Predestinaasje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
lytse oanfolling
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ko:예정설
Rigel 22: Rigel 22:
[[it:Predestinazione]]
[[it:Predestinazione]]
[[ja:予定説]]
[[ja:予定説]]
[[ko:예정론]]
[[ko:예정설]]
[[la:Praedestinatio]]
[[la:Praedestinatio]]
[[lt:Predestinacija]]
[[lt:Predestinacija]]
[[nl:predestinatie]]
[[nl:Predestinatie]]
[[pl:Predestynacja]]
[[pl:Predestynacja]]
[[pt:Predestinação]]
[[pt:Predestinação]]

De ferzje fan 11 jan 2010 om 11.46

Predestinaasje is in religjeusk begryp út it Kristendom en nau ferbûn mei de fersoeningslear fan Augustinus. It begryp hâldt yn dat it lot fan in minske al fêstleit noch foardat er berne is. Wat der dus op delkomt dat ien neat mear dwaan kin om syn lot te feroarjen.

Jehannes Kalvyn en Maarten Luter

De predestinaasjelear fan Jehannes Kalvyn en Maarten Luter, twa wichtige teologen en tjerkeherfoarmers út de 16e ieu hâlde yn dat God foarôf al bepaald hie hoelang, en/oft in persoan yn it fagefjoer komme soe of noch slimmer, yn de hel. Maarten Luter wie lykwols frijwat faach yn it omskriuwen wat de predestinaasje krekt ynhâlde foar it deistich libben.

Kalvyn wie jurist en dêrtroch better yn it omskriuwen fan it ûnderwerp. Hy definiearre de predestinaasje as decretum horribile ofwol grouwélich beslút en skreau wiidweidich oer it ûnderwerp. Hy fersmiet de gedachte dat predestinaasje liede moast ta in duldsume libbenshâlding en trúnde minsken oan hurd te wurkjen. Yn de Nederlânske Republyk foarme de predestinaasje yn de 17e ieu it grutte skeel tusken de remonstranten, dy't har fersmieten en de kontra-remonstranten, dy't har hanthavenje woene.