Egeyske See: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hy:Եգեյան ծով; tekstwiziging
Rigel 41: Rigel 41:
# [[Saronyske Eilannen]]
# [[Saronyske Eilannen]]
# [[Dodekanesos]]
# [[Dodekanesos]]
# [[Kreta]]
# [[Kreta]]


[[Kategory:Grikelân]]
[[Kategory:Grikelân]]
Rigel 72: Rigel 72:
[[gl:Mar Exeo]]
[[gl:Mar Exeo]]
[[he:הים האגאי]]
[[he:הים האגאי]]
[[hy:Եգեյան ծով]]
[[hr:Egejsko more]]
[[hr:Egejsko more]]
[[hu:Égei-tenger]]
[[hu:Égei-tenger]]

De ferzje fan 21 jan 2010 om 04.21

Egeyske See
Basisynformaasje
Namme Egeyske See
See Middellânske See
Oerflak 214.000km²
Djipte 3.543 meter

Satellytfoto fan de Egeyske See

De Egeyske See is de namme fan in part fan de Middellânske See, it is it part dat tusken Grikelân en Turkije leit. Der lizze in soad eilannen yn de Egeyske See. Fierwei de measte eilannen hearre by Grikelân, mar der binne guon ek fan Turkije. Yn it noardeasten foarmje de Turkske Dardanellen de grins, yn it noardwesten is dat it Grykske skiereilân Kalkidike, yn it westen de Grykske eilân Euboea en it fêste lân fan Grikelân, yn it easten it Turkske fêstelân en yn it suden de Grykske eilân Kreta.

De eilannen yn de Egeyske See binne tige populêr by minsken dy’t foar harren wille fan eilân nei eilân reizgje. Faak steane by de haven fan in eilân minsken te wachtsjen op de fearboaten, om de toeristen keamers oan de biidzjen foar in oernachting.

Fierders wurdt der ek fart tusken de Grykske eilannen en it Grykske en Turkske fêstelân.

Etymology

Der binne yn de âldheid ferskate ferklearring bekend foar de namme Egeysk. Der wurdt sein dat de namme in ferwizing is nei de stêd Aegae, in oare ferklearring komt fan Aegea, keninginne fan de Amazonen dy’t yn de see ferdronk ek in ferklearring foar de namme kin wêze Aigaion, de “seegeit, in oare namme foar Briareus, ien fan de Hekatoncheiren.

De see kin sinne namme ek krigen ha fan de sêge fan Aigeus, de heit fan Thèseus. Dizze stoarte him, doe’t hy tocht dat ‘r te witten kaam wie dat syn soan dea wie, yn dizze see.

In oare mooglike ferklearring is in ôflieding fan it Grykske wurd αἶγες – aiges – weagen, de weagjende see.

Yn it Bulgaarsk wurdt de see ek wel de Wite See (Бяло море) neamd, as tsjinstelling tsjinoer de Swarte See. De gebrûk is ôflaad fan it Turkske Ak Denis (Wite See) en Kara Deniz (Swarte See), wat werom giet op in âld Turksk gebrûk om de wurden wit en swart foar súd en noard te brûke.

Geografy

De Egeyske See hat in grutte fan likernôch 214.000 kante kilometer, de see is sa’n 610 kilometer lang en 300 kilometer breed. De maksimum djipte fan de see is 3.543 meter, krekt eastlik fan Kreta. De sammelnamme foar de eilannen yn de see is de term Egeyske eilannen, se wurde yn sân groepen ferdield:

  1. Noardeastlike Egeyske Eilannen
  2. Euboea
  3. Noardlike Sporaden
  4. Kykladen
  5. Saronyske Eilannen
  6. Dodekanesos
  7. Kreta