Prinses Margrietkanaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
It '''Prinses Margrietkanaal''' is in kanaal foar grutte skipfeart troch [[Fryslân]], fan 64,5 km. lang. It rint fan [[Strobos]], mei oanslúting op it [[Van Starkenborghkanaal]] yn [[Grinslân]], oant [[de Lemmer]], mei oanslúting op de [[Yselmar]].
It '''Prinses Margrietkanaal''' is in kanaal foar grutte skipfeart troch [[Fryslân]], fan 64,5 km. lang. It rint fan [[Strobos]], mei oanslúting op it [[Van Starkenborghkanaal]] yn [[Grinslân]], oant [[de Lemmer]], mei oanslúting op de [[Yselmar]].


It is yn [[1951]] iepensteld, en om 1965 hinne útdjipt ta 3,8 m. dat ek [[kustfarder]]s tagong ta de Fryske wetters hienen. It wie net in nij-groeven kanaal; it foarmet in ferdjipping, ferbreding en ferbyning fan wetterwegen:
It is yn [[1951]] iepensteld, en om 1965 hinne útdjippe ta 3,8 m. sadat ek [[kustfarder]]s tagong ta de Fryske wetters hienen. It wie net in folslein nij-groeven kanaal; it foarmet in ferdjipping, ferbreding en ferbyning fan wetterwegen:


# Fan Strobos it [[Knillesdjip]] nei de [[Burgumer Mar]]; de [[Grinzer Feart]] nei [[Burgum]].
# Fan Strobos it [[Knillesdjip]] nei de [[Burgumer Mar]]; de [[Grinzer Feart]] nei [[Burgum]].

De ferzje fan 20 aug 2005 om 21.52

It Prinses Margrietkanaal is in kanaal foar grutte skipfeart troch Fryslân, fan 64,5 km. lang. It rint fan Strobos, mei oanslúting op it Van Starkenborghkanaal yn Grinslân, oant de Lemmer, mei oanslúting op de Yselmar.

It is yn 1951 iepensteld, en om 1965 hinne útdjippe ta 3,8 m. sadat ek kustfarders tagong ta de Fryske wetters hienen. It wie net in folslein nij-groeven kanaal; it foarmet in ferdjipping, ferbreding en ferbyning fan wetterwegen:

  1. Fan Strobos it Knillesdjip nei de Burgumer Mar; de Grinzer Feart nei Burgum.
  2. Fan Burgum de Kromme Ie, de Wide Ie en de Wide Hop nei Fonnejacht, mei oanslúting op it Van Harinxmakanaal.
  3. Fan Fonejacht it Nije Kanaal, de Mearsleat en de Krúswetters nei de Kweamar; de Greft en fierder nei de Biggemar; fierder nei de Pikmar en Grou.
  4. Fan Grou fierder nei Aldskou, dêr't de Boarn krúst wurdt.
  5. Fan Aldskou de Nije Wjittering nei de Terhernster Mar; troch de Terhernster slûzen nei de Snitser Mar; it Ald Tsjerkhôf, it Krúswetter, de Modderige Geau en fierder nei Twellingea.
  6. Fan Twellingea fierder, de Westerbrêgesleat nei it Aldhôf; de Nije wei nei de Kûfurd; fierder nei de Jiskenhúster Mar; fierder nei Spannenburg.
  7. Fan Spannenburg fierder nei de Grutte Brekken; fierder nei de Lemmer, mei de Prinses Margrietsluis.