Meter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 24: Rigel 24:
[[Ofbyld:Platinum-Iridium meter bar.jpg|thumb|right|250px|''Ynternasjonaal prototype fan de meter, in stêf fan platinum-iridium. It wie de standert oant 1960.'']]
[[Ofbyld:Platinum-Iridium meter bar.jpg|thumb|right|250px|''Ynternasjonaal prototype fan de meter, in stêf fan platinum-iridium. It wie de standert oant 1960.'']]


Yn [[1875]] rjochte de ynternasjonale Metergearkomste (Convention du Mètre) in permanint [[Ynternasjonaal Buro foar Maten en Gewichten]] (Bureau International des Poids et Mesures)op yn [[Sèvres]]. In nije standertmeter waard makke. Op de earste CGPM (Conférence Générale des Poids et Mesures; Algemiene gearkomste foar gewichten en maten) waard yn [[1889]] de meter definiearre as de ôfstân tusken twa ynkepings op in staaf fan 90% platina en 10% [[iridium]], de saneamde X-meter, dy’t yn Sèvres bewarre wurdt. De opset wie in skerper definiearre meter te krije, de langte waard net feroare.
Yn [[1875]] rjochte de ynternasjonale Metergearkomste (Convention du Mètre) in permanint [[Ynternasjonaal Buro foar Maten en Gewichten]] (Bureau International des Poids et Mesures)op yn [[Sèvres]]. In nije standertmeter waard makke. Op de earste CGPM (Conférence Générale des Poids et Mesures; Algemiene gearkomste foar gewichten en maten) waard yn [[1889]] de meter definiearre as de ôfstân tusken twa ynkepings op in stêf fan 90% platina en 10% [[iridium]], de saneamde X-meter, dy’t yn Sèvres bewarre wurdt. De opset wie in skerper definiearre meter te krije, de langte waard net feroare.


===1960===
===1960===

De ferzje fan 29 nov 2009 om 14.28

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


De meter (m) is de SI-ienheid foar langte. Hy is sûnt 1983 definiearre as de ôfstan dy’t ljocht yn 1/299.792.458 fan in sekonde yn in absolút fakuüm ôfleit. De meter is ien fan de sân SI-basisienheden.

Troch in SI-foarfoegsel foar de meter te setten kinne mearfâlden en breukdelen oandúde wurd. Bygelyks kilometer (1000 meter; kilo- = 1000) en nanometer (in miljardste fan in meter; nano- = 1/1.000.000.000

Etymology

It wurd meter komt fan it Frânske wurd “metre”, wat op syn beurt wer ôfkomstich is fan it Grykske wurd “metron” (μετρον), wat “mjitte” betsjut.

Skiednis

De definysje fan in meter is yn de rin fan de tiid in stik as wat kearen feroare, omdat troch de ûntwikkeling fan de wittenskip de beskikbere mjitmetoaden krekter waarden dan de oant dan ta brûkte standertdefinysje. Dat de meter is (op wat útsûnderings nei) net feroare, mar krekter makke.

Hjirûnder stiet in gronologysk oersjoch fan de skiednis fan de meter:

1675

De Italiaan Tito Livio Burattini publisearre yn dit jier de Misura Universale, in wurk wêryn hy de meter fêstleit op de lingte fan in slinger dy’t beweecht mei in heale perioade fan 1 sekonde. Dit is neffens de hjoeddeiske noarm likernôch 993,9 mm.

1791

De meter waard yn 1791 definiearre troch de Frânske Akademy fan Wittenskippen, as it tsienmiljoenste part fan de ôfstân fan de noardpoal oant de evener, mjitten op seenivo, lâns de meridiaan fan Parys. Jean-Baptiste Joseph Delambre en Pierre Méchain fierden mjittings út. Salang de mjittings noch net ree wienen waard der in foarriedich model brûkt as standert.

1799

Nei’t yn 1798 de meridiaanmjitting ree wie waard yn 1799 in nije standert fêstlein, no neffens de krekt bepaalde meridiaanlangte. Dizze “mètre des Archives” is makke fan platina. Doe’t dizze letter 0,2 mm te koart blike te wêzen fanwegen in rekkenflater yn de ôfplatting fan de ierde waard de standert net wizige.

1889

Ynternasjonaal prototype fan de meter, in stêf fan platinum-iridium. It wie de standert oant 1960.

Yn 1875 rjochte de ynternasjonale Metergearkomste (Convention du Mètre) in permanint Ynternasjonaal Buro foar Maten en Gewichten (Bureau International des Poids et Mesures)op yn Sèvres. In nije standertmeter waard makke. Op de earste CGPM (Conférence Générale des Poids et Mesures; Algemiene gearkomste foar gewichten en maten) waard yn 1889 de meter definiearre as de ôfstân tusken twa ynkepings op in stêf fan 90% platina en 10% iridium, de saneamde X-meter, dy’t yn Sèvres bewarre wurdt. De opset wie in skerper definiearre meter te krije, de langte waard net feroare.

1960

Hja bleaunen sykje nei middels dy’t in skerpere definysje mooglike makke. De oplossing waard fûn yn de golflingte fan it ljocht fan in beskate stralingsboarne, dy’t mei de help fan ynterferometry krekt bepaald wurde kin. Nei ferskate stralingsboarnen ûndersike te hawwe, kaam men yn 1960 ta de nijkommende definysje: de meter is de langte lyk oan 1.650.763,73 golflingten yn fakuüm fan de strieling oerienkomstich mei de net-fersteure oergong tusken de tastannen 2p10 en 5d5 fan it atoom krypton-86.

1983

Yn 1983 is de CGPM op de hjoeddeiske definysje mei de ljochtemjitting oergong. De reden hjirfoar lei yn it feit dat tiidmjitting doe in stik krekter mooglik wurden wie troch it gebrûk fan atoomklokken. In foardiel is no dat de meter yn elts natuerkundich laboratoarium produsearre wurde kin.

Mei de hjoeddeiske definysje is ek de wearde fan ljochtsnelheid fêstlein op de op dat stuit meast krekte mjitten wearde. Sûnt dat stuit beynfloedzje mjittings fan de ljochtsnelheid de grutte fan de meter. De ljochtsnelheid yn fakuüm is no mei definysje krekt 299.792.458 meter de sekonde.

Yn it laboratoarium wurdt de meter doch bepaald troch it tellen fan it tal golflingtes. In gefolch fan de 17e CGPM wie dat de ûnwissichheid (de flater) yn de meter fiif kear sa lyts waard. It ljocht fan de mei joadium stabilisearre Helium-neonlaser waard de “rekommandearre strieling” om te meter te fine. De golflingte fan dit laserljocht wurdt no oanfurdige as λHeNe = 632,99139822 nm mei in relative standertûnwissichheid (U) fan 2.5 × 10–11. Dizze ûnwissichheid is no it beheinende ûnderdiel by it meitsjen fan de meter yn it laboratoarium, omdat it ferskeidene oarders fan grutte minder is dan dy fan de sekonde (U = 5 × 10–16). Dêrom wurdt yn de praktyk yn laboratoariums de meter sjoen as 1.579.800,298728(39) golflingtes fan it helium neon laser ljocht yn fakuüm.

SI-meartallen

Meartallen Namme Simboal Meartallen Namme Simboal
100 meter m      
101 dekameter dam 10–1 desimeter dm
102 hektometer hm 10–2 sentimeter cm
103 kilometer km 10–3 millimeter mm
106 megameter Mm 10–6 mikrometer µm
109 gigameter Gm 10–9 nanometer nm
1012 terameter Tm 10–12 pikometer pm
1015 petameter Pm 10–15 femtometer fm
1018 eksameter Em 10–18 attometer am
1021 zettameter Zm 10–21 zeptometer zm
1024 jottameter Ym 10–24 joktometer ym