Waskbearhûn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Fretten en gedrach: ik haw de stavering wat oanpast
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: af:Wasbeerhond; tekstwiziging
Rigel 18: Rigel 18:
== Undersoarten ==
== Undersoarten ==
Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:
Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:
*''Nyctereutes procyonoides ussuriensis'', Sibearyske marterhûn
* ''Nyctereutes procyonoides ussuriensis'', Sibearyske marterhûn
*''Nyctereutes procyonoides procyonoides'', Sineeske marterhûn
* ''Nyctereutes procyonoides procyonoides'', Sineeske marterhûn
*''Nyctereutes procyonoides viverrinus'', Japanske marterhûn
* ''Nyctereutes procyonoides viverrinus'', Japanske marterhûn


Guon wittenskippers beskôgje de japanske marterhûn as in aparte soarte, basearre op ferskillen yn [[gedrach]], [[gromosoam|gromosoamen]] en [[lichemsgewicht]].
Guon wittenskippers beskôgje de japanske marterhûn as in aparte soarte, basearre op ferskillen yn [[gedrach]], [[gromosoam]]en en [[lichemsgewicht]].


[[Kategory:Hûneftige]]
[[Kategory:Hûneftige]]


[[af:Wasbeerhond]]
[[bg:Енотовидно куче]]
[[bg:Енотовидно куче]]
[[br:Rakoungi]]
[[br:Rakoungi]]

De ferzje fan 8 jan 2010 om 03.21

marterhûn, ek wol waskbearhûn neamd

De marterhûn (Nyctereutes procyonoides), ek wol waskbearhûn neamd, is in rôfdier út de famylje fan de hûneftigen (Canidae). De facht fan marterhûnen wurdt brûkt yn lúkse klean. Hy komt oarspronklik foar yn East-Aazje, mar tsjintwurdich libje ferwyldere eksimplaren ek yn Europa.

Kenmerken

In folwoeksen bist wurdt 50 - 55 sintimeter lang en de sturt is ± 15 sintimeter lang. Marterhûnen hawwe in gieleftich brune grûnkleur. Op de kop binne de bisten swart mei wyt, de poaten binne donker krektas in diel fan de sturt. De marterhûn hat in swart masker om syn eagen. Winterdeis krijt de marterhûn in dikkere facht en in fetlaach, wêrtroch't er der rûnen útsjocht as simmerdeis. Tusken septimber en novimber begjint de ûnderfacht te groeien, yn maaie en juny wurdt hy ferfongen troch in tinnere simmerfacht.

De marterhûn liket in soad op de net-besibbe waskbear, en kin maklik mei dit bist betize wurde. Benammen de kop, mei it opfallende donkere gesichtsmasker, liket tige op in waskbear. De waskbear is grutter as de waskbear, mei in koartere, igaal kleurde sturt en hat koartere earen.

Fretten en gedrach

De marterhûn is in nachtdier, dat dierlik én plantaardich fretten siket. Hy yt kjifdieren, amfibyën, hagedissen, fisken, ynsekten en fûgels mar ek fruchten, nuten en woartels. Mar ek ek ôfeart en ies. Yn de hjerst fret er benammen beien en oare fruchten.

Yn kâlde streken hâldt er grif in winterslipe. It is de ienige hûneftige dêr't dat gedrach fan bekend is. De marterhûn is yn de winter ynaktyf, mar syn lichemstemperatuer sakket net.

Marterhûnen binne monogaam en libje yn pearen of yn lytse famyljegroepkes mei de jongen fan it foarige nêst. De hoale is meastentiids in ferlitten hoale fan in foks of in oar bist. Ek makket hy in hoale ûnder beamstammen, yn tichte boskjes of tusken rotsen. Se binne net territoriaal. Oer it sosjale gedrach yn it wyld is net folle bekend, mar yn finzenskip hat bliken dien dat de bisten bannen mei oare marterhûnen oangean, en mei-elkoar ite, foar de welpen soargje en frjemdlingen oanfalle. Wylde en nuete marterhûnne lizze yn finzenskip latrines oan, dêr't alle bisten skite en mige.

De peartijd falt yn febrewaris en maart. De jongen wurde nei in draachtiid fan 59 oant 64 dagen yn april en maaie smiten. Der kinne 2 oant 19 welpen smiten wurde, mar meastentiids binne it 5 oant 8.

Undersoarten

Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:

  • Nyctereutes procyonoides ussuriensis, Sibearyske marterhûn
  • Nyctereutes procyonoides procyonoides, Sineeske marterhûn
  • Nyctereutes procyonoides viverrinus, Japanske marterhûn

Guon wittenskippers beskôgje de japanske marterhûn as in aparte soarte, basearre op ferskillen yn gedrach, gromosoamen en lichemsgewicht.