoert. Yn guon gemeenten is de boargemaster ek noch korpsbehearder fan de plysje.

Symboalen

As symboal fan syn amt draacht de boargemaster in amtskeatling. As foarsitter fan de rie hat er faken in foarsittershammer.