Laaksum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4: Rigel 4:
Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hearring]] sâlte en rikke waard, [[bokkenhang|de Hang]] neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hearring jûns op'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard as [[Lemster bokken]] meast ferkocht nei [[Dútslân]].

De Laaksumers hawwe net altyd hearringfiskers west: om [[1500]] hinne stie Laaksum bekend fanwege de [[bot|botfiskerij]] en yn de [[17e ieu]] fanwege de [[iel|ielfiskerij]].
De Laaksumers hawwe net altyd hearringfiskers west: om [[1500]] hinne stie Laaksum bekend fanwege de [[bot|botfiskerij]] en yn de [[17e ieu]] fanwege de [[iel|ielfiskerij]]. Nei it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadich oan binne se ien foar ien stoppe.

It havenstsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it havenstsje fan Laaksum.
It havenstsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it havenstsje fan Laaksum.

De ferzje fan 19 aug 2005 om 08.36

Laaksum (offisjeel Frysk) is in bourskip by Warns yn de gemeente Nijefurd, yn it suden fan Fryslân. Laaksum leit yn Nijefurd, direkt oan de Iselmar. Somtiden wurdt Laaksum ek wol in doarp neamd, benammen "It lytste fiskersdoarp fan Jeropa".

Fiskerij

Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de Sudersee suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de hearring sâlte en rikke waard, de Hang neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de Twadde Wrâldkriich waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hearring jûns op'e tiid op de trein yn Starum te krijen. De fisk waard as Lemster bokken meast ferkocht nei Dútslân.

De Laaksumers hawwe net altyd hearringfiskers west: om 1500 hinne stie Laaksum bekend fanwege de botfiskerij en yn de 17e ieu fanwege de ielfiskerij. Nei it oanlizzen fan de Ofslútdyk hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadich oan binne se ien foar ien stoppe.

It havenstsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it havenstsje fan Laaksum.

Ferbinings

Behalve oer it wetter is Laaksum fia 't Sou te berikken fan Warns út en oer de Laaksumerdyk en de Suderwei is der fia it Reaklif nei it noardwesten ferbining mei Skarl en Starum en nei it easten oer de Wieldyk mei Mirns.

Sjoch ek

Keppeling om útens