Mainz: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh-min-nan:Mainz
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tl:Mainz
Rigel 125: Rigel 125:
[[ms:Mainz]]
[[ms:Mainz]]
[[nah:Mainz]]
[[nah:Mainz]]
[[no:Mainz]]
[[nds:Mainz]]
[[nds:Mainz]]
[[nl:Mainz]]
[[nl:Mainz]]
[[nn:Mainz]]
[[nn:Mainz]]
[[no:Mainz]]
[[oc:Maiança]]
[[oc:Maiança]]
[[pdc:Meenz]]
[[pdc:Meenz]]
Rigel 143: Rigel 143:
[[sv:Mainz]]
[[sv:Mainz]]
[[th:ไมนซ์]]
[[th:ไมนซ์]]
[[tl:Mainz]]
[[tr:Mainz]]
[[tr:Mainz]]
[[uk:Майнц]]
[[uk:Майнц]]

De ferzje fan 30 nov 2009 om 15.31

Mainz is de haadstêd en grutste stêd fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz). De stêd leit op de linkerigge fan de Ryn tsjinoer de útrin fan de Main en telt 190.934 ynwenners (30-06-2005).

De binnenstêd fan Mainz is it besjen wol wurdich, mei as wichtigste monumint de dom fan Mainz, ien fan de trije Romaanske Kaiserdome oan de Ryn.

Mainz hat in mearsidige ekonomy. It stiet bekend as mediastêd troch de setels fan ZDF, SWR en 3Sat. Ek it haadkantoor fan Railion (earder: Deutsche Bahn Cargo) is yn Mainz fêstige. Yn Mainz is ek in universiteit.

Mainz is, op Keulen nei, de stêd der't yn Dútslân it karnaval it meast útskroeven fierd wurdt.

Skiednis

Mainz hat in lange skiednis, dy't werom giet oant de prehistoarje. Op it plak fan in Keltyske delsetting hawwe de Romeinen harren Moguntiacum stifte. Mainz wie al yn de 8e ieu in bisdom, dêr't de biskop ek wrâldske macht hie: hy waard ien fan de sân karfoarsten yn it Hillige Roomske Ryk. De biskop fan Mainz fierde de earetitel fan Primas Germaniae.

Mainz krige yn 1476 foar it earst in universiteit, mar dizze waard yn de 17e ieu sletten. De tsjintwurdige Johannes-Gutenberg-Universität datearret fan 1946. Hy is neamd nei de ferneamde boekprinter Johannes Gutenberg, dy't fan Mainz kaam.

Yn 1792 waard Mainz ynnaam troch Frânske revolúsjonêre troepen, dy't dêrnei de Mainzer Frijsteat útrôpen. Njoggen moanne letter waard de stêd werom ferovere. Yn de Twadde Wrâldkriich waard in grut part fan de stêd ferneatige. Nei de oarloch moast Mainz by de bestjoerlike weryndieling fan Dútslân de wiken oan de oerside fan de Ryn ôfstean oan Wiesbaden, dat sûntiids grutter is. Nei de oarloch waard de binnenstêd restaurearre, wêrby it midsieuwske strjittepatroan behâlden bleau. Bysûnder is het strjitnammesysteem út 1853: Alle strjitten parallel oan de Ryn hawwe blauwe strjitnammebuorden, de strjitten leadrjocht op de Ryn binne mei reade strjitnammebuordsjes oanjûn.

Yn 1958 wie yn Mainz it Universeel Esperantokongres.

Befolkingsûntwikkeling



Mainz en de Ryn yn 1900

Keppeling om utens