Lâningte fan Panama: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Fan nl.
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 des 2009 om 21.11

Lâningte fan Panama.

De Lâningte fan Panama is in lâningte, begrinzge troch de Karibyske See yn it noarden en de Stille Oseaan yn it suden, it is neamd nei it lân dêr’t it yn leit, Panama. De lâningte de ferbining tusken de wrâlddielen Noard-Amearika en Súd-Amearika en is likernôch trije miljoen jierre lyn ûntstien, yn de tiid fan it Plioseen.

Lykas in soad oare lâningten hat de lâningte in tige grutte strategyske wearde. Fanwegen harren lokaasje wie de Lâningte fan Panama dan ek tige geskikt foar de oanlis fan in kanaal. Tusken 1906 en 1914 waard hjir it Panamakanaal dolle. It kanaal krige in langte fan 81,6 kilometer en ferbynt sadwaande de Karibyske See mei de Stille Oseaan. Troch it kanaal waard de reis fan de eastkust nei de westkust fan Noard-Amearika mei de helte koarter.

Yn 1513 wie Vasco Núñez de Balbao de earste oermasterrer dy’t de lâningte oer gie. Hy koe fêststelle dat Amearika in wrâlddiel wie, omdat hy útkaam by de Stille Oseaan.