Lingua franca: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: In '''lingua franca''' is in taal dy’t op grutte skaal as mienskiplik kommunikaasjemiddel brûkt wurdt tusken minsken mei ferskillende memmetalen. Lingua franca komt fan it Latynsk...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 5 des 2009 om 15.40

In lingua franca is in taal dy’t op grutte skaal as mienskiplik kommunikaasjemiddel brûkt wurdt tusken minsken mei ferskillende memmetalen.

Lingua franca komt fan it Latynsk en waard foar it earst brûkt foar in fariant fan it Italjaansk, it betsjut letterlik “Frankyske taal”. It wie in mingde taal, besteande út ûnferbogen Italjaansk plus in wurdskat út it Italjaansk, Turksk, Persysk en Arabysk, en waard brûkt foar de kommunikaasje yn it Heine Easten. Tsjintwurdich wurdt de term brûkt foar eltse taal dy’t troch sprekkers fan ferskate talen brûkt wurdt om mei elkoar te kommunisearje.

Algemien

De oantsjutting lingua franca ferwiist meastentiids nei in taal dy’t oanleard is bûten de memmetaal fan de sprekker om, foar ynternasjonale hannel of oare útwreide ynterkulturele ynteraksjes.

Yn de westerske wrâld hawwe it Koinee, Latynsk en Frânsk allegear lingua francas west yn ferskate tiidrekken. Frânsk wie al yn de 17e ieu de diplomatike taal fan Jeropa en is júst dêrom de wurktaal fan in soad ynternasjonale ynstellings wurden. It Dútsk hat yn de 19e en 20e ieu yn guon parten fan Jeropa de lingua franca west. Ingelsk is de hjoeddeiske ynternasjonale lingua franca fan de westerske wrâld, it Frânsk wurdt bot bedrige as lingua franca fan de diplomatike wrâld.

Yn oare wrâlddielen hawwe oare talen de funksje fan lingua franca hân. Sa wie it Swahili yn East-Afrika de lingua franca, Russysk yn gebieten fan de âlde Sovjet-Uny, Hindy (tegearre mei Ingelsk) yn Yndia, Maleisks yn Súdeast-Aazje, Bislama op de Pasifyske eilannen en ferskate oare kreoal-Ingelske talen op oare plakken en yn oare tiden. Portegeesk wie de lingua franca yn Afrika en Aazje yn de 15e ieu en 16e ieu. It Mandarijnsk Sineeks is de lingua franca fan Sina wurden as taal dy’t sprutsen wurdt troch minsken mei Sineeske dialekten dy’t ûnderling net te ferstean binne.

Foarbylden

Arabysk

Arabysk is mei de tiid de lingua franca fan it Islamityske Ryk wurden, dat him ea útrekt fan Yndia oant Spanje. Yn de midsieuwen wie it Arabysk de taal fan de gelearden en der waarden in soad boeken skreaun yn de taal. It hat in soad ynfloed hân op talen as it Persysk, Turksk, Spaansk en Portegeesk.

Sineesk

It Sineesk hat lange tiid de lingua franca west yn it easten fan Aazje. It waard yn Sina, Mongoalje, Taiwan, Korea, Japan en Fietnam brûkt yn de ynteroerheids kommunikaasje.

Ingelsk

Op it stuit is it Ingelsk de wrâldwide lingua franca. It begjin fan de Ingelske oerhearsking fan de wrâld begjint yn 1919 mei de diplomatike ûnderhannelings nei de Earste Wrâldkriich, it Ferdrach fan Versailles waard doe yn sawol it Frânsk (wat oant doe de lingua franca wie) as it Ingelsk opstelt. Letter hat de taal him fierder ûntwikkele troch de globalisearring.

Frânsk

It Frânsk is de âlde lingua franca fan Jeropa. It ûntwikkele harren as lingua franca sûnt de 17e ieu en wurdt ek op it stuit noch in soad brûkt by ynternasjonale ynstituten. Tsjintwurdich wurdt de taal noch hieltyd as lingua franca brûkt yn parten fan West- en Sintraal-Afrika.

Afrikaansk

It Afrikaansk is in taal dy’t troch in miljoenen Súd-Afrikanen as memmetaal sprutsen wurdt. De status fan de taal yn Súd-Afrika hat te lijen fan politike en etnyske tsjinstellingen troch de apartheid. Yn de tiid fan de apartheid wie it Afrikaansk de offisjele taal fan it lân en de oerheid woe de taal as lingua franca ûntwikkelje. Nei de apartheid waard it Ingelsk rûnom akseptearre. It Afrikaansk wurdt hjoed de dei yn Nambybje brûkt as lingua franca.

Keunstmjittige talen

Troch de tiid hinne hawwe ferskate minsken besike in keunstmjittige wrâldwide lingua franca op te setten. Tocht moat dan wurde oan it Esperanto, Ido, Mondlango en Interlingua. Foarstanners fan dizze plannen binne fan miening dat in lingua franca sa sljocht mooglik wêze moat. Se sizze dat Ingelsk en oare natuerlike talen, trochdat se etnysk grûnfêste binne, net gaadlik binne foar in mienskiplike taal, omdat natuerlike talen swierichheden en eigenskippen hawwe dy’t de talen lêstich meitsje om oan te leare. Ek jout in natuerlike taal in foarsprong oan natuerlike sprekkers, wurdt it assosjearre mei polityk, ekonomy en kultuere oerhearsking troch de oarspronklike naasje fan de taal. Oant de dei fan hjoed is der gjin ien fan de keunstmjittige talen in slagge de lingua franca te wurde. Sels it ferkrije fan in grut tal sprekkers blykt lêstich. De grutste keunstmjittige taal, it Esperanto, hat nei alle gedachten 100.000 oant 2 miljoen minsken dy’t de taal hielendal machtich binne.