Anargisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fiu-vro:Anarkism
Rigel 31: Rigel 31:
[[fa:دولت‌زدائی]]
[[fa:دولت‌زدائی]]
[[fi:Anarkismi]]
[[fi:Anarkismi]]
[[fiu-vro:Anarkism]]
[[fo:Anarkisma]]
[[fo:Anarkisma]]
[[fr:Anarchisme]]
[[fr:Anarchisme]]

De ferzje fan 20 jan 2010 om 15.03

Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

It Anargisme is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út it sosjalisme. Karakteristyk foar it anargisme is wol dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dizze ideology soenen minsken harsels bestjoere moatte troch middel fan lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. Yn Ruslân dêr't dizze wize foar it earst yn de 20e ieu foarm krige, waard soks sowjets neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden, te witten in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm, wêrfan de gewelddiedige foarm wol it meast bekend wurden is.

By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men yn De Klok en Morgenrood. Yn dizze tiid krijt ek Leo Tolstoj in soad omtinken. Predikanten as Louis Adrian Bähler fan Skiermuontseach, Sibillus Catharinus Kylstra fan De Rattefalle neame har kristen-anargist. Se steune ek de koloanje yn Blaricum. Ek de Bruorren Hogerhuis binne anargisten. Der wenje in soad yn It Bilt en de Feanstreken. Yn de Earste Wrâldoarloch docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder. Ferdinand Domela Nieuwenhuis is in bekende Fryske anargist.